SKIEDNISBYLDEN FAN FRYSLÂN
Yn it skiednisûnderwiis op de skoallen yn Fryslân hat lange tiid de skiednis fan ús
hiele lân, en dan benammen fan it wichtige Hollân, it útgongspunt west. Der waard
wolris wat fan de Fryske skiednis ferteld, mar dat wie meast te tankjen oan it entûsjasme
fan de ûnderwizer dy 't foar de klasse stie. Alle metoaden giene ek fan de Hollânske
skiednis út. De Fryske skiednis waard dêrby gauris ynliifd by de Hollânske. Tink
bygelyks mar ris oan de tiid fan it Grut Fryslân doe 't Fryske keningen regearden oer in
gebiet fan it Swin (yn België) oant Noard Fryslân ta (tsjin de Deenske grins oan). Folle
stof om op skoalle te behanneljen wie der ek net. Sûnt it MSU (Mienskiplik Sintrum foar
Underwiisbegelieding) úteinset is mei it sels meitsjen fan materiaal foar de skoallen yn
Fryslân waard dat wat oars. Dat materiaal koe brûkt wurde by de Fryske skoalleradio en
"Teleboerd" útstjoeringen. Dat wie lykwols in hap en in snap út de skiednis.
Pas yn 1985 doe 't in wurkgroep begûn oan it gearstallen fan lessen yn it ramt fan
"Skiednisbylden fan Fryslân" kaam der wat lijn yn. Dizze metoade, meast
kronologysk fan opset, behannelet yn 50 lessen de hiele Fryske skiednis en is geskikt foar
de boppebou fan de basisskoalle en de earste klassen fan it ferfolchûnderwiis.
De hiele metoade bestiet út: 50 lessen ferwurkingsstof, in hantlieding, boekjes mei
ferhalen en koarte ienfâldige lessen (dit fjirde ûnderdiel moat noch ferskine). By de
metoade binne hiel goed de tillevyzjelessen te brûken dy 't it MSU útstjoert en yn de
rin fan de jierren al útstjoerd hat (op de tiisdei-temiddei fan 14.00 oere ôf).
De 50 lessen binne al earder ferskynd mar dit jier komme de boekjes mei ferhalen op de
merk. Dizze ferhalen binne geskikt om foar te lêzen as bern sels lêze te litten en passe
by de 50 earder ferskynde lessen. Se kinne in ynlieding wêze as in ferdjipping fan de yn
de lessen behannele learstof. Bern kinne har prachtich ynlibje yn de helden dy 't in rol
spylje yn de ferhalen: yn de measte ferhalen spylje bern de haadrol. Yn guon ferhalen is
ek keazen foar de anti-held as haadrolspiler De leden fan de wurkgroep ha dizze ferhalen
skreaun om 't der op dit mêd eins neat is foar de skoallebern, se binne doe sels mar
útein set. De earste ferhalen, oer de âldste skiednis fan Fryslân, kinne oeral yn
Fryslân spylje, mar de measte ferhalen binne op in bepaald plak lokalisearre, men kin oan
de beskriuwing fernimme dat it oer in bepaald plak giet. Om 't kollega-sneuper Reinder
Postma in protte fan de ferhalen (de measte!) foar syn rekken naam hat, spylje der nochal
wat ferhalen yn ús omkriten. It soe dus foar ús leden oan te rieden wêze om harren bern
dizze boekjes lêze te litten: se komme dêryn in hiele protte te witten oer de skiednis
fan de eigen omkriten. Foarbylden fan ferhalen út ús omkriten:
8. De Friezen en de krústochten: spilet yn Dokkum at yn 1217 it krúsleger fuortsylt
9. De kleasters: Sytse op besite yn it kleaster Klaarkamp (De Geast)
15. De tachtichj. oarloch: Geuzen yn de stêd Dokkum
21. De Fryske Admiraliteit Dokkum
27. De Frânske Tiid: Giet oer it Kollumer oproer yn 1797
32. De fersteurde tsjinst: In gearkomste fan dolearjenden yn Ie, 1890
33. De Walfiskfeart: Spilet op it Amelân, ek út de Dongerdielen kamen in protte
walfiskfarders
35. Earmoed yn it fean: De heide by Surhústerfean
36. Fiskerij: It bekende ferhaal fan Gerben Basteleur fan Moddergat
40. De krisisjierren: It oanmeitsjen fan lân yn de wurkferskaffing.
"Ezelsbokkewurk" efter dyk by Peazens
45. De befrijjing Striid fan de BS tsjin de Dútsers by Dokkumer Nijesilen
48. Striid tsjin it wetter: De keningin komt op besite by de Lauwersseewurken
50. Dyn eigen ferline Fokke Jans, hynstekeapman te Kollumersweach
Deze site hoort frames te bevatten. Ziet u geen frames, klik dan hier.