
ACHTTSJINDE IEUSKE KRIMINALITEIT YN DE WALDEN.
Yn Achtkarspelen, Dantumadiel, Hearrenfean, Kollumerlân,
Opsterlân, Smellingerlân, Stellingwerfen, Tietsjerksteradiel
en Utingeradiel, út de Bylagen fan de Kriminele Sentinsjes
fan it Hof fan Fryslân, 1700-1811.
Yn it ramt fan it Wâldeplan ha wy de Kriminaliteit yn de Wâlden
ris neigien. It koene fansels mar koarte úttrekselswurde, sa to sizzen in hap en in snap. Net alle gefallen komme yn dy bylagen foar.
De inkelden dy' t der net yn foarkomme moat men yn de Kriminele
Sentinsjeboeken sykje.
Yn dy bylagen lizze hiel tsjokke dossiers, meast mei in greate
smite tsjûgen. Dêr binne dan de âlderdom en it birop by oanjown,
hwat men oars om 'e nocht earne sykje sil.
It earste nûmer is dat fan de portefeuille, de datum is dy fan it fonnis, dat op it omslach fan it dossier foarkomt.
As immen ûntslein waerd, is dêrmei net sein, dat hy of hja yndied
ûnskuldich wie. Mar de oanklager koe net altyd it trochslaende biwüs leverje. Ek spilen de advokaten faek in bilangrike rol om de
persoan frij to krijen.
De lytse gefallen waerden ôfdien foar de Nedergerjochten.
Yke
Sjoerds fan Boarn b. g. hat 2 linnen ruften stellen en wurdt fan it
Hof foroardiele ta strang giseljen en 3 jier tichthûs, 1745. De oanklager seit dat hja in jier earder in dei op wetter en brea yn 't
hounegat sitten hat. Hja seit " dat niet in 't hondegat, maar in de
Toorn op water en broodt heeft geseten". Der wurdt wol gauris
by oanjown hokker dei it wie, op snein, moandei, ensfh. Ut hwat
de biklagen ta har forûntskuldiging ynbrochten, mei men wol ôfliede, dat hja dat meast yn 't Frysk dien ha. Soms probearre de
amtner it sa goed sa kwea yn 't Frysk del to skriuwen.
Yn sommige dossiers sit in brekizer, in boekje, faek brieven,
itensfoarken, in lapke stof, leppels, lommertbriefkes, lotterijbriefkes, in mês, oranjelint , soms ek in plattegroun fan in hûs
en lân, ensfh.:
Inkelde priuwkes fan hwat men yn dy bylagen tsjinkomt:
Banderdoar: Dêrtroch is Cornelis Wytses yn 1719 der ynkommen.
Klaas Jillings hat yn 1803 to Easterwâlde de "banderdeuren"
iepenbrutsen. Sicke Alberts wie yn 1722 der ynkommen
"door 't Banserders deur venster".
Biboetsje: Berent Claessen kriget boppe de kosten in boete fan 50
gouden Fryske Riders (fan f 14. --) om 't er yn 1706 de moalbilêstingen ûntdûkt hat. Jan Elzes Kiestra kriget yn 1797 in
boete fan 200 gouden Fryske Riders.
Syne Keimpes kriget foar tabakslûkjen yn 1707 in boete fan
50 gouden Fryske Riders, mar om't er net bitelje kin, wurdt
er strang gisele en foar 3 jier band. Age Sipkes moat yn 1750
binnen 14 dagen 1000 goudgounen fan 28 stûren bitelje. ensfh.
Bidde om oproer: Jelle Johannes to Moarmwâld yn 1789 "dat hij
dagelyks bad om oproer, dan zou de ontvanger Raap er eerst
aan, die plaagde hem meer, dan de duivel".
Gerrit Sierks sei yn 1758 dat er wol woe dat de grytman mei
de bysitter; "glandigh by de lugt langs vlogen".
Kornelis Baukes sei yn 1806, dat er dyselde dei in duivel
wurden wie, "en dat zoo veel last tot klappen hat, dat hem
de bonken rattelden".
Bilêsting ûntdûke en de quotisaesje net bitelje wolle!
Age Sipkes, foar slûkjen en bilêstingûntdûken en de bysitter
bidrige. Mart jen Lammerts yn 1749; doe 't eksteur kaem
"te vorderen de resten der quotisaesje" wie in part fan it
hûsrie al fuort. Hja joech har soan Durk de wink, en dy helle
de buorlju op. Yn dy gefallen kamen de buorlju meast al gau,
om it ynfoarderjen to bihinderjen, ensfh.
Brake: Attie Foockes, 29 jier, is de frou fan Tys Jans to Burgum,
en hat Wytske Martens syn frou trije dagen holpen to braken
yn 1755.
Michiel Jetses hat yn 1808 út in braekhok to Hallum en Marrum spullen stellen.
Breahear: De breahear en -frou waerden noch alris bistellen. Mar
ek wie it sa, as hja hwat misten, dan waerden de boaden it
earst fortocht: b. g. Willem Alberts, hat by de brân fan grytman Haren syn hûs, meiholpen in lyts "Cabinetjè", mei gâns
in smite gouden en sulveren medaljes, to rêdden. Doe't der
in plankje los rekke binne der medaljes útrûgele. Willem
waerd biskuldige dat hy der fan efteroerdrukt ha soe, mar
wurdt fan it Hof frijlitten.
Ek waerd der wol gauris op namme fan breahear en -frou
hwat kocht, en ek wol op namme fan oaren.
Drankmisbrûk: kaem hiel folle foar, en dan koene se de froulju wol
ris min mei rêst litte. Foar it Hof ûntskuldigen se har meastal, dat se doe dronken wiene en net mear wisten hwat se krekt
dien hiene.
Flechtling helpe: Hiltje Martens hat in flechtsjende joad, Hertz,
ûnderdak jown.
Dêrfoar kriget hja 1 jier tichthús.
Forswije: As de man stellen hie en de frou hie der weet fan, mar
joech it net oan, dan waerd hja moai swier straft. Omkeard
fansels lyksa.
Popk Uylkes har man is yn 1727 yn 't tichthús stoarn. Hja hie
har stil hâl den dat har man stellen hie. Nou moat hja yn 1728
twa jier yn ‘t tichthús.
Frijheitsbeam: Hanne Hendriks, 21 jier, hat yn 1795 oan Jelte
Jelmers frege, hwat de frijheitsbeam winliken to bitsjutten
hie. "dat die Boom beteekende Liefde en Broederschap, en
dat men goed onder elkaar moest weezen".
Pier Freerks, 22 jier, en Sybe Jans, 19 jier, ha yn 'e nacht
fan 29 op 30 april 1798 it stekje om de frijheitsbeam sloopt
en de beam omkappe, ensfh.
Gesangen: Yn 1807 joech ds. Ysak Sannes fan Bûrum syn gemeente
op om to sjongen gesang 81. Doe't de skoalmaster dat ynsette, song de gemeente psalm 119 fers 1 en 2. Doe joech
dûmny it nochris op en drige dat as hja it net songen, hy de
tsjinst forsteurd achte. Mar hja songen wer psalm 119. Dêrfoar waerd Lubbert Jans Schroar, 30 jier, foroardiele boppe
de kosten en in healjier band.
Geboadens: In boargerlike stân wie der noch net. Faker as ienkear
kaem it foar, dat immen op mear as ien plak tagelyk mei in
oare faem ûnder de geboadens gie. Ek wolris dat in troude
man mei in oaren ûnder de geboadens gie.
Hier: Soms kin in boer de hier net opbringe en lit de pleats pleats.
Antie Jelts en har man Feijtse Pieters to Twizel koene it net
langer bolwurkje en ha de pleats forlitten, mar wurde fan it
Hof ûntslein.
Hiltje Tjeerds en Jeen Annes, binne yn 1750 fan har pleats ôf-
roun en krije beide twa jier tichthús.
Dirk Pieters Swigt hat syn fé mar fêst forkocht en de pleats
pleats litten.Hy wurdt foar 2 jier band.
Hillich Jounmiel: Der wurdt wol gauris ûnder tsjerktiid stellen.
Mar Teecke Hendriks to Droegeham makket it yn 1720 folIe
slimmer. Wylst ds. Renicus Bourboom it hillich jounmiel
bitsjinnet, nimt Teecke it brea út de skûtel en smyt dat nei
dûmny en de tjerkeriedsleden. Hy wurdt út de tsjerke set, en
kriget fan it Hof 4 jier tichtús.
Húsbisyk: Kûper Tijs Cornelis to Easterwâde hat yn 1722, doe't
ds. Nauta mei syn âderling Evert Rimmelts dêr húsbisyk
die, har mei de fûst omheech bidrige. In oare kear hat er
dûmny útskeld foar: "Douw Rekel, Schelm, Vagebond, gauwdief ensfh. Hy kriget 2 jier tichthús.
Húskiste: Jan Gerryts is yn 1747 de nachts to Boarn "by het dach
des huisinge de nagts opgeklommen, de huiskiste" iepenmakke en sa yn 'e skuorre slagge.
Hutte: Ringer Hendriks "de hutte van Boekweitstroo" dy't er sels
makke hie.
Ingelsken: Lubbert Floris yn 1799 "met een sloep eenige Engelschen
te Vierhuis is aan de wal geweest". Yn opdracht fan dy Ingelsken hat er op wacht stien, ensfh. Wieger Harmens Zok fan
Rotsterhaule, is gau op dy Ingelsken taset. Hy roun mei de
sloep op en hat mei oaren roppen: "Hoesse oaranje boven?
Dêrfoar wurdt er foar 5 jier band.
Jild: Der waerd gauris jild stellen, fan de breahear en by ynbrekken ensfh.
Klokliede: Yn de Frânske tiid waerd der wol gauris immen twongen
om de klok to lieden.
Koalsiedterskje: Alle Tjeerds fan Bûltenpost, hat yn 1796 it findel,
dat by 't koalsiedterskjen brûkt waerd, pachte. Hy boun der
in oranjelint oan en dat hat doe by 't terskjen de hiele dei op
't lân stien.
Lantearne: Sytse Alles brocht yn 1760 in faem thús, mei in lantearne.
Lommert: It kaem noch al gauris foar, dat men stellen spul nei de
Lommert brocht, of dêrhinne bringe liet. Yn 1803 hat Wybe
Annes, in man fan 70 jier, In sulveren horloazje stellen mei
in koperen kast en in sulveren ketting.
Yn 'e lommert krige hy 9 goune op it horloazje en it lommertbriefke forkocht er foar 10 stûren.
Longproef: As in frommis in bern oerwoun, dan hjitte it wol gauris
dat it bern dea berne wie. Rinske Botes hat yn 1749 wer in
bern oerwoun en dat is yn it wetter foun. De dokters forklearje: "Dat men uijt het Drijven der Long op het water niet
kan vast stellen, soodanig een kint, wiens Long 't is, te hebben geademt, overmits de bederving de Longe schijnt te
kunnen drijvende maken".
Tryntje Poppes 1761. "de longen etc. uit de Borst (fan it
bern) genomen in 't water geleegen hebbende, op het zelve
drijvende sijn gevonden ". Dat wie fan har breahear.
Nachtbiddelje: Dat waerd folle dien en dan gie it noch wol gauris
op in driigjen en stellen. Soms giene se elk mei in houn to
nachtbiddeljen. Hwat der oproun waerd, ha se dan faek wer
yn drank omset.
Neilen knippe: Jan Eelses hat de frou fan hospes Binnerts Jans
bûten de Wâldpoarte to Dokkum, twongen him de neilen to
knippen.
Oerwoune bern: It kaem hiel faek foar dat in faem in bern oerwoun.
De forwekker hie dan wol tasein dat er har trouwe soe, mar
liet har meast sitte.
Ek troude manlju leine it wol mei oare froulju oan.
Arentje Phillippus krige as troude frou in bern fan in oare
man, dat fan de buorlju dea op bêd foun waerd. Strang gisele, 7 jier tichthús en dan noch foar 7 jier band.
As de man in jiermannich yn 't tichthús siet en de frou krige
dan in bern, dan waerd hja der gauris fan biskuldige dat it
fan in oare man wie. Mar dan hâldde hja meastal út, dat it
fan har eigen man wie, dy't se yn 't tichthús faek bisocht hie.
Sjoukje Haijes wie troud oan de Dútsker Coenraad Sterk.
Hja lokke Timotheus Zylstra by har yn 'e hûs. Fuort dernei
kaem har man der yn en doe twongen se him om in skuldbikentenis to tekenjen fan 100 daelders, om't hy it mei har
oanlein ha soe. Hja strang gisele, branmerke en 5 jier tichthús en dan noch 5 jier band. Hy wurdt strang gisele en kriget
4 jier tichthús.
Oranjeroppers: As hja in sneedtsje yn 't ear hiene mochten hja
graech ris oranje roppe, en ek wol mei oranje om 'e hoedrinne. Foar it Hof ûntskuldigen se har, dat se dronken wiene
en net krekt mear wisten hwat se sein hiene.
J. M. Hoofmans song: "Wy singen Wilhelmus van Nassauw, en
niet anders als tot spijt van jou. Wy singen Wilhelmus van
Nassauw, verdomde Keesen wy schyten in jou, al is ons Prinsje noch zoo klein, eevenwel zal hy Stadhouder zijn".
Soksoarte lietsjes waerden der gauris songen. Hy kriget 2
jier tichthús. Soms twongen hja immen de hoed ôf to setten
en oranje boppe to roppen.
Eise Jans Pool roun mei in oranjelint om 'e hoed. Eksteur
hjitte him dat der ôf to dwaen. Mar Eise sei "dat de vrijheidsboom thans was opgerigt en andere mensen met groene takken
van dien boom aan hunne hoeden liepen, dat hy ook geneegen
was syn oranjelintteeken af te leggen en te houden, mits dat
dy takjes ook door die andere menschen wierden afgelegd".
Hy moat 8 dagen op wetter en brea.
Patriotten: Skûtfarder Roel Wouters fan Drachten hat yn 't "roodhart" to Burgum roppen "vivat Oranje!" Ek hat er sein
"Dat de Landopvreters wel mogten worden opgehangen en dat
daartoe genoeg boomen te Leeuwarden waren.
Hy kriget 5 jier tichthús.
Yppe Bokkes, timmerman to Drachten, is 62 jier en sei dat
de Gemeenterie bistie neffens him út "schelmen en grootste
gauwdieven die immer bekend waren geweest en voor Land-
verraders, dat de Patriotten alle moesten worden opgehangen.
Dat hy een galge wilde bouwen van drie uur gaans". Wurdt
1 jier band.
Reedride: komt ek wol gauris foar.
Rottekrûd: Heyne Tieskens hie to Dokkum-foar in stûr rottekrûd
kocht en dat yn 1721 yn in koeke bibakt en hat dat syn frou
opite litten. De oare deis is hja stoarn.
Janke Johannes hat yn 1756 op redens nei Dokkum west en
dêr rottekrûd kocht. Thúskommen woe se noch mei har man
reedride, mar dy woe net. Doe hat se him in boltsje jown,
dat him nei in pear happen net smakke. Hy is nei syn boer
gien en op 'e bûthúsbank lizzen gien. De boerinne joech him
fiks hwat raende bûter to drinken "waarop hy geweldig heeft
gebraakt". Hwat der noch fan it boltsje oer wie "met schier
wit goed" hat er yn 't fjur smiten, dêr't de lôge daliks útsloech.
Skelnammen: De skelnamme wurdt der yn de bylagen meastal by
Neamd. Claas Berents alias spinmuis; Jannetje Alberts alias
Jenne, Pijter Een oogh, Pijter Bij de Banck; Speck Egberts;
Pieter Andries alias Peke Staelwin; Pieter Hendriks alias Timp;
Riemer Tjeerds, yn 'e wandeling, Riemer But je; ensfh.
Skieding fan tafel en bêd: Aaltje Meines seit dat hja 3-4-1797 skieden is fan tafel en bêd.
Stembier: Claes Dirks fan Feanwâlden moast op wacht fanwege de
stimmerij. "Dat op het Stembier van de Heer Grietman een
seer groote menigte van mensen door twee Bierdragers zijn
genodigt, selfs mannen en vrouwen en van zeer gemeen volk.
Dat egter zulks nooijt voor deesen gebruickelijk is geweest,
1741".
Slûkjen: Dat waerd almeast manmachtich dien, tabak en sterke dranken
oer de grins slûkje. Dêr hiene de chergers of bilêstingamtners hiel hwat mei to stellen. En dy't yn har hannen foeI
krige swiere straffen.
Tútsje: Doe't Geale Harmens yn 1787 ophelle wurde soe, sei er
tsjin syn jongste: "pop geeft heit nog een tuitje".
Janke Johannes seit yn 1756 fan har man: "en als sij hem
wilde kussen met affkeerigheit weggestoten".
RoeI Jans kaem yn 1762 fan Ljouwert en helle in jongfaem
yn. Earst woe er in tútsje fan har ha, doe’t hja dat net woe,
smiet er har oer de groun.
Roelof Jans túte yn 'e bywêzen fan syn eigen frou in oarenien.
As hja der hwat fan sei,makke dat him daliks breinroer en
drige hy har deadzje to sillen. Hy kriget 3 jier tichthús.
Hwat der al sa stellen waerd.
Yn de Bylagen is meastal moai wiidweidich omskreaun hwat der
al sa stellen wie.
Alles oanjaen soe tofolIe plakromte freegje.
It stellen guod waerd wol gauris wer trochforkocht om aan sinten
to kommen of ek wol om der hwat oars foar to keapjen.
Gauris waerd der yn 'e lette joun, mar ek wol ris oerdei, spul fan
in bleek stellen.
Amers fan koper en hout, apels út in hôf, bargen, in bargetrôch,
bêdden, b.g. Luitje Claesen "een Bed met twee groove hijden Laakens, een rood gestreept spaanse deeken met linnen gevoerd".
Bûgeltassen, bibels mei sulveren heakken en bislach, in biermingel,
bijekuorren, almeast mei bijen, bjirken, boeken, b. g.: Johannes
Jans stiel fan ds. Cuperus "eenige griekse en latynsche boeken",
boekwyt, in boat, in bout, faek bûter; Hendrik Jeremias stiel yn
1783 "een zak vol Roomsche boonen".
Earizers, meast fan sulver, Earnen amers, "eeken pooten", eidekettings, einen elsebeamkes.
Foarskoat, fokken, fûken.
Geern, "linnen geern", Gêrs, Gerdinen: Geertje Nutterts "een paar
blauwe gordijnen met een rabat, omzet met rood", in Gripe.
In harhammer, in harspit, himden, himdrokken b.g. Wybren Annes
yn 1743 in himdrok mei 36 sulveren knopen, hikkepeallen, hinnen
en hoanne b. g. Lammert Hendriks in hoanne en 4 hinnen "alle
goudlakens van veer en met swarte toppen op de kop" hjouwer, b. g.
Cornelis Sjoerds twa ljippen, dy't er to Grins ta groat pelle liet,
horloazjes, hout, hoazzen b. g. Ymkjen Gales "drie paar halve
swarte kouzen of sokken", hunich, hynders, mei omskriuwing fan
kleur, ensfh., hynstedekken.
Iel, ierapels, meastal út in heap b.g. Lammert Rutgers, 100 kuorfol, 'gele winter aardappelen'. ïken beamkes, izerspul.
Jild, meastal mei de omskriuwing fan de soarte.
Kij, ek mei omskriuwing; kannen fan tin, kleanspul, knopen, fan
goud, sulver en "paerderhairen knopen", koeke, b. g. út merkekreammen, koekemes, kuorren almeast mei bijen, kninen, knyptange.
Lammen, lead, learzens, lekkens, in leppe, lûken fan in skip.
Moal, moffen, mouneseilen
Nôt, nôtsekken.
Pikelfleis, pipemuten, planken, ploechparse, pôt fan izer, preammen, psalmboek.
Reid, snijd op in oar syn gerjochtigheit, redens, rierren, rikke
fleis, rokken, ruften.
Seadden, seilen, seinen, skiep, Fryske en Drintske, skieppefluezen
en dan sizze dat se dy fan in frjemde kocht hiene, skieppebout,
skieppewol b. g. Hendriks Hanzes "de wol gescheurd en alsso geropt van twee Vriesche Schaapen een wit en een swart", in skeakel,
stellen fan ds. Edema, skelken, skinke, skuon, meast mei sulveren gaspen, slotsjes fan goud mei stringen kralen, sparren, spek,
spikers, sûker.
Tabak, tabaksdoaze, tip- en oare mûtsen, trachters, tsjettels almeast koperen, turf. Wasktsjettel, weinen fan in boer, woarsten,
wylgen tûken, ensfh. Ensfh.
Albert Hattums hat yn 1787 yn De Falom west yn 'e Herberch by
"het uitsmijten van St. Pieters Bollen".
Geertruyt Roberts en har hiene in dounsskoalle en lieten jongelju
"met de kaart en op het verkeersbord spelen".
Johannes Jans stiel fan Commys Luinstra "een soo genaemdt tijpelspel in een houten doosje" yn 1753.
Hiel faek waerden de lju der 't hja in nacht sliepe mochten fan dy
sliepers bistellen.
Bidlers rounen ek wol gauris mei almanakken en lietsjes to súteljen.
HOKKER STRAFFEN
De straffen wiene faek tige ûngelyk. Wol waerd der rekken mei
hâlden oft by 't stellen, de doarren, blinen en finsters goed ôfsluten wiene. Oft der dus ynbrutsen wie, ja ofte né.
Soasiale soarch lyk as wy dy kenne wie der net. De earme drommels moasten har mar sjen to rêdden. Ut earmoede waerd der in
bulte biddele en ek wolris stellen.
Hinke Durks hat 3 bern oerwoun en krige yn .1791 wyks 5 stûren
ûnderhâld fan de Burgumer earmfâden.
Elske Pieters is 20 jier en fortsjinne boppe de kost deis in stûr.
Sjeuke Hendriks fortsjinne yn 1776 jiers 6 goune boppe de kost, mei
twa himden en in pear skuon, en seit dat hja net genôch to iten krige.
Sokken krigen dan wolris lange, fingers.
Soms waerden jonge bern der troch har âlden op útstjûrd om to biddeljen en to kapen, as men de bern leauwe mei, lyk as Sjoertje
Jans, 11 jier.
TAMTEARJE
In finzene dy't net bikenne woe, lykas Idske Sakes yn 1735: "De
gevangene tot scherper examen gebragt ende met duim ijsers en
scheenschroeven geturtueerd zijnde, ende daar op, op de reckbank gebragt, en eenige malen 't rad omgedraaijd sijnde" jowt dan
frij fan bannen en pine ta".
Sicke Alberts op 20-1-1722 "dat hy met duijmijzers en scheen-
schroeven sol wordengetortueerd.
DEASTRAF
De deastraf is fan it Hof yn dit tiidrek net sa faek útsprutsen.
Alle Harmens yn 1803, oan 'e galge.
Berentie Jans wurdt yn 1731 fordronken.
Froukjen Haijes wurdt yn 1736 fordronken.
Gerke Dirks yn 1765, oan 'e galge.
Hut, Jan Hendriks yn 1803, oan 'e galge.
Jacob Harmens yn 1753, oan 'e galge.
Karst Saeckes yn 1701, oan de galge.
Jan Binnes yn 1797, mei it swurd.
Jan Eyntjes yn 1717, oan 'e galge.
Jannettje Alberts yn 1718, oan 'e galge.
Mints Jans yn 1709, fordronken.
Reinder Karsten yn 1803, oan 'e galge.
Salomon Levi yn 1798, mei it swurd.
BRANMERKE
Brânmerken kaem, nei't de persoan gisele wie, nochal gauris foar.
Gerke Eedzes is yn 1805 27 jier. Hy hat dan "eenige lange bonte
turf' stellen en wurdt dêrfoar 1 jier band. Yn 1807 mei oaren oan
it stellen west. Mei de strop om 'e hals strang gisele, brânmerke
mei it teken fan de galge, 7 jier tichthús en dan foar ivich band.
Pieter Andries yn 1807 foar ynbrekken en stellen: Mei de strop om
'e hals mei 5 roeden strang gisele, brânmerke mei it teken fan de
galge, 10 jier tichthús en dan foar ivich band.
GISELJE
Giseljen wie der hast altyd by. Soms stiet der by mei 4 of mei 5
roeden. Dat wie dan swierder as gewoan. Wy binne mar ien gefal
tsjinkommen hwer’t by stiet hoefolIe slaggen der taparte waerden.
Dat wie yn 1808 it gefal mei Klaas Annes de Haan. "Ik weet mijn
voorland wel, het is maar om 48 slagen te doen en daar geef ik niets
om, dat kan ik wel uitstaan en meer kunnen ze my niet leren".
Soms waerd immen twa sneonen efterelkoar gisele lykas Lieuwe
Pyters.
Ek kaem it foar dat it giseljen en brânmerken net trochgie, om 't
it frommis meikoarten in bern forwachte, of "by vallende ziekte".
Nei ús bigripen waerden jonge bern foar lytse forgripen foar 't bleate efterkertier oer de baer gisele. Soms moast dat fan de mem
dien wurde.
Andries Hendriks is 13 jier en hat mei oan it bjirken stellen west.
Moat fan syn mem op de rjochtkeamer oer "de baer pueriliter gecastigeert" wurde.
Hylke Jans is 11 jier en hat ynbrutsen en der in stik brea ôfsnijd
en der "strooijzuiker" op dien en noch 5 goune oan jild stellen.
Lyksa fan syn mem op 'e rjochtkeamer straft.
Bonne Oenes is 14 jier en hat op namme fan syn boer by de Jistrumer bakker "op de kerfprik heeft gehaald twee geheele brooden".
Ek hat er noch mear úthelle "Over de bare gegeeselt te worden"
en dan 8 dagen op wetter en brea.
Jan Tijssen hat mei Tijs Johannes de earmebus op 't Drachtser
tsjerkhof plondere dêr't 14 stûren yn sieten. Hy wie 12 jier en
wurdt "pueriliter gecastigeerd", 1802.
Op 't skafot to pronk stean.
As immen falsk tsjûge hie, waerd er al gauris op 't skafot oan 'e
peal boun, mei in papier op it boarst hwat er dien hie.
Aaltje Poppes en har man Rutger Gaatses ha in falsk tsjûgenis ôfLein. Hja moatte earst in healûre to pronk stean mei in papier op
't boarst: “valsche Getuige en Meinedige”.
Douwe Jans yn 1795 in kertier; Folkert Gerbens yn 1808 in kertier;
Hessel Fokkes yn 1807 mei giselroeden boppe de holle en op 't
boarst: “D i e f". Jantie Karels yn 1808 in kertier; Roodrok, Hen-
drik Jans yn 1710 in healûre mei op 't boarst "De Gewaande waarsegger" en om 'e hals briefkes “met characters met eenige bloedletters ondergeschreven”.
Dat to pronk stean sille de measten it net op bigrepen hawn ha. De
joad Izaäk hie it Mayke Hendriks lêstich makke yn 1757 en freget
dat se it net rounkrantsje wol "dan moet ik de rode Leeuw in de
bek zien”. (It Ljouwerter stedswapen).
OP WETTER EN BREA
It tal dagen op wetter en brea wie tige ûngelyk. Wol 3 dagen, 4, 6,
8, yn 12 dagen twaris 4 dagen, yn 12 dagen twaris 5 dagen, 10
dagen, 14 dagen wie meastal yn 3 wike twaris in wike, yn 15dagen
twaris in wike, yn 16 dagen twaris in wike, yn 25 dagen trijeris
in wike, yn 4 wiken trijeris in wike, yn 5 wike trijeris in wike, yn 5 wike fjouwerris in wike, ensfh.
Ek jonge bern moasten op wetter en brea.
Jacob Hendriks is 11 jier en hat roun to biddeljen, 8 dagen op wetter en brea.
Gerrit Sijmens is 12 jier, hat stellen en seit dat syn suster en
"steenmoeder" der him ta oanset ha Moat 8 dagen op wetter en
brea.
Sjoertje Jans is 11 jier en moat foar biddeljen 8 dagen op wetter en
brea.
Taatie Tijssens hat in "zeeuwsche Rijksdaelder en een goudgulden"
stellen. Hja moat 8 dagen op wetter en brea " en gedurende dien tijd
afzonderlijk in een hok geplaatst te worden".
TICHTHUSSTRAF EN UTBREKKE
De dûtr fan tichthússtraf wie tige ûngelyk, soms in fearnsjier, soms
10 jier, ensfh.
En der gie meast earst al strang giseljen oan foarôf. Nei it útsitten
faeks noch foar jierren band en soms foar ivich.
Men kin it fan tinken wol ha, dat der faek bisocht waerd om út it
tichthús to brekken. Dat slagge ek wol, mar lang bleauwen de meas-
ten net frij. Dan wie it wer giseljen en dêr tichthússtraf oerhinne.
Sa wie it ek mei bannen. De measten kamen binnen de tiid werom.
Dan wie it giseljen, tichthús en dan de tiid dy't hja noch togoede hiene
wer band en ek wol dêr noch in tiid oerhinne.
HAT IT STRAFFEN HOLPEN
Ha de faek swiere straffen, ek foar lytse forgripen, meiholpen, de
straften letter op 't goede paed to krijen?
Wy moatte fansels wol bitinke, dat der doetiids gjin reklassearring
wie.
Hwat de tsjerken der oan dien ha om de ûntsleinen op to heinen, wy
witte it net, mar wierskynlik sil it net folIe west ha.
Hat dat faeks mei de reden west, dat sa folIe ûntsleinen har mar al
to faek daliks wer op it stellerspaed bijoegen?
Of siet it stellen somliken yn 't bloed lykas de húshâlding fan Albert Hattums, dy't op in stuit allegear yn 't tichtús sieten en sa
foar en nei hiel hwat úthelle hiene, oan de mem ta.
Fierders geane hjirby de pear spesialisearre listen om it gehiel
hwat oersichtliker to meitsjen.
Fan de njoggen WâIdgritenijen is apart oanjown fan elke gritenij it
tal finzenen en straffen.
De oare list is fan de earste 17 jier oer hiel Fryslân fan 1700 oant
1716.
Ljouwert 6-10-1965, R.S. ROARDA.
ACHTTSJINDE IEUSKE KRIMINALITEIT YN DE WALDEN
AAFKE AUKES 42 jier, berne Terherne,wenjend to Arum. Hja hat
Pinkster 1804 west by Tjeerd Pieters en Gelske Hiddes to Arum en
der twa gouden knopen stellen. Strang gisele en 1 jier tichthús
(426-9-6-1804).
AAFKE EBES de frou fan Jan Hoytes to Burgum,28 jier wurdt der
fan bitige dat hja de middeis fan 20 augustus 1771 west hat oan it
hûs fan Janke Ludsers de frou fan Albert Kinderman to Burgum.
Om't dy earst noch in oar helpe moast, gie Aafke salang nei de ko-
ken. As hja by Aafke werom komt, binne de beide himden der't hja
mei aan it meitsjen wie, fuort. Der krije hja wurden om, hja soe
Aafke ien fan dy himden ûnder de rokken wei helle ha. Aafke ûnt-
striid dat fûl en wurdt fan it rjocht út finzenis ûntslein. (210-3-10-
1771)
AAFKE HETSES fan it Hearrenfean hat oan in mannich manlju dy't
fan 't iis kamen jenever jown. Har man wie doe fan honk. Tusken
sawn en achten is hja mei Hetsen Clasen, Simon Gerrijts en oaren
der op út gien en doe is it op fjochtsjen út roun. Hja moat 14 dagen
op wetter en brea. (213-30-4-1772)
AAFKE JANS 35 jier, fan Terbant, berne op It Hearrenfean. Hja hat
spullen út in winkel stellen. Hja krijt 2 jier tichthús. (396-24-6-
1801)
AAFKE RINSES 20 jier, de frou fan Jacob Tjebbes to Kollum. Hja
gie op freed 29-12-1786 nei it hûs fan de arbeider Botte Willems
en Geeske Uilkes dêr. Dy wiene aan it wurk by de Pomp ûnder Kol-
lum. Doe hat se út de bûgeltas fan Geeske stellen: "een gouden boot
ofte kroontje". Dat hat se foar 12 goune forkocht oan de sulversmid
Eijse Ruardi to Kollum. Hja krijt 2 jier tichthús. (270-17-1-1787)
Foar it stellen fan in skiep krijt hja ek 2 jier tichthús, mar wurdt
foarearst ûntslein om't hja mei koarten in bern forwachtet. Hja seit
dat se in dea skiep foun hat en dat út greate earmoed meinommen
hat. (394-19-3-1801)
AALDERT SIJTSES 38 jier, fan It Hearrenfean, hat mei Andries
Pieters hjouwer bracht by Johannes Canerius dêr. Fan dy syn feint
ha se broeksgaspen stellen en har bêst dien dy aan de man to brin-
gen. Yn de tiid fan 3 wike moat er twaris in wike op wetter en brea.
(430-20-12-1804)
AALTJE ABRAHAMS fan Kûkherne hat stellen. Yn it foarjier fan
1807 kaem hja de jouns tsjin 6 ûre by Wytse Harmens ûnder Tie-
tsjerk. Hja frege oft hja har mei har berntsje ek bêdzje koene.
Ja, dat koe en mocht. As hja de oare moarns wer ôfset is, misse
Wytse en har in widzelekkentsje. Wytse har efternei en dy twingt
har dat werom to jaen. Op 13 oktober 1807 komt der in Rinske
Ruurds by Aeltsje aan de doar. Hja hat in bern by har en hwat
bernespullen yn in pak. Aaltsje freget har oft se soms ek sin oan
in bakje kofje hat. Nou, ja fansels. Oft hja dan earst hwat kofje en
molke helje wol, dan sil hja wylst wetter aan 'e soad bringe. Dan
nadert hja gau ien en oar út it pak. Aaltsje hjit it allegear ligen,
mar it Hof tinkt der hwat oars oer en hja mei in fearnsjier sitte,
om der oer nei to tinken. (458-16-12-1807)
AALTJE JACOBS to Surhústerfean is ûntslein. Hja waerd der fan
biskuldige har breahear Albert Jelmers en Lolkjen Egberts bi-
stellen to hawwen. Mar hja hâldt út dat it net wier is. (163-15-12-
1757)
AALTJE MEINES 35 jier, berne Aldeboarn en nou wenjend to Span-
num. Yn 1797 is hja by har man, kofskipper Sjoerd Pieters, wei-
roun. Hja seit dat se 3-4-1797 skieden binne fan tafel en bêd. Nou
hat hja op 7-4-1803 in famke to wrâld brocht en dêr soe de tim-
merman Jan Gosses to Spannum de heit fan wêze. Strang gisele.
(416-21-5-1803)
AALTJE POPPES, de frou fan Rutger Gaatses to Feanwälden. Mei
har man hat se in falsk tsjûgenis ôflein. Dêrfoar moat se in heal-
ûre op it skafot to pronk stean mei op it boarst in papier hwerop
stiet: "valsch Getuige en Meinëdige", en dan noch 3 jier tichthús.
(328-2-5-1795)
AALTJE WYTSES 19 jier, De Knipe West, dochter fan sill. Wytse
Hantjes en Wytske Jans, hat roun to biddeljen. 8 dagen op wetter
en brea. (393-23-1-1801) Mar hja hat wer roun to biddeljen mei
Tryntje Heeres fan Aldegea.
By Wybren Wopkes hat hja stellen. Strang gisele en yn de tiid fan
3 wike twaris in wike op wetter en brea. (394-5-3-1801.) Wylst is
har mem wer boaske en wol aan Durk Lawand. Op 7-9-1802 wie
se mei har suster Jeltje nei Nijehoarne gien "om kippen te pluk-
ken". Jeltje is 9 jier. Foar 1 jier bûten Fryslan band. Mar hja
komt binnen de tiid werom en krijt dan earst in healjier tichthús.
(408-9-11-1802). Op 17-11-1803 is hja mei har suster Jantsje nei
it saneamde Jagershúske yn 't Oranjewâld gien. Dat waerd biwenne
fan Antje Jans, widd. Jan Stelder. Der ha se ynbrutsen en stellen.
Strang gisele en 5 jier tichthús. (421-17-12-1803) Mar it stellen sit
har yn 't bloed, hja kin it net litte. Mei 4 roeden strang gisele en
wer 5 jier tichthús. (475-7-7-1809)
AALTJE PIJTERS to Surhústerfean is op 1-3-1752 "uyt hare hutte
of wooning gegaen", nei it hûs fan Aeltje Ritskes, widd. Jochum Ates,
keapfrou dêr. Hja hat de efterdoar iepenbrutsen en ien en oar stel-
len. 2 jier tichthús. (146-9-3-1752)
ABEL SIKKES, fan Donkerbroek is ûntslein. Hy wie hospes yn 't
Posthús. Hy waerd der fan biskuldige dat er mei in donghekkeI
dwaende west hie "met geweld door de dijk te trekken". Mar hy seit
dat er alderminst fan doel west hie om de pleats fan Claes Roelofs
"de Russchen" neamd, der ûnder strûpe to litten. (252-20-5-1783)
ABRAHAM ABRAHAMS, 35 jier, turfskipper to Hurdegaryp hat,
doe’t er mei syn skip to Ljouwert lei, hwat ryklik djip yn 't gleske
sjoen. As er foar 't Hof stiet wit er sels net mear hwat er sein en
dien hat. By de Túnsterpoarte hat de wacht him yn in stoepe foun.
Hja joegen him hwat ierappels mei in stik fleis. It fleis hie er op-
iten mar de ierappels fuortsmiten. De wacht rapportearre "dat
hy had gezegd Wilhelmus van Nassau, en het woord Oranje ver-
scheijden maaIen had gebezigd" -Dat waerd doetiids swier oanrek-
kene, mar it Hof lit him wer op frije fuotten. (359-5-9-1797)
ABRAHAM LEVI, to Surhústerfean, berne to Gulickerlandt, is
ûntslein. Hy wie biskuldige fan ynbraek yn in lekkenwinkel toDroege-
ham. "dat de gev. zeedert eenige Jaaren heeft gewoont op Surhuis-
terveen en zig heeft opgehouden met quackzalverijen". Ek joech er
oan allerhande fortocht folk ûnderdak. Fan dy ynbraek wit er neat.
(164-23-2-1758)
ADSE WARNERS, 36 jier, spylman op De Gordyk, berne to Rot-
tefalle. Fan freed op sneontonacht is er mei Hendrikje Jans kom-
men oan it hûs fan Jan Dirks. Dêr binne hja doe togearre yn 't
bedsté ûnder de wrine krûpt en dêr is de wachtmeester Jacobus
Smeding fan Ljouwert har oer it mad kommen. Strang gisele en 3
jier band. (117-17-11-1743)
AEBELE AEBLES, de âlde 56 jier, berne to Bûtenpost en wenjend
to Kollum. Hy hat meidien oan 't Kollumer oproer. Mei 5 roeden
strang gisele en 5 jier band. (357-24-6-1797) Hy komt earder
werom en moat yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en
brea en dan wer band. (373-20-2-1799) Mar komt wer binnen de
tiid yn Fryslân. Hy untskuldiget him dat er bûten Fryslân de kost
net fortsjinje koe. In jier tichthús en dan wer band. (376-10-7-
1799)
AEBELE AEBLES de JONGE, 29 jier, fan Ausbûr. Hy hat op 4-2-
1797, wapene mei in twatyn heafoarke by de Kollumer reboeljes
west. Hy seit dat hja him dêrta twongen hiene. Ien jier band. (359-
22-9-1797) Sjoch ek 357-24-6-1797 en 373.20-2-1799 en 376-10-7-
1799.
AELDERT HENDRIKS, fan Nijelamer is tige to kear gien tsjin de
hearen fan it Nedergerjocht en derfoar krijt er 3 jier tichthús. (2-
11-6-1700)
AELTIE CLAESEN, 15 jier, berne Westergeast, hat op freed 7-
7-1713 har breahear Sioerd Sioerdsen dêr bistellen. Strang gisele
en 5 jier tichthús. (33-15-7-1713) Op 8-2-1716 hat hja mei Geijske
Romkes tige har bêst dien, om út it tichthús to brekken. Strang
gisele. (42-7-3-1716)
AELTIE JANS, 15 jier, fan Sint Jansgea hat in froulju'srôk stel-
len en der moat hja in jier foar yn 't tichthús. (212-24-3-1772)
Hja wie in dochter fan Antje Molenaar en nou hat se wer roun to
biddeljen en to stellen. Earst 14 dagen op wetter en brea en dan
noch in jier tichthús. (221-13-4-1774)
AETE CORNELIS, 15 jier, to Aldegea hat noch al ris it ien en oar
weikape. De earmforsoargers hiene hiel hwat mei him to stellen.
By syn bazen roun er wol gauris út tsjinst. Nou moat er yn de tiid
fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (312-11-11-1790)
AGE SIPKES, boer, en Antje Pytters op sechstjin roeden ûnder
Tsjallebert. Hy waerd fortocht fan slûkjen en bilêsting ûntdûken.
Doe't de bysitter kaem om to freegjen oft hja ek hwat oan to jaen
hiene krige er ta biskie, né. Op 't lêst roun it sa heech dat Age
de bysitter Ynse Toppes, mei in twatynfoarke to liif gien is. Bin-
nen de tiid fan 14 dagen moat er 1000 goudgounen fan 28 stûren
boppe de kosten as boete bitelje. Oant salang moat er yn 't ticht-
hús bliuwe. (142-3-9-1750)
AISE AISES, fan Drachten N. is 40 jier. Op in kear leit er mei
syn skûtsje to Ferwert. De jouns fan 11 septimber om 10 ûre hat
er in sekfol ierappels út in heap stellen. Hy seit dat syn frou en
3 berntsjes neat mear to iten hiene en gjin sint om to keapjen. Yn
de tiid fan 16 dagen moat er twaris in wike op wetter en brea.
(397-22-9-1801)
ACKE YDES, yn de Skâns moat 2 jier sitte om't hja spullen stellen
hat út it hûs fan de skûtmakkersfeint Douwe Annes dêr, (164-8-3-
1758)
AKKE JACOBS, 44 jier,wenne as faem by Meinert Jurjens to Koart-
sweagen. Hja forwachte in oerwoun bern fan har boer, hwat útroun
op in miskream. Hja krijt 1 jier tichthús. (394-18-3-1801)
AKKE TJEERDS, 25 jier, fan Aldegea hat in pear bôllen stellen. En
yn de iere moarn fan 22 novimber in kuorfol ierappels út in heap
fan Hendrik Hendriks. Ek fan oaren hat se noch al it ien en oar
stellen. In healjier tichthús. (392-9-12-1800)
ALBERT AGES, to Droegeham is ûntslein, Op 31-1-1751 stie de
pleats fan Pyter Ages dêr yn 'e brân, de jouns om 7 ûre. Albert
waerd der fan fortocht syn broers pleats yn 'e brân stutsen to haw-
wen. Harren suster Nijnke wie troud aan Foppe Hendriks to Korn-
horn en broer Foke wie boer to Droegeham. 27 jier. Albert hâldt
út dat it net wier is. (144-29-4-1751)
ALBERT ARENDS, 35 jier, op 'e Hearrewâl. Hy hat op tongersdei
29-4-1802 út it kammenet fan Antie Dirkswidd. Hotze Klazes dêr,
it ien en oar stellen. Yn de tiid fan 5 wike moat er trijeris in wike
op wetter en brea. (404-6-5-1802)
ALBERT CLAESES, to Drachten, 22 jier, soan fan Claes Alberts,
waerd der fan biskuldige dat er yn 'e kompe mei oaren oan it stel-
len west hie. Hy seit dat er net mei syn heit en dy meidien hat.
Wurdt ûntslein (239-15-6-1780)
ALBERT CORNELIS, fan Teridzert hat jierren lang út in oar syn
gerjochtichheit "allerlije Posten te plukken en van daar te stelen".
Sa ek wer op snein 22-12-1765 út de bosk fan Elius Wigerus Wigeri
ûnder Sonnegea. Hy krijt 2 jier tichthús. (189-13-3-1766)
ALBERT GEERTS, 32 jier, to Haulerwyk moat foar it stellen fan
turf út it fean yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea.
(427-26-6-1804)
ALBERT GEERTS, fan De Rottefalle wurdt der fan fortocht, dat er
op in sneintonacht tusken 12 en 1 ûre oan it hûs fan Maeijke Hen-
driks west hat. Har man, .Jan Freerks, is "uytlandig ter zee
varende". Dêr wie Albert fan op 'e hichte. Hja stie der foar bikend
dat hja hiel hwat oanrin fan manlju krige. Albert hie oan it reed-
riden west en hie him hwat forlette, "Hebbende syn broodheer de
gewoonte dat de geene, die nae agt uiren 't huis quam geen eeten
kreegh". Dêrom hie er in koeke kocht en wie dêrmei nei Maeijke
taset om der. hwat by to drinken, en dat hie alles west. Hy wurdt
ûntslein. (161-25-3-1757)
ALBERT HATTUMS, feanbaes to Feanwâ1den, 50 jier. Wurdt der
fan biskuldige mei syn dochter Janke en syn soantsje Pytter yn it
fean turf stellen to hawwen. Hy hâldt fol dat it net wier is en wurdt
ûntslein. (273-20-6-1787)
Dan wurdt er biskuldige "op St. Petri nagt 1784 veele menschen
zijn geweest in de Herberg van Harmen Pieters en Aukje Douwes
in de Valom ter ocasie van het uitsmijten van St. Pieters Bollen".
En dêr soe er doe in healbrea stellen ha. In healjier tichthús.
(273-21-6-1787)
By sentinsje fan 15-9-1795, hy is dan 60 jier, wurdt er mei syn
soannen Gerrit en Klaas ûntslein. Hja waerden biskuldige fan it stel-
len fan roggestûken.
As de tsjinners fan de kriminele justysje Marten in kear ophelje
sille,dan slacht syn heit, Albert Hattums, dy tsjinners in pear
kear tsjin de groun. Dêr kriget er 3 jier tichthús foar. (350-30-9-
1796) Op 2-10-1799 hat er in gripe stellen út it hôf fan Jan Lourens,
ensfh. Krijt 1 jier tichthús. (385-13-2-1800) Syn frou Antje Mar-
tens is dan 60 jier. Mei Joukjen en Tjepke Jans hat er as man fan
70 jier 4 Drintske skiep stellen en twa lammen. Strang gisele,
brânmerke, 5 jier tichthús en dan noch foar 5 jier band. (412-29-
1-1803)
Hy wie berne to Garyp en it stellen siet him, de frou en de bern
yn it bloed. (sj och De Stim fan Fryslân 13 maeije oant 19 augustus
1949)
ALBERT HENDRIKS, 20 jier fan Bûrum. Op sneon 4-2-1797 wie
him oansein dat er him biwapene nei Kollum bijaen moast. Dat hat
er doe dien en is meigien nei it hûs fan Jan Braal. Ek hat er mei
west nei it Kollumer forlaet "en aldaar de tweede in huis is geweest
wanneer Abele Keuning zijne goederen gestolen wierden, ensfh".
Mei de strop om 'e hals strang gisele en foar ivich bûten Fryslân
band. (353-4-3-1797)
ALBERT HENDRIKS, fan Nijelamer hat it slim yn 'e kant set tsjin
de hearen fan it Nedergerjocht. Hy kriget 3 jier tichthús. (2-11-
6-1700)
ALBERT JANS, fan Urterp hat yn 'e kompe mei oaren,spullen stel-
len út it simmerhúske fan Gravius op it Vliet ûnder Ljouwert. In
koperen thétsjettel, in koperen "Visbrader","een boek geschreven
over de agtste Psalm" ensfh. En út it hôf fan de widd. Brouwer yn
'e Skrâns 12 porsleinen kopkes en pantsjes mei noch mear oare
spullen. Strang gisele en 3 jier band. (109-11-2-1741)
ALBERT JOCHUMS, 25 jier to Noardwalde hat mei Hendrik Wil-
lems oan it sûpen west en ek oan it fjochtsjen. Trije jier band.
(479-15-2-1810 en 414-23-3-1803)
ALBERT LIJCKLES, 34 jier, to Haulerwyk is berne to Doezum.
Yn 'e nacht hat er to Ljouwert yn it Frjentsjerter fearhûs Cornelis
Jans bistellen fan trije "Zeeuwsche Rijksdaelders". Strang gisele
en 3 jier band. (421-19-11-1803)
ALBERT MARTENS, 28 jier en lidmaet wurden op 7-11-1697 to
Noardwâlde; is in widner mei 2 bern. "Dat hy van sijn jeugt af een
Jonkman is geweest van seer goeden hoop. Van een seer goed vroom
en onopsprekelijk leven en wandel" ensfh. Mar troch Folkert Har-
mens is er it goede paed bjuster rekke en wurdt jaar 2 jier band.
(2-27-2-1700 en 47-10-11-1717)
ALBERT WILLEMS, fan Bûrum hat mei Pyter Hendriks oan it je-
never sûpen west en doe ha se Antie Claeses sa dronken boarnd,
dat hja bûten westen rekke. Yn dy tastân ha se har smoarch mis-
hannele. Strang gisele en 3 jier tichthús. (93-9-10-1734)
ALBERT YMES, fan De Knipe hat mei syn frou Tryntje Gurbes
hiel hwat spullen fan in bleek stellen. Beide krije 4 jier tichthús.
(233-14-5-1778)
ALBERTIEN HANNEKES, fan Finkegea is ûntslein. Hja wenne as
faem by Andries en Jacob Meinen to Blesdike. Hja forwachte fan
Jacob in bern, mar it draeide op in miskream út. (21-26-10-1708)
ALLE AGES, yn syn 19e jier, hat op it Burgumer skip op freed nei
Ljouwert 24-1-1806 in skieppeflues stellen en dat to Ljouwert oan
de man bracht foar f 2.75. Hy seit lykwols dat er it to Ljouwert
fan immen kocht hie, dy't er net koe, foar f 1.75. Mar dat wol de
hearen fan 't Hof net oan en hja banne him foar 2 jier bûten Fryslân.
(441-24-3-1806)
ALLE BOELES, 16 jier, to Augustinusgea. Hy hat op 23-2-1806
sa'n 7 a 8 ljippen "turksche weit" stellen fan Oeble Alberts, dat op-
burgen wie yn de skuorre fan Antje Tjipkes. Yn de tiid fan 5 wike
trijeris in wike op wetter en brea.. (440-4-3-1806)
ALLE HARMENS, 30 jier, berne to Skuorregea. Yn 'e nacht fan
27 op 28-12-1802 hat er mei Mathijs Freerks en Reinder Karsten
ynbrutsen en stellen en de minsken ek noch slim tamtearre. Alle
trije oan 'e galge. (415-26-3-1803)
ALLE SJOERDS, fan Kollum hat mei Jan Wytses fan Aldwâld oan
it nachtbiddeljen west. Strang gisele en 3 jier band. (152-6-4-1754)
ALLE TJEERDS, 39 jier, fan Bûrum, nou wenjend to Bûtenpost,
wurdt ûntslein. Op 4-8-1796 hat er by boer Jan Jacobs to Bûrum
west doe 't "aldaar het vaandel 't welk gewoonlijk by het coolzaad-
dorschen wordt gebruykt, wierde verpacht". Doe soe er sein ha, as
hy de pacht krige, dan soe hy der in oranjelint oanbine. En dat hie
er ek dien, en sa hat dat findel doe de hiele dei by it terskjen op it
lân stien. De jouns hat er it sa mei nei hûs nommen. ensfh. (364-
16-1-1798)
ANDRIES BAUCKES, to Aldeberkeap hat op tongersdei 20-2-1766
de moarns út de smidterij fan Feije Oeges to Duerswâld de sul-
veren skuongaspen fan dy syn feint stellen. Dêr moat er 4 jier foar
sitte. (189-28-2-1766)
ANDRIES CORNELIS, 47 jier, fan Kollum, is ûntslein. Hy soe op
4-2-1797 mei "een bloote Sabel" meidien ha oan de reboeljes. Hy
seit dat hja him mei gewelt dêrta twongen hiene. Hy hie oars net
as in stik fan in âld sabel by him hawn. (363-18-12-1797)
ANDRIES HENDRIKS, fan Kollumersweach hat mei Bouwe Eelkes by
keapman Pyter Nannes to Droegeham ynbrutsen en stellen. Ek fan
oaren hat er noch al sa it ien en oar meikape. Trije jier tichthús
wurdt syn foarlân. (235-17-J2-1778)
ANDRIES HENDRIKS, 13 jier, De Westerein hat mei Jan Hendriks in
tal bjirken stellen út it bosk fan Wilhelmus Bergsma. Hja binne op 'e die
bitrape. Foroardiele om op de rjochtkeamer fan syn mem oer "de baer
pueriliter gecastigeert "to wurden, dus foar syn bleate efterein. (216-
22-1-1773)
ANDRIES RUTGERS, 21jier, toLangsweagen, berneAldehaske. Hy
hat mei Wytske Jeens en Hinke Rutgers oan 't stellen west. Strang gi-
sele en 3 jier tichthús en foar 7 jier band. (484-13-7-1810)
ANDRIES GEERTS, fan Aldeholtpea, de frou fan Pier Annes "by de
Bonte Bok" biskuldige fan linnen stellen, mar wurdt ûntslein. (89-10-
12-1732)
ANNE AUKES, fan Akkrum hat roun to biddeljen en moat derfoar
3 dagen op wetter en brea. (78-18-9-1726)
ANNE CLAESEN, hat al langer as 30 jier to Easterwâlde wenne.
Hy waerd der fan biskuldige dat er brea stellen hie en brân stifte.
Dat ûntstriidt er en seit dat er mei syn swakke lea dochs altyd syn
bêst dien hat om de kost to winnen. Sa by nou en dan krige er hwat
steun fan de diakens. Hy wurdt ûntslein. (60-24-10-1720)
ANNE DOUWES, fan Lippenhuzen hat fan Wijtse Oeges dêr in
frouljusrôk en oare spullen stellen. Hy seit dat er to Ljouwert ber-
ne is en net wit hoe oft dy spullen by him yn ‘e hûs kommen binne.
Yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (480-22-3-
1810)
ANNE EIJTS, 53 jier, De Gordyk. Twa dossiers. Hy wie in tige
bluisterich man, sûpe en fjochtsje en stelle en de bysitter bidrige
mei deastekken. Hy moat in healjier sitte. (247-10-4-1782)
ANNE EVERTS, to Surhústerfean hat in jier of seis as feint wen-
ne by Hendrik Gerlofs, boer dêr. Op sneontojoun 10-6-1755 doe’t
dy fan honk wie hat er jild fan syn breahear stellen. In sulveren
earizer, ensfh. Yn de nacht fan 19 op 20-8-1757 hat er to Muontsje-
syl oan it stellen west. Hy kriget 4 jier tichthús. (162-27-9-1757)
ANNE HEDDES, 41 jier to Ikkerwâld, berne to Rinsumageast. Hy
hat oaren oantrune om op 4-2-1797 mei to dwaen oan de opskuor en
hat sels mei west nei de skoalmaster. Dy reade duvel sil ik deasjit-
te, soe er sein ha. Strang gisele en 3 jier tichthús. (360-7-10-
1797)
ANNE JACOBS, fan Drachten N. de man fan Imke Wilkes 24 jier.
Op 21-7-1739 hat er by Cornelis Wijgers to Tolbert it ien en oar
út in kast stellen. Trije string kralen mei in gouden kroantsje,
ensfh. Syn frou hie er wysmakke dat er it fan har muoike Sjoukjen
Jacobs to Tolbert krige hie. Doe hat hja it forkocht oan in goudsmid
op De Gordyk. Hy is daliks ûntslein. (105-3-12-1739)
ANNE JANS, 25 jier, fan Kollumersweach, is ûntslein. Hy wie der
fan biskuldige dat er jonge bjirken stellen hie. Mar hy seit dat er
frege hie oan in man op ‘e heide, en die hie him tastimming jown.
(180-10-5-1763)
ANNE LAMMERTS, fan Kollumersweach is boaske oan Antje Jans
by hwa't er 5 bern hat. Dy hat er yn ‘e steek litten en him op ‘n
paed bijoun mei Jetske Hendrix. Mei biddeljen rounen hja de kost
op. Ek hat.er by har twa bern oerwoun. Strang gisele en 3 jier
band. (107-10-9-1740) Yn 1754 is er 65 jier en wennet dan to Ter-
wispel. Der libbet er nou al in jier of acht mei Aeltje Hanses by
hwa't er 5 bern krige. Strang gisele en 3 jier band. (153-29-6-
1754)
.
ANNE LAMMERTS, 17 jier, to Kollumersweach, hat op snein 7-
6-1772 út it lân fan Anne Boelens 'ûnder Damwâld in twinterskiep
stellen. Sûnder it flues hat er it skiep forkocht foar 42 stûren. Hy
seit dat er it dien hat om syn heit mei 6 bern yn harren greate
need hwat to helpen. It wurdt 4 jier tichthús. (214-10-7-1772)
ANSKE NOLKES, fan Terherne hat oan it sûpen west en it oaren
mar frijhwat lêstich makke. Moat nou 14 dagen op wetter enbrea.
(165-14-9-1758)
ANTHONIH ROELOFS, 36 jier to Terherne wurdt ûntslein. Hy
wie wever en kaem út it Munsterske. Waerd fortocht fan it stellen
fan skiep en dy slachte to hawwen. Mar hy seit dat it net wier is.
Doe't er op stap wie om to sjen aft er oanslach krije koe, hie er
in stik skieppesmoar yn 'e sleatswal foun. Fansels hie er dat mei
nei hûs nommen. (224-14-3-.1775)
ANTIE ANNES, fan Sint Jansgea is yn 1741 to "Dolsterhuisen"
troud aan Jan Melis fan Toppenhuzen. Mar it oare jier al lei hja
it oan mei Rijnk Thijssen fan Ljouwert. Hja hie Rijnk wysmakke
dat hja noch frijfaem wie. Hja libben as man en frou. Strang gi-
gele en 3 jier band. (127-30-.10-1745)
ANTIE BEERTS, to Augustinusgea hat op freed 21 april de jouns
tusken 9 en 10 ûre kâns sjoen ûngemurken op keapman Sytse Geerts
syn souder to slagjen. Dêr wie hja aan 't groat stellen doe't Sytse
har oer 't mad kaem. Hja kriget 2 jier tichthús. (32-3-5-1713)
Loskommen giet hja wer aan it stellen. Dan 5 jier tichthús (42-
22-2-1716)
ANTIE DIRKS, 28 jier, de frou fan Wybe Louws, 31 jier, yn 'e
Westerein wurdt ûntslein. Har man wie 6-10-1759 gisele en moast
5 jier sitte. Fjouwer wike nei't har man út it tichthús ûntslein wie
brocht hja in famke to wrâld. Dat bern soe dan fan in oare man
west ha, mar hja seit dat it fan har eigen man is dy't se yn 't
tichthús ommers wol bisocht, 187-2-7-17650. Nou wer in bern
krige wylst har man yn 't tichthús siet. Strang gisele en 3 jier
band. (208-23-2-1771)
ANTIE EDSES, to Surhusterfean is yn 'e nacht fan 20 op 21-1-1715
nei it hûs fan Antie Jans gien "woonagtigh by de vierhuijsen". Der
hat hja mei Beerent Jans hiel hwat spullen stellen. Strang gisele
en 3 jier band. (73-16-9-1724)
ANTIE EELSES, 15 jier, Beetstersweach is ûntslein. Hja stie der
foar bikend dat se altyd ûngemurken by in oar yn 'e hûs komme
koe en dat sûnder dat hja der eat to meitsjen hie. Nou wie hja der
fan biskuldige op 11-4-1778 de earme en bline Fedde Jelles, âld 87
jier, fan 43 stûren ôfholpen to hawwen. Hja seit dat hja mar efkes
troch de doar kipe hie. (233-23-5-1778) Op moandei 24-9-1792 hat
hja by Marten Gerrits Wagenaar dêr "een paar gekapte vrouwen
schoengespen" stellen. Trije jier tichthús. (326-29-1-1793) Yn 1798
hat hja in sulveren earizer stellen. Twa jier tichthús. (370-15-9-
1798) Mar hja kin it stellen noch net litte. Yn 1801 stelt hja in
froulju'shimd fan "een Lyne" to Akkrum. Hja ûntskuldiget har dat
se al yn gjin jier in himd om it gat hawn hie. Ien jier tichthús.
(394-15-4-1801) Mar wer giet it op in ynbrekken en stellen. Trije
jier tichthús. (446-11-10-1806) En noch jowt hja it net op. Hja is
dan 50 jier en giet wer oan it stellen. Strang gisele en 5 jier ticht-
hús. (480-23-3-1810)
ANTIE FEIJTES, fan de Rottefalle. Hja hat lange jierren wenne
"tot Collumerswaag West einde". En der by forskate minsken west
to thédrinken. Dan joech hja der har foar út "sig te verstaan de
kunst van soogenaamde kopje kijcken, uit de kopjes aan deeze en
geene eenigh geluck of ongeluck heeft voorspelt". Dêrfoar moat
hja 2 jier it tichthús yn. (190-8-7-1766)
ANTIE FOCKES, 21 jier, de frou fan Gerryt Sierks yn De Falom.
Har man wie foar syn wurk faek fan hûs. Nou wurdt hja der fan
bitige it mei in oare man oanlein to hawwen. Hja hâldt út dat it
bern fan har eigen man is, en dat hja it nea mei oare manlju oan-
lein hat. (177-25-3-1762)
ANTIE FRANSEN, 60 jier, widd. Gerrit Sjoerds to Feanwâlden
wurdt ûntslein. Hja wie in dochter fan Frans Oenes, boer ûnder
Aldtsjerk op in pleats fan de bysitter Minnolt Holwerda. "Dat Frans
was een deftig en welgesteld huysman". Antie en har man hiene
boer west to Hurdegaryp. Har beide soannen Oene en Frans "syn
welgestelde luyden". De iene is skuonmakker to Blije en de oare
boer to Bûtenpost. Antie is letter wer troud aan Anne Sjouwes,
mei hwa 't hja aan leger wal rekke is. Nou biskuldigen hja har it
mei oare manlju oanlein to hawwen. (120-27-11-1743)
ANTIE GEISKES, 16 jier, dochter fan Geiske Geerts to Rinsuma-
Geast. Hja hat har breahear bistellen en der kleanspul foar kocht.
Twa jier tichthús. (239-26-1-1780)
ANTIE GOSSES, yn "de Wylingen" 40 jier. Hja hat mei oaren roun
to biddeljen en moat dêrfoar 14 dagen op wetter en brea. (23-25-
9-1709)
ANTIE JACOBS, 17 jier, yn De Knipe, hat roun to biddeljen. Yn de
tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (436-24-9-1805)
ANTIE JACOBS, 33 jier, to Koartsweagen en berne to Jobbegea,
dochter fan Tjitske Hendriks, goed 50 jier. Al twaris hat hja in
bern oerwoun en nou is it wer sa fier. Op 26-5-1808 is hja mei har
mem gien nei "de groote Tijnen" ûnder Terwispel. Hoewol it bern
libben to wrâld kommen wêze moat, wurdt it dea yn 'e sleat foun.
Hja moat in kertier op it skafot to pronk stean mei yn har earmen
"een poppe in lappen gewonden". Strang gisele. 10 jier tichthús en
dan foar ivich bûten Fryslân band. (466-10-9-1808)
ANTIE JANS, likernôch 16 jier, berne to Burgum. Hja hat foar
faem tsjinne by Heine Sipkes, boer to Tietsjerk. Yn dy harren foar-
keamer wenne Sierk Johannes 28 jier âld. Ut dy syn bûse fan de
broek hat hja twa sulveren broeksgaspen stellen. Twa jier tichthús.
(202-8-9-1769)
ANTIE JANS, 22 jier,dochter fan Jan Hennes to Burgum. Hja waerd
july 1794 faem by Frans Aukes en Tryntje Nauta op it tolhús Swarte-
wâldsein. Om't hja sa ûnwennich wie as in kat hat hja op 5 augus-
tus tomûk hakken nommen. By it ynpakken fan har eigen spullen
naem hja ek "een Duitsche streenmuts, een slaapmuts en een tip-
muts" fan har frou mei. Hja soe dat earst murken ha doe’t hja al
to Ljouwert wie, mar it net werom bringe kinnen ha, om’t hja da-
liks finzen nommen waerd. It Hof ûntslacht har út le finzenis. (336-
18-11-1794)
ANTIE JANS, 47 jier, to Feanwâlden. Hja hat in lyts sulveren ear-
izer mei lytse knoppen, in great sulveren earizer mei greate knop-
pen, ensfh. Stellen. Der sitte in pear lapkes stof yn it dossier.
Trije jier tichthús. (460-9-2-1808)
ANTIE JANS, fan Nijehoarne is ûntslein. Hja waerd der fan bi-
skuldige as troude frou it oanlein to hawwen mei Sikke Alberts.
Hja seit dat it allegear kwealaster is. (100-4-7-1737)
ANTIE JELTS, en har man Feijtse Pieters to Twizel, beide ûnt-
slein. Op in hierkontrakt fan 12-7-1745 hiene hja fan Jhr. en juf-
fer Sygers in pleats to Twizel hierd. Doe't hja it net langer bol-
wurkje koene,ha hja de pleats pleats litten. De forhierder bringt it
dan foar it Hof. Hja seit dat har swakke man en hja tige har bêst
dien ha de holle boppe wetter to hâlden, mar hja drigen fan honger
om to kommen. (130-22-4-1746) (Sjoch Fr. Landb. blêd 21-12-
1945)
ANTIE JOHANNES, 28 jier, to Burgum hat mei forskate manlju
omslein, en al in pear bern oerwoun. Mei koarten forwachtet hja
in tredden. Nou wie hja by fonnis fan 15-11-1742 foar 2 jier band.
Mar op 25 augustus is hja al weromkommen. Wurdt 3 jier band,
mar hja mei earst noch 6 wike nei Burgum, mei 't each op dat
tredde bern. (117-30-11-1742)
ANTIE LAMMERTS, 35 jier, is de frou fan Sipke Pieters to Hurde-
garyp. Foar fjirdeljier is Sipke bûten Fryslân gien en sûnt ha hja
elkoar net wer sjoen. Wol stie fêst dat Sipke 8 maeije 1791 noch
yn libben wie neffens it tsjûgenis fan syn heit Pieter Hiddes, 60
jier, arbeider to Hurdegaryp. Nou forwachtet Antje in bern fan in
Petrus, dy't feint west hat by mounder Cornelis Hendriks to Bur-
gum. Hwer't dy nou tahâldt wit nimmen. Strang gisele. (318-24-
9-1791)
ANTIE LIEUWES, 36 jier, widd. Dedde Tjibbes to Wâlterswâld. Op
19-9-1801 fan de bleek fan har broer Johannes Lieuwes to Ikker-
wâld 20 jelne doek stellen. In healjier tichthús. (398-30-9-1801)
ANTIE MARTENS, 46 jier, de frou fan Albert Hattums to Fean-
wâlden, hat by in boelgoud in ruft stellen. Ien jier tichthús. (277-
10-4-1788) By sentinsje fan 352-15-12-1796 mei har soan Pieter
út de finzenis ûntslein. Op 7-6-1798 soe hja in laem stellen ha fan
Romke Jacobs to Ikkerwâld. Trije jier tichthús. (379-20-11-1799)
Sjoch ek op Albert Hattums.
ANTIE MARTENS, fan Hurdegaryp,har suster Romckjen Martens
is 1710 troud oan de meifinzene Sioerd Jelkes. Sa likernôch in jier
nei dat boask is Romckjen stoarn yn 'e kream. Doe is Antie by him
oer de flier kommen en ha hja libbe as man en frou. Yn 1716 moat-
te hja in bern krige ha, mar hwer't dat keard is, witte hja allinne.
Lykwols binne hja doe bûten de provinsje flechte. Yn 1717 hat hja
in famke to wrâld brocht. Yn Drinte binne hja finzen nommen en
nou moat it Hof fonnis wize. Strang gisele, brânmerke, 10 jier ticht-
hús en dan foar ivich bûten Fryslân band. (66-21-3-1722)
ANTIE OENES, de frou fan Dedde Bienses yn De Falom. Hja wurdt
der fan biskuldige mei Romke Lieuwes, in widner, as man en frou
libbe to hawwen. Beide hâlde hja fol dat it net wier is en wurde ûnt-
slein.(202-22-6-1770)
ANTIE PIETERS, 22 jier, to Oentsjerk is in dochter fan Pieter
Wybrens Back. Hja wenne as faem to Dronryp. Op 3 maert 1774
komt hja de middeis by de winkelman Claas Croon op 'e hoeke fan
de Sakramintstrjitte to Ljouwert. De man sels is net by honk, mar
oan syn frou en dochter fortelt hja, dat se Janke Johanne is en as
faem wennet by Wopke Jans Tabes to Twizel. En nou is dy syn frou
Gertien Sytses, doe’t hja út to thédrinken soe, by in planke del-
truzele en fordronken. Fan gefolgen moat der rouguod komme.
Hja wit sa moai to praten, dat hja 25 jelne "swart Spaens Kryp",
2 bûnte doeken, 2 pear froulju's "hoosen en een paar mans hoosen"
mei krijt. Hja jowe har de rekken mei f 30.50 en in brief mei
roubiklach. It minske wie hielendal net fordronken. Strang gisele
en 3 jier band. (221-19-3-1774)
ANTIE TJERKS, 14 jier, to Lippenhuzen, is berne yn De Falom. Hja
soe mei har suster Etje aan it stellen west ha. Hja hâ.ld út dat it net
wier is en wurdt ûntslein. (424-12-4-1804) Yn 1810 wennet hja op
't Vliet ûnder Ljouwert en soe dan 25 jier wêze. Hja hat Harnser-
bûnt stellen en moat dêrfoar 2 jier sitte. (486-4-10-1810)
ANTIE WOUTERS, fan It Hearrenfean. Fan mear as ien hat hja
spullen stellen. Yn de nacht fan 4 op 5 juny linnen fan Gerben Rinkes
bleek. Gisele en 3 jier tichthús. (125-14-11-1744)
ANTIE WYBES, 44 jier, yn De Kompenije. Hja hat mei oan it stel-
len west en ek stellen spullen foar oaren opburgen. Wurdt 5 jier
band. (465-8-7-1808)
ANTJE CLASES, fan Westergeast hat 3 3/4 poun tabak stellen fan
Cornelis Edes, der’t hja arbeide hie. Ek hat hja noch oare spullen
stellen. Hja wie troud oan Jilling Harmens fan Driesum. "Die Ge-
stolene Tabak sijnde in Papieren gemerkt met drie oude Italianers".
Der sitte noch fan dy pûden yn dit dossier. Hja kriget 1 jier ticht-
hús. (182-15-12-1763)
ANTJE EVERTS, berne to Strobos hat to Dokkum twa nije kope-
ren tsjettels út in winkel stellen. Foar 1 jier band. (195-18-12-
1767) Komt binnen de tiid werom en hat roun to biddeljen. Moat 8
dagen op wetter en brea. (196-21-1-1768)
ANTJE GERBENS, 17 jier Drachten N. is strang gisele om't hja
yn 1799 fan Hylkjen Jacobs, de frou fan Sytse Hendriks, in sliep-
mûtse stellen hat, ensfh. (394-5-3-1801)
ANTJE JANS, fan Kollum, kaem in kear by Antje Jouwes to Ikker-
wâld. Der lies hja út de Bibel de beide earste haedstikken fan de
Iepenbieringen fan Johannes. Tusken dy haedstikken lei hja in kaei.
Doe bigoun hja mei it opneamen fan persoanen. Dêr sei hja by, dat
sadré de kaei bigoun to draeijen de persoan, hwaens namme hja
op dat stuit neamde, de tsjoender wie. Hja moat trije wike op wet-
ter en brea. (31-14-2-1713)
ANTJE JOHANNES,de frou fan Hoeke Jentjes to Drachten N. Hja
waerd der fan biskuldige "Een zwart sarjes broek en Een blauwbon-
te rokstreepte borstrok stellen to hawwen. Hja is 38 jier en berne
to Garyp. Hja seit dy spullen kocht to hawwen en wurdt ûntslein.
(425-9-5-1804)
ANTJE YTSENS, 37 jier, to Twizel berne, Noordwyk Gr., is de
frou fan Jelle Dirks. Hja hat by de arbeider Jan Annes út in iken
kast in pear gouden heakken en 21 sulveren himdsrokknopen, ensfh.
stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (361-18-11-1797)
APPLONIUS JOHANNES, 38 jier, De Gordyk. Hy is de jouns fan
28-11-1788 nei it hûs fan syn skoansoan Jan Lyckles gien. It hie
al tsien ûre west, dat dy leine al ûnder de wrine. Lykwols hat er
him daliks by de kiel grypt en binei smoard. Boppe de kosten
moat er 75 goudgoune boete bitelje en dat binnen 4 wike. Sa net,
dan wurdt er foar 1 jier band. (144-20-2-1751)
ARENT CORNELIS, 52 jier, fan Jobbegea, hat op moandei 28-10-
1700 to Nijensleek kocht "vier half anckers brandewyn en acht-
tien pond taback". Dy spullen op twa hynders laden en dat soe sa
Fryslân ynslûke wurde. Mar hja krigen him to pakken. Strang gi-
gele en 3 jier -band. (3-23-11-1700 en 27-30-10-1711 en .70-23-9-
1723), dan wenjend yn de âld skoalle en 74 jier âld en syn frou
Frouck Annes 40 jier.
ARENT HENDRIKS, arbeider Surhusterfean man fan Tryntje
Freerks, oer de 50 jier, en har dochter Rinske alias Hinke Jo-
hannes, 27 jier. Arent hat stellen by keapman Alexander Carel At-
las to "Rhoon" en wel "vrouwen en kinder veelsen of poepehoosen"
ensfh. Der sitte forskate briefkes yn dit dossier. Strang gisele en
5 jier tichthús. (205-12-5-1770 en 218-17-7-1773) /
ARENT JANS, feanarbeider to Drachten, 46 jier, hat in skiep stel-
len út it lân fan Brantje Jans to Drachten N. Twa swarte en ien wyt,
Frysk melk. Fan Cornelis Jans to Drachten N. "een witte
en een melk Friesche Schaap en van Sijbolt Arents een Friesch
melk schaap". Strang gisele, brânmerke en 5 jier tichthús. (351-
22-10-1796)
ARENT TABES, 60 jier, Beetstersweach, wie dwaende jonge bjir-
ken to stellen doe’t hja him oer it mad kamen. Moat 8 dagen op
wetter en brea. (183-1-2-1764)
ARENTJE PHILLIPPUS, 29 jier, berne en wenjend op It Hearren-
fean. Hja wie yn 1803 troud oan Sipke Sipkes. Mar de lêste 5 jier
hat hja hielendal gjin mienskip mear mei him hawn. Hja libbet nou
mei Klaas Jacobs Kok, berne yn De Kúnder. Yn de nacht fan 18
op 19-12-1810 brocht hja fan him in bern to wrâld. Dat founen de
buorlju dea op bêd lizzen. Strang gisele, 7 jier tichthús en dan
noch 10 jier band. (490-22-2-1811)
ARJEN JANS, 22 jier, yn De Kompenije. Mei oaren is er slim to-
kear gien tsjin "de wervers van de Bataafsche Republiek". Hy hat
der by stien dat Marten Jans en har, Anne Jans Hes troch it fjûr
hellen. Trije jier band. (385-13:-3-1800)
ARJEN JANS, 24 jier, timmerman to Rinsumageast is ûntslein.
Hy soe mei it Hattumsfolk aan it ynbrekken en stellen west ha, mar
hy seit dat it abslút net wier is. (383-31-1-1800)
ATE JANS, 33 jier, Dantumawâld. Twa dossiers. To Blije hat er
5 manljushimden fan in bleek stellen en "een paar witte wollen mans
kousen" ensfh. Strang gisele en 5 jier tichthús. (329-29-6-1793)
ATKE (ATE)ANSKES, 31 jier, to Lippenhuzen. Op sneon 7-11-
1795 hat er mei Klaas Ruurds stellen en wol "een ligt swart bont
kalf rier, hebbende muiske bonte flekjes onder aan de beenen".
Hja stielen it út de finne fan Hiltje Michielswidd. Jeen Bonnes to
Koartsweagen. Strang gisele en 5 jier tichthús. (364-20-2-1796)
ATTIE FOOCKES (FOKKES), frou fan Tys Jans to Burgum, 29
jier, is ûntslein. Hja waerd der fan fortocht op 31-8-1755 ûnder
tsjerktiid ynbrutsen to hawwen by Wytse Martens to Burgum. Doe
hie hja Wytse syn frou trije dagen holpen to braken en hie der doe
ek iten. (158-8-7-1765)
AUK HUBERTS, 43 jier, is de frou fan Louw Clases ûnder Ausbûr.
Hja hat op moandei 16 augustus by Lieuwe Louwes mei oan it koal-
siedterskjen west. Wylst hja by it fet sieten to drinken siet hja nêst
Lieuwe. Letter binne se nei de herberch "De lêste stûr" gien. Dêr
hat Lieuwe de tabaksdoas werom frege, dy't er har op it 1ân jown
hie. Mar Auk hâldt út dat er har dy jown hie en ek in pong mei jild,
en dan moast hja him to wille wêze. Hja krijt 3 jier tichthús foar
stellen. (259-18-11-1784)
AUK MENSES, fan Aldegea is ûntslein. Hja hiene har biskuldige
fan it stellen fan in pear himden fan in bleek fan boer Pope Sioerds.
Hja seit dat it net wier is, mar dat hja wol mei oant roggebinen
west hat. (86-20-2-1731)
AUKE HARMENS, yn De Kompenije. Hy hat roppen "Oranje boven,
die er wat van hebben wil, kan er wat van Halen!" In healjier ticht-
hús. (283-19-10-1785 en 305-11-12-1798) dan is er 30 jier.
AUKE JACOBS, 63 jier, Kollumersweach, is ûntslein. Hy hie op
5-2-1797 by it oproer west, mar der hiene hja him mei geweld ta
twongen (356-1-6-1797)
AUKE OEPKES, 17 jier, to Feanwâlden, hat mei Pieter Grot by
Jan Pieters oan it ierappelstellen west. Healjier tichthús (202-11-
7-1769)
AUKE PIERS, út de RottefalIe is ûntslein. Hja hiene der him fan
biskuldige dat er fûken stellen hie. Mar hy seit doe’t de man him
gjin fûke forkeapje woe, hie dy him ien meijown om der mei to
fiskjen. (257-14-7-1784)
AUKE SYMONS, 32 jier, to Burgum,hat in kou stellen. 29-10-1740
dêrfoar foroardiele ta giseljen, brânmerken en 5 jier tichthús. Nou
hat er fan tiid ta tiid dwaende west in âld man to Urterp, Barelt
Jans, troch bang to meitsjen jild ôf to pingeljen. Strang gisele en
5 jier band. (106-3-2-1740 en 158-29-5-1756)
AUKE SJOERDS, fan Koartehimmen hat syn famke fan in jier of
sawn oan har lot oerlitten en is der op út gien to biddeljen. Ien jier
tichthús. (53-8-2-1719)
AUCKJE(N) EYSES, 19 jier, to Wynjeterp hat in pear skuon mei
sulveren gaspen stellen. Strang gisele en 1 jier tichthús. (362-25-
11-1797)
AUKJEN SIPKES, to Driesum, de frou fan Dirk Clasen, dy't ek
finzen sit. Hy hie út it skip fan Geert Romkes to Driesum hwat âld
izer stellen en dat ûnder hwat fodden bistoppe. Ek hie er jild stel-
len en fan dat alles hie hja weet hawn, it foar har hâlden. Hja moat
14 dagen op wetter en brea. (207-5-7-1770)
AUKJEN WARSES, fan Driesum hat mei har suster Rixt west "van
Seer ergelijk leven en wandel". Hja ha ek roun to biddeljen en brân-
hout stellen en minsken útskeld en folIe net genôch. Beide ien jier
band. (113-16-12-1741)
_B_
BAAFKE SJERCX, to Burdaerd is troud oan Folkert Louws. Dat
wie hwat in nuvere bruijer. Op in kear rôp en drige er mei 't mes
en mar roppe “ick ben dronken, een duiwel verwacht ick van avond,
ick heb het mes gereed". De doarpsrjochter en ek oaren seinen tsjin
Baafke hja moast har man it mes út 'e hannen nimme. Mar dat woe
hja net dwaen en sei: "daar moet dog reis wat van wezen……."
Nou moat hja 8 dagen op wetter en brea. (91-8-12-1733)
BAKKER, Pieter, 28 jier, fan Muontsjesyl, berne to Eendrum
Gr. Hy hat op 4-2-1797 meidien oan it oproer. Mei it gewear oaren
twongen om ek mei to dwaen. Mei de strop om 'e hals gisele, brân-
merke en 10 jier tichthús. (362-25-11-1797)
BAKKERUS, MEINTE FREERKS, 21 jier, fan Drachten hat roun
to biddeljen. Wurdt der ek fan biskuldige dat er as matroas út de
tsjinst roun is. Ek soe er stellen ha. Acht dagen op wetter en brea.
en 1 jier band. (373-20-2-1799)
BANJERS, Haring 48 jier, fan Kollum, berne Lutjegast, is ûnt-
slein. Hy waerd der fan biskuldige 26-7-1797 tsjin Roelof Dykstra
en Sybren Cocq dêr sein to hawwen "jimme benne ook al zulke
twee, daar wy ons voor wachten moeten, ensfh". "Het is schielyk
met jimme duivels gedaan". De Prins hat 300.000 man en in oare"
potentaat "noch 400.000 man ré stean. De Ingelsken ha wol 1000
skippen op sé en alle 6 dagen komt der noch in skip by, ensfh. Ek
sitte der yn dit dossier in pear Ommelander kranten, ien fan 18 en
ien fan 21 july 1797. (363-15-12-1797 en 442-16-4-1806)
BANJERS Pieter, 30 jier, fan Kollum, hat op 4-2-1797 meidien
Oan de reboeljes to Kollum. De cherger Theunis Arjens hat er it
jachtgewear út de hannen slein of skuord. C. S. Beilanus "hat er mei
de bleate sabel drige en him twongen syn hoed ôf to setten en oranje
boppe to roppen. Trije jierren tichthús. (356-3-6-1797)
BARTEL MELLES, 49 jier, boer to Garyp, is de man fan Ybeltje
Alles. Hy hat yn 1738 yn de ûngetiid mei harren faem Ymk Feijtes
yn it haeilân omslein. Dat.is observearre fan Focke Feitsen en syn
frou Janke Tjeerds, dy't wennen op Catehiem ûnder Aldegea Sm.
Hja soene noch in weide hea ophelje út har mieden ûnder Garyp "in
de Colderen gelegen". Bartel.syn lân lei West fan de Coldersleat.
Focke gie nei Bartel "om een pijp Tabak aan te steken, doch sprak
Bartle zeer weinigh". Ymk wie in folle neefs dochter fan Focke
syn frou. Strang gisele, 3 jier band. (104-11-4-1739)
BARTELT YNZES, 25 jier, to Aldehoarne. Hy hat op freed 12-1-
1798 by kastlein Thomas Luitjens yn de Kompenije oan it fjochtsjen
west. In gerjochtstsjinner hat er in each tichtslein en is doe nei
Grinslân f1echte. Wurdt 2 jier band. (383-4-2-1800)
BARTLE JANS, 25 jier, fan Sint Jansgea. Hy hat in nije turfpream
stellen en dy ûnder in falske namme foar f 62.50 forkocht oan
Jochum Feitzes. Strang gisele en 3 jier tichthús. (390-6-9-1800)
BAUKE BAUKES, goed 30 jier, yn De Kompenije. Mei oaren hat
er op 5-11-1801 út it hok fan Jelte Eizes in pear stikken f1eis en
spek, ensfh. stellen. By wer oaren in skiep en dat slachte. Strang
gisele en 5 jier tichthús. (4.13-12-3-1803) Soe nei syn ûntslach wer
hantlange ha by 't stellen, mar hy seit dat it net wier is. Hy is dan
38 jier. (466-14-9-1808)
BAUKE SIPKES, to Bûtenpost. Op snein 10-9-1730, hat er mei
Tetje Clasen op stap west en wurdt der fan biskuldige it "hart van
haar zijtsilver" stellen to hawwen. Snein 12-10-1738 hat er Antje
Jans nei hûs brocht dy't hwat to folle dronken hie. Hy soe har oan-
taest ha, mar seit dat it net wier is. (104-.10-7-1739)
BAUKJE PIERS, 47 jier, de frou fan Claas Elings yn De Kompe-
nije, berne to Greategast, wurdt ûntslein. Hja waerd der op oan-
sjoen út it skuorke fan ds. Marcus Jan Adriana to Tsjalbert hiel
hwat spullen to stellen to hawwen. Mar hja seit dat it abslút net
wier is, hja hat der nea west. (407-18-9-.1802)
BEERENT GERRIJTS, 30 jier, fan Aldegea, arbeider, hat in planke
stellen fan Ate Reinders, tsjin hwa er sei: "dat wist ik net dievel
dat het dyn planke wier maar ik heb hem drievende vonden". Hy
moat 14 dagen op wetter en brea. (450-18-2-1807)
BEERENT HENDRIKS, 26 jier, op It Hearrenfean, berne, Doorn-
spijk Geld. Hy hat fan de smid Meint Jans" drie paar reedijsers"
stellen. Der hat er in pear fan forkocht foar 16 stûren. Wurdt 1
jier band. (450-19-2-1807)
BEERENT JANS, fan Aldeskoat moat 14 dagen op wetter en brea
om 't er roppen hat fan oranje boppe en ek sein hat, ik bin in Prins-
man. (347-11-4-1796) Foar in selde feit moat er nochris 14 dagen
op wetter en brea. Hy is dan 25 jier. (348-28-6-1796)
BEERENT MEELES, arbeider yn de Knypster Kompenije hat op
14-1-1798 mei Jan Annes it tsjin de Skoatterlânske gerjochtstsjin-
ners tige yn 'e kant set. Hy moat 8 dagen op wetter en brea. (364-
2-2-1798)
BEERND ALBERTS, 45 jier, Noardwâlde. Hy hat in koer mei bijen
stellen "staande in 't Vlet by Snelshutte". Dy hat er foar 6 goune
forkocht oan Geert Jacobs, skeper to Buil. Acht dagen op wetter
en brea. (385-11-3-1800)
BEERNT JANS, fan Bûrum hat op sneon 20 februwaris mei oaren
oan it jeneversûpen west en doe Antje Clasen dronken boarnd. Har
dêrnei skandalich mishannele. Twa jier band. (92-19-3-1734)
BEERNT ROELOFS, to Finkegea hat mei syn broer Jan op 'e sweef
west en sa hjir en dêr it ien en oar weikape. Op snein 2 augustus
to Steggerda by Aaltje Jans de frou fan Albert Frans, roggebrea,
bûter, en oare spullen stellen. Hy kriget 1 jier en Jan 2 jier ticht-
hús. (214-9-9-1772)
BERBER GERRYTS, to Aldeboarn hat dêr yn 1755 út in winkel
stellen: "eenig Harlinger bont". Hja wenne by har broer Hendrik.
By Wiger Ages wie hja "op hoosvoetelingen" yn de achterkeamer
slagge en hat der in read baeijen rôk stellen, ensfh. Strang gisele
en 3 jier band. (158-29-5-]756)
BERENT CLAESSEN, to Lippenhuzen hat as mounder op "de Clet-
ten" de mealbilêsting ûntdûkt. Krijt in boete fan 50 gouden Fryske
Ryders boppe de kosten. Mei net earder loslitten wurde of dat
moat earst bitelle wêze. (16-10-7-1706)
BERENT JANS, fan Kollum hat yn 'e nacht fan 19 op 20 juny by
Marten Cornelis "op het nieuwe Cruislandt" in rút ynslein, ynbrut-
sen en stellen. Hy seit dat er it fanwegen de hûnger dien hat.
Strang gisele en 3 jier tichthús. (131-17-9-1746)
BERENT WILLEMS, to Feanwâlden is ûntslein. Hat mei Jetske,
de frou fan Jeremias Rienx op 5-1-1736 op redens nei Hurdegaryp
west en wurdt der fan biskuldige it mei har oanlein to hawwen, hwat
beide ûntstride. (97-14-4:)736)
BERENTIE JANS, to Twizel hoewol net troud hat yn 1727 in twilling
krige, hwerfan ien dea berne wêze soe en it oare letter stoarn is,
neffens har sizzen. Gerlof Cornelis hie har oars trouwen ûnthjitten,
mar der har mei sitte litten. "In een sack gestoken en in 't diep
ontrent de galge verdronken en daarna 't lichaam in een sack op
een staeck ende rad ten spectacule sal worden gestelt, houdende
met de eene handt een gemaeckte pop". (86-17-2-1731)
BETTEN, Albert Jans, 45 jier, to Noardwâlde, is ûntslein. Hy
waerd der fan biskuldige op snein 13-9-1795 to Vledder stellen to
hawwen, mar hy seit dat it net wier is. (344-20-11-1795)
BINDERT EELTJES, 19 jier, Akkrum is ûntslein. Hy waerd der
fan biskuldige op 5-3-1797 Josua Koel bidrige to hawwen. (357-22-
6-1797)
BLAAUW, Sierd Wybes, 24 jier, yn De Knipe. Hy hat roppen
"Oranje boven, is dat niet best! vervloekte Keesen gaat in uw nest,
de eerste Kees, die my wat doet, zal ik donderen onder de voet".
Twa jier band. (347-11-3-1796)
BLOM, Attico, 30 jier, wennet by syn heit J. Blom to Kollum,
wurdt ûntslein. Hy soe op 4-2-1797 meidien ha oan it oproer. Mar
hy ûntskuldiget him, dat hja him mei geweld twongen hiene om mei
to dwaen. (361-18-10-1797)
BONNE OENES, 14 jier, to Kûkherne,hat fan syn boers souder stel-
len: "twe koppen van visfuiken en zes vernsterbanden'". Dat spul
hat er foar 16 stûren forkocht oan Durk Harmens. Ek hat er op
namme fan syn boer Geert Teunis to Kûkherne 2 healpounen tabak
kocht. By de Jistrumer bakker "op de kerfprik heeft gehaalt twee
geheele brooden", wylst er ien helje moast. Doe is er ek noch by
syn boer weiroun en mei syn broer Rinse op 'e streup gien. Fier-
ders biddele en ynbrutsen. Foroardiele om "over de bare gegeeselt
te worden" en dan 8 dagen op wetter en brea. (434-25-6-1805)
BONTIE ANDRIES, 15 jier en har .broer Jan 12 jier, ha sa'n 50
poun âld izer stellen en dat forkocht foar in stûr it poun. Hja moat
14 dagen op wetter en brea. (191-9-10-1766)
BOOMSTRA, Rommert Hendriks is 48 jier en wennet to Akkrum,
is berne op De Jouwer. Hy hat tige ôfjown op it Hof fan Fryslân
en him ek mei forkearde froulju ôfjown. Syn eigen frou Rigtie
Siebrens Hoitema wennet mei de bern to Bolswert. Hja moasten
foar him wol hakken op nimme doe’t er de hiele boel forkocht hie.
By in Haebeltje Wigles hat er ek bern hwerfan de jongste in Hiltsje
is. In healjier tichthús. (376-11-7-1799)
BOON, Heere Geerits syn Widd. Corneliske Jacobs to Drachten N.
hat roun to biddeljen en soe ek lange fingers hawn ha.. Moat 3 wike
op wetter en brea. (277-28-2-1788) Yn 1790 en 1791 wer stellen
en krijt derfoar 2 jier tichthús. Mar noch kin er it stellen net lit-
te en wurdt dan foroardiele ta strang giseljen en 3 jier tichthús.
(332-22-2-1794) .
BOTE HENDRIKS, skippersfeint to Aldeboarn. Mei it jongfolk
hat er op 26-12-1757 west oan it hûs fan hospes Thee Jolles to
Sint Jansgea "aan de Oostkant van de Brugh”. Nou wie der West
fan de brêge ek in seIskip by Oeds Lieuwes. Dy nachts tusken twa
en trijen binne beide selskippen opbrutsen en krigen it meiinoar
oan 'e stôk. Bote hat flokkend en driigjend mei 't bleate mes Sijne
Durks fan Aldeskoat in mep jown. Hy ûntskuldiget him dat it út sels-
fordigening west hie. Sijne hie him earst in feech krekt hoppe it
rjochter each jown. Dochs moat er 14 dagen op wetter en brea.
(164-1-6-1758)
BOTE JENTJES, 25 jier, Drachten, berne to Huizum, is op sneon
25-6-1808 mei noch in pear oaren op 't hynder nei Marsum tein.
Dêr hat er syn maet Andries Jacobs in pong mei jild ûntstellen,
sa'n 40 à 50 goune. Dy pong sit noch yn 't dossier. Strang gisele
en 1 jier band. (465-16-7-1808)
BOUMAN, WILLEM HENDRIKS 30 jier, to Bûtenpost wurdt ûnt-
slein. Hy hat in pear jier as feint by skuonmakker Jan Jacobs
Miedema wenne. En dy wol der op út dat Willem him in himd ûnt-
stellen hat, hwat net wier is, seit WilIem. (402-9-5-1802)
BOUWE JEENS, boerefeint yn de Knypster Kompenije. Hy hat mei
Jans Annes en oaren it tsjin de gerjochtstsjinner yn 'e kant set.
Yn de tiid fan 15 dagen twaris in wike op wetter en brea. (364-2-2-
1798)
BOUWE PIETERS, fan Drachten is ûntslein. Hja biskuldigen him
dat er op 22-9-1797 yn De Lemmer yn in herberch oan de haven in
slokje kocht hie en oan in griene jager frege "zijt gij Groene Jagers
of zij vrijheids Jongens waaren". En fierders noch "Al die in ‘s
Lands regeering zitten zijn schelmen, ensfh". (364-24-1-1798)
BRANDT OEBLES, 30 jier, to Driesum be rne to Kollum, wurdt
ûntslein. Hy soe yn de nacht fan 3 op 4-2-1792 oaren oantrúne ha
om mei nei Driesum, mar hy seit dat it net wier is. (357-29-6-
1797)
BRANDT YDES, 26 jier, fan Kollumersweach, hat mei oaren op
snein 1-10-1775 west yn de "tent staande by de nieuw gegraven vaart",
ûnder de Westerein. In jongfaem fan 20 jier, dy't der ek west hie en wer
fuortroun, is er daliks efterneigien en hat har wyld oantaest en oer de
groun smiten. (tsjokdossier) Strang gisele en 7 jiertichthús.(230-21-12-1776)
BRECHTJE HENDRIKS, yn De Kompenije is 15 jier en berne to
Nijehoarne. Hja is 6-10-1802 foroardiele ta 14 dagen op wetter en
brea. Nou hat se mei har mem Korneliske Jans roun to biddeljen
en ek hat se noch 3 jongeshimden fan in bleek stellen. Strang gi-
gele. (441-5-3-1806)
DE BREE, Cornelis 46 jier, to Dantumawâld. Op sneon 4 febre-
waris is er mei Rintje Poort west oan it hûs fan de skoalmaster
dêr, H. Swaagman. Hy wie wapene mei in pistoal en stie oan it haed
fan in hiele binde en hja wiene mei elkoar nei De Falom taset.
Master Swaagman hiene hja net thús troffen, mar syn frou Geeske
Chrtistiaens waerd twongen it geweer en de patroantas fan master
mei to jaen. De Bree soe tsjin har sein ha "ik mogt dijn man voor
een dikkop jenever de hals wel afsnijden". Hja neamden master
de Reade duvel. Mar master liet him net fine, hwant dy wie nei
Ljouwert. Strang gisele en 5 jier tichthús. (354-18-3-1797)
BREKEVELT, Wynoldus Willems fan Aldegea. Mei oaren hat er
yn 'e nacht fan 18 op 19-2-1798 oan it hûs fan keapman Reinder
Klasen west en dêr gâns drokte makke. By Folkert Rienks ha se
in planke troch it efterkeamersfinster treaun, ensfh. Hy moat in
boete bitelje fan 50 goudgoune en oars in healjier tichthús. (367-
15-5-1798)
BRUGT ANNES, 59 jier "inde Wijllingen onder Boornbergum". Op
woansdeitojoun 17-3-1762 tusken 9 en 10 ûre kaem er oan it hûs
fan Trijntie Lammerts,widd. Jentie Meinerts der’t er yn ‘e kost
lei, Noch mar krekt ûnder de wrine hearde er immen foar it finster
dy't rôp "Trijntie moeij, slaapje koom er aff, Thijs Diemers is
weder in u Lijtshuys". Brugt der opslach ôf en dy krijt it mei Thijs
oan 'e stôk en seamet him omreitsen ôf. En der moat er nou 14
dagen foar op wetter en brea. (177-21-4-1762)
BRUYN EVERTS, 16 jier, is berne to Garyp en in soan fan Marijke
Romkes. Hy kaem 26-8-1771 by Poppe Lourens, boer op 't Noarder-
leech ûnder Hallum. Hy frege oft er dêr ek oanslach krije koe. Mar
dat koe net wurde. Oft er dan de nachts oerbliuwe mocht. Ja, dat
moast dan mar. Doe't er de oare moams ôfsetten wie, misten hja
in pear skuon mei sulveren gaspen en in pear "hoosen en een boe-
selaersbroek". Twa jier tichthús. (210-10-9-1771)
BRUIN GOSSES, 31 jier, assistint to Burgum, 91-28-11-1733; 106-
3-2-1740; 140-12-3-1750 hat mei oaren yn de Gritenijsrjochtkeamer
to Burgum op de finzene Ate Cloosterman passe moatten. Mar de
sliep is har oermânsk wurden en Ate har ûntkommen. Hja ha wol
daliks prikken yn 't wurk steld om him wer op to pakken, mar dat
is mislearre. Hy moat 8 dagen op wetter en brea. (144-19-3-1751)
BUWE EELKES, 15 jier, to Kollumersweach. Hy hat mei oaren
hiel hwat by elkoar stellen. Ek hat er út in stik lân in swarte mer-
je, mei in kol foar de kop en mei in lange sturt, stellen. Strang
gisele en 10 jier tichthús. (235-19-12-1778)
C sjoch op K
__D__
DANIEL LIEPPES, 17 jier, yn De Koaten is ûntslein. Op 4-2-1797
hat er mei oaren to Augustinusgea west. Der ha se de kaei fan de
tsjerke opfrege. Syn broer Andries wie der ek by. Nou wurdt hy
der fan biskuldige de klokken mei let to hawwen. Hy seit dat it net
wier is. (355-26-4-1797)
DAVID HEIJMANS, 40 jier, joadekeapman to Noardwâlde. Hy hat
lotterijbriefkes forkocht en dêrby de keapers wysmakke, dat der
gjin nieten by wiene ensfh. Der sit ek in brief yn dit dossier. Twa
jier tichthús. (454-15-7-1807)
DEDDE JANS, yn de Falom is by sentinsje fan 14-3-1754 foar it
stellen fan himdrokken mei sulveren knopen by gebrek oan biwiis
ûntslein. Mar nou hat er yn de hjerst fan syn boer "een groote
Friesche Gras zeijn" stellen. Tsjûgen forklearje dat Dedde altyd
by syn âlden en by pake en beppe yn De Falom tahâlden hat en dat
er wol ris in bytsje nuver wie. Hy moat 8 dagen op wetter en brea.
(194-20-10-1767) Mar hy hat wer hiel hwat by elkoar stellen en
krijt dan 3 jier tichthús. (203-19-2-1770)
DIEUCKE JANS, 14 jier, is in dochter fan Froukjen Feddes. Hja
wennet by har stevader" Harke Jans en har mem. Hja biwennen
in keamer fan Gaatske Nicolai. Op tongersdei 2 july doe’t Gaatske
fan honk wie,hat hja der ynbrutsen en stellen. Twa jier tichthús
(233-14-7-1778)
DIEUKE JANS, 32 jier, is berne op 't Hearrenfean. Op 3-6-1807
kaem hja de jouns by Lieuwe Douwes to Eastermar. Dêr mocht
hja de nachts yn de skuorre sliepe. Dy nachts hat se dêr twa bed-
delekkens, in pear himden, ensfh. stellen. Strang gisele en 2jier
tichthús. (453-11-7-1807)'
DIRK ABRAHAMS, 30 jier, to Aldegea is yn 'e nacht fan 18 op 19-
2-1798 mei oaren tige to kear gien by Reinder Clasen. Ek hat er
Reinder bidrige. By Folkert Rienks de glêzen ynslein, ensfh. Hy
kriget 100 goudgoune boete en by net op tiid biteljen 1 jier tichthús.
(367-18-5-1798)
DIRK CLASES, to Driesum hat op 2 maert út it skip fan Geert
Romkes mei oare spullen ek in sekje mei jild stellen. Syn frou
Aukjen Sipkes hie der weet fan. Twa jier tichthús. (206-5-7-1770)
DIRK CORNELIS, 54 jier to Urterp is ûntslein. Hy soe op tiisdei
27-2-1797 Aldert Pyters en Sybe Egberts oansein ha dat hja wacht
hâlde moasten. Hy seit, dat it west hie tsjin minsken dy't forkeard
woene. (355-25-4-1797)
DIRK JANS, 17 jier, Kollumersweach, is ûntslein. Hy waerd der
fan biskuldige op sneintojoun 19 jannewaris yn de Westerein mei 't
mes yn 'e hân oaren bidrige to hawwen. Hy seit nea it mes lutsen
to hawwen. (250-14-J-1783)
DIRK JOHANNES (JANSEN), fan Lippenhuzen hat mei oaren oan
it slûkjen west. Ien fan harren hat op de opsichters sketten. Strang
gisele en 5 jier tichthús. (83-22-1-1729) en (89-16-12-1732) út it
tichthús brutsen, Dirk Jansen Aldeboarn.
DIRK LOURENS, fan Gerkeskleaster hat op 23-5-1746 to Muontsje-
syl ynbrutsen en stellen. Hy seit dat de honger der him ta dreaun
hat. Strang gisele en 7 jier tichthús. (131-22-10-1746)
DIRK LYKLES, skûtskipper op De Gordyk west. Hy hat it de skût-
makker Folkert Jans en har dy't arbeidden oan in HynljipperKoffe,
tige lêstich makke en bidrige. Ien jier band. (232-9-7-1777)
DURK DURKS, 73 jier, Drachten hat forskate minsken oansein dat
se op 22-10-1796 de klokken liede moasten. Hy moat 14 dagen op
wetter en brea. (352-8-12-1796)
DURK PIETERS, fan Surhusterfean hat in leppe stellen en 3 hinnen,
ensfh. Syn frou Trijntje Jacobs is 33 jier. Hy kriget 1 jier tichthús.
(434-20-6-1805 en 439-7-12-1805)
DIRK SJOERDS, 15 jier, to Surhústerfean. Yn 'e nacht fan 5 op 6
july hat er mei syn heit Sjoerd Durks en syn broer Jan Durks, fan
de widd. Pieter Sjoerds dêr in himdrok mei sulveren knopen stel-
len en noch mear spullen. Twa jier band. (485-28-9-1810) Hy
komt binnen de tiid werom. Kriget ½ jier tichthús en dan 2 jier band,
(489-16-1-1811)
DIRKJEN GEERTS, berne "van der Ydsert" (Teridzert). Hja hat
mei Hendrik Manvast fan Westerbeek in 20 skiep dy't stellen wiene
nei Easterwâde brocht. SeIs hat er ek stellen. Strang gisele en 3
jier tichthús. (109-18-3-1741)
DIRKJE JOUKES, 40 jier, en berne to Feanwâlden, nou wenjend
to Gietsjerk. To Inglum hat hja in pear sulveren skuongaspen stel-
len. Strang gisele en 1 jier tichthús. (452-25-4-1807)
DOEIJE GEELES, 19 jier, to Garyp hat by Hendrik Jans wever,
Suder Drachten, in koperen tabaksdoaze stellen en ek noch "een
ploegketting of ploegzeelt". Trije jier band. (482-15-5-1810 en
488-24-11-1810)
DOIJTSE JOUKES, to Beetstersweach is ûntslein. Hy waerd bi-
skuldige syn boer der’t er by arbeide in nôtsek ûntstellen to haw-
wen. Mar hy seit fan neat to witten. (67-2-7-1722)
DOOITZE TJEERDS, hat wer ris roun to biddeljen sa tsjin skimer-
joun. Hy ûntskuldiget him, dat er wol altyd syn bêst dien hat om
wurk to krijen, mar dat it lang altyd net slagje woe. Moat 14dagen
op wetter en brea. (327-6-3-1798)
DOUWE DOUWES, 18 jier, to Burgum is mei oaren "gereden langs
de zoogenaamde hooyweg bezijden de wijde Ee" ûnder Burgum. Hja
ha fleurig oranjelietsjes songen: "Al is de Prins nog zoo klein,
evenwel zal hij Stadhouder zijn!” Yn de tiid fan 3 wike twaris in
wike op wetter en brea. (349-15-9-1796)
DOUWE JANS, 44 jier, berne Noardwâlde. Yn 1806 hat er fan Sieger
Oebles ûnder Nijeholtpea 122 roeden en 6 foet "baggelaar" kocht
foar f 3.50 de roede. Dat makke f 428,35. Doe't er der f 176.--
op bitelle hie, hat er de kwitânsje forfalske en wol sadanich as soe
er it hiele bidrach bitelle ha. Hy moat in kertier op it skafot to
pronk stean mei in papier op 't boarst: Falsaris, en fierders foar
5 jier band. (450-7-2-1807)
DOUWE JASPERS, fan Drachten is 40 jier; is ûntslein. Hy soe mei
oaren 7-3-1750 de jouns tusken 6 en 7 ûre kommen wêze oan it hûs
fan de "breijder" Hans Hendriks yn de Folgeren. Mei in peal is der
in sydmuorre omraemd. Hy hâ1dt fol dat hy der net by west hat.
Op dat stuit wie er by syn stiemoer, Engel Daniels, dy't der flak
foaroerwenne. (17-15-2-1707 en 142-1-7-1750)
DOUWE JURJENS, 34 jier, to Kollum, berne to Eanjum. Hy hat op
4 en 5 febrewaris 1797 meidien oan it Kollumer oproer. Mei 4 roe-
den strang gisele en 7 jier band (369-7-7-1798)
DOUWE PIETERS, 27 jier, fan Ketlik hat op 4-12-1804 op it boel-
guod fan de wid. Luit jen Geerts Sil. west. Frijhwat drank oer de
tonge wipt en mei syn dronken gat it tsjin de assistinten yn 'e kant
set. Skopt en om him hinne slein en folIe net genôch. Yn de tiid
fan 5 wike trijeris in wike op wetter en brea. (425-11-5-1804)
DOUWE ROELS, 22 jier, to Surhusterfean is ûntslein. Fortocht
dat er mei oaren oan it stellen west hie. Hy seit dat er gjin minske
tonei west is of bistellen hat. (413-11-2-1803)
DUIRDT DUIRTS, yn De Kompenije is al jierren in troud man,
mar libbet mei Jits Uylkes as man en frou. Strang gisele en 3 jier
band. (83-24-7-1729)
DUURD DUURDS, op De Gordyk is ûntslein. Hy wie der fan biskul-
dige dat er mei oaren oan it sûkjen west hie. Hy seit lykwols dat
it net wier is (83-25-9-1729)
DUURSMA, TRYNTIE FEDDES, 32 jier, widd. Hylke Martens fan
Kollum, is ûntslein. Hja waerd der fan biskuldige in pear doeken
út in winkel fan Elisabet Jans, widd. Wouter Egging, stellen to haw-
wen. Nou wie Elisabet net sa'n bêsten ien. Yn dit dossier binne
twa briefkes, ien fan Ds. Budel en ien fan âderling Yte Johannes,
dat Elisabet 30-8-1797 fanwege dronkenskip it Hillich Jounmiel
ûntsein wie. (362-28-11-1797) Foar it stellen fan in frouljushimd
op 1-8-1804 fan de bleek fan Jan Klaases moat hja yn de tiid fan 3
wike twaris in wike op wetter en brea. Hja is berne to Drachten
en nou 38 jier. (428-3-10-1804)
E__
EABLE EABLES (AEBLE AEBLES), de oude, 56 jier, Kollum,
berne to Bûtenpost. By sentinsje fan 24-6-1797 foar 5 jier band.
Is binnen de tiid werom kommen en moat dêrfoar yn trije wiken
twaris in wike op wetter en brea. Ek hat er meidien oan de reboel-
jes. (373-20-2-1799)
EDSGE SIMONS, fan Kollum hat út it tún fan Aukjen Spoor "een
roode Mecrabben doek" stellen en dy foar 6 stûren forkocht. Moat
14 dagen op wetter en brea. (327-9-4-1793)
EEBE (EBE) JANS, 54 jier, Bûtenpost, hat op woansdei 5 maert
mei Poppe Claessen fan Jistrum it de assistint Claes Douwes tige
lêstich makke, doe't dy dwaende wie de specien to innen. Hy seit
dat er doe dronken wie en net wist hwat er die. Beide krije 2 jier
tichthús. (137-17-4-1749)
EEBLE RINSES, 65 jier, fan Drachten, hat yn 'e nacht fan sneon
op snein út it hok fan Claes Douwes, boer to Drachten N, mei
Riemer Tjeerds, turf stellen. Doe't hja dêrmei dwaende wiene
kaem de boer mei syn feint har oer 't mad. Riemer koe noch hak-
ken opnimme mar Eeble krigen se to pakken. Hy maat 8 dagen op
wetter en brea. Syn frou, Trijntje Fokkes, wie 52 jier. (354-29-
5-1797 en 364-9-2-1798)
EELK GERKIS, to Aldeboarn hat alhiel frijwillich 8 jier arbeide
yn 't Aldeboarnster spinhús. De lêste 4 jier wie Hylke Johannes
spinbaes en dy makke it har wol gauris lestich. Earst woe hja der
net oan tajaen, mar op 't lêst wie it der dochs fan kommen. En nou
hat hja op 't tsjerkhôf in dea bern to wrâld brocht. Hylke soe dat
bigroeven ha. Hja krijt 5 jier tichthús. (79-16-10-1726)
EELK SJOUKES, 30 jier, is de frou fan Egbert Hendriks, 29 jier,
to Moarmwâld. Foar in jiermannich binne hja to Dokkum troud,
yn 1782. Hoewol har man yn 't tichthús siet, hat hja 23-9-1790
in dochterke to wrâld brocht. Strang gisele. (313-4-12-1790)
EELKE RINSES, 26 jier, to Feanwâlden hat mei Romke en Gerben
Sybrens op 25 septimber yn it hôf fan Herre Thaekes op Skilkam-
pen ûnder Ljouwert oan it appelstellen west en de eigners bidrige.
De boer en syn feint mei geweld twongen om de appels foar harren
fan de beammen to skodzjen. Hja krije 4 jier tichthús. (248-24-10-
1782) Mei willem Hendriks en dy syn soan hat er wer oan it stellen
west en de minsken dy't hja bistielen ek noch tamtearre. Twa tsjok-
ke dossiers. Strang gisele, brânmerke en 10 jier tichthús (320-17-
12-1791)
EELKE ROELOFS, berne to Hoarnstersweach en wenjend to Duers-
wâld is ûnltslein. Hy waerd der fan biskuldige de lju oanset to haw-
wen de quotisatie net to biteljen. Mar hy seit dat it net wier is.
(141-27-4-1750)
EELKE WOPKES, 62 jier, to Surhústerfean wurdt ûntslein. Hy
waerd der fan biskuldige "een donker bruin Baaijtje of Hemdrok"
ensfh. stellen to hawwen. Hy hâldt út dat it net wier is. (400-21-1-
1802)
EELSE AANS, 20 jier, is boerefeint to Duerswâld. Hy hat op snein
22-3-1795 oranjelietsjes songen. "Oranje boven de keesen onder
en na de Donder". Moat 14 dagen op wetter en brea. (338-15-4-
1795)
EEUWE ENNES, to Bûrum is 62 jier en hat op 4-2-1797 meidien
oan it Kollumer oproer. Hy hie roppen dat allegear dy't ûnder "de
genootschappen waaren, dood geslagen moasten worden". Neffens
him moast der net ien yn libben bliuwe. Boppe de kosten 700 goud-
goune boete binnen 14 dagen to biteljen. (368-29-6-1798)
EGBERT CORNELIS, alias Kat, to Nijeberkeap, hat yn 'e nacht
fan 18 op 19 maert 1799 in koer mei bijen stellen. Twa jier ticht-
hús. (407-10-9-1802)
EGBERT EVERTS, 15 jier, yn De Knipe, soan fan Evert Buijsman,
wenjend yn 't Mar. Hy hat op 21-12-1768 ynbrutsen en stellen by
Geert Nardus, in frijgesel, yn De Knipe, ûnder Langsweagen.
Hwat jild út de man syn bûse stellen. Hy kriget 2 jier tichthús.
(199-19-1-1769)
EGBERT HARMENS, is 21 jier, to Mildam, en berne to Oranje-
wâld. Yn 'e nacht fan 4 op 5-9-1805 hat er op Aldeberkeapster
jiermerk it yn 'e kant set tsjin de eksteur. Moat 14 dagen op wetter
en brea. (437-23-10-1805)
EGBERT JANS, 26 jier to Noardwâlde hat roun to biddeljen en to
stellen. Hy seit dat earmoede der him ta twongen hie. Ien jier
tichthús. (246-7-3-1782)
EIJSE ANNlS, fan Koartsweagen hat mei Wybe Harmens en Evert
Jans op 14-10-1711 oan it stellen west. Ek hat ien fan harren op de
chergers sketten. Strang gisele, brânmerkt, 7 jier tichthús en dan
foar ivich band. (51-9-7-1718)
ElJSE TJEERDS, 28 jier, is in soan fan Tjeerd Bonnes op 't Wyt-
fean. Hy hat op Droegehamster hjerstmerk 1792 fan Sjoerd Sytses
syn hynders twa hynstedekken stellen. Op 22-9-1794 noch mear
spullen stellen. Trije jier tichthús. (330-19-11-1793 en 6-2-1795
en 335-10-9-1794; 337-5-2-1795 en 337-6-2-1795)
ElJT JANS, "op de Jmerwijck" Drachten N. is 33 jier. Hat sa to
hea en to gers mei Claes Alberts turf stellen. Moat 14 dagen op
wetter en brea. (199-8-3-1769)
ELlSEBETH TJEBBES, 43 jier, is de frou fan Daniel Klasen, ar-
beider to Drachten N., is ûntslein. Hja soe in bûgeltas stellen
ha fan Sytske Klases, de frou fan Jan Frederiks Meijer, gernier
to Drachten N. en ek noch 4 sulveren dukatons, mei noch twa frjem-
de stikken jild. Op 4-10-1805 hie se har dochter Antie mei ien fan
dy frjemde stikken nei de groatmakker Oebele Jans stjûrd om hwat
moal to heljen. "die het stuk geld tegens 44 stuivers Hollandse
heeft ontvangen". Hja seit dat se berne is op 't Wytfean en dat
frjemde jild al langer as 20 jier yn bisit hawn hie. (439-20-12-
1805)
ELSKE PlERS, 25 jier, yn De Knipe, hat stellen en wurdt foroar-
diele ta 2 jier tichthús. (314-17-2-1791)
ELSKE PlETERS, 20 jier, fan de RottefalIe hat inkelde wiken as
spinster tsjinne by Jan Foekes, 45 jier, gernier, en Pietje Valen-
tijn 32 jier to Hallum. Doe't se in kear op 'e bern passe moast,
hat se út it kammenet 23 sekstehealen stellen en ek noch oare spul-
len "een paar bleekblauwe vrouwen handschoenen" ensfh. Boppe
de kost fortsjinne hja deis in stûr. Band 5 jier. (474-14-6-1809)
ENGBERT ENGBERTS, 19 jier, yn de Knypster Kompenije, is ûntslein.
Waerd der fan biskuldige mei Reinder Herres Qranjelietsjes songen to
hawwen. (362-1-12-1797) Mar yn 'e nacht fan 14 op 15-2-1807
hat er by syn buorlju Iede Jans ynbrutsen en gâns spullen stellen.
Mei 5 roeden strang gisele en 5 jier tichthús. (453-9-6-1807)
ENGELTJE JANS, de frou fan Simme Jans to Drachten, 25 jier,
yn De Kompenije. Har man hat hjouwer stellen en noch mear
oare spullen, dy't er earst yn 'e groun bistoppe hie. Hja wie der
mei op 'e hichte en hat it letter opgroeven. Twa jier tichthús {396-
18-6-1801)
EPPINGA, Hendrik, is 27 jier en in soan fan Hemricus Eppinga
med. dr., 45 jier to Kollum. Hy hat 6-5-1789 op Stienzermerke
Tjalling Lyckles bistellen. Ek hat er noch oaren spullen ûntfyt-
manne. Kriget 5 jier tichthús. (302-17-9-1789)
ERINGA, Arnoldus Foekes fan Drachten "sig voor eenige tijd in
overspel hebbende verlopen". Dêr is er foar yn in boete slein. Nou
is er him as prokureur to bûten gien en hat dingen úthelle dy' t
lang net troch de bûgel kinne. Wurdt 3 jier band. (26-5-12-1710)
ETJE TJERKS, 12 jier, to Lippenhuzen hat in búne doek en in
stikje blau mantelkoarde stellen. Moat 3 dagen op wetter en brea.
(424-13-4-1804)
__F__
FABRITlUS, Bernardus to Drachten, 38 jier. Op 14-2-1761 is er
gien nei it hûs fan fiskael Julius Tjallings. Op in paed dêrhinne hat
er tsjin Antonij Fellinga sein dat er nei fiskael soe: "dat die duy-
vel van avond capot en sterven soude, onder sijne handen…………
dat hy syn huis soude verbranden……… "Dêr moat er 2 jier foar
sitte. (178-24-6-1762) Sjoch Drachtster Krante fan 27-11-1753
mei stamreeks, ensfh.
FARDUW ALBERTS, to Wolvegea,22 jier, en berne to Aldetrine.
Hja is de frou fan Jouke Times en wurdt ûntslein. Har man soe in
greate izeren pot stellen ha en der soe hja weet fan hawn ha. Beide
sizze dat er dy yn in boelguod kocht hat. (400-3-12-1802)
FEDDE HARINGS, fan Beets is ûntslein. Hy hat to Hyn1jippen wen-
ne en wurdt der fan biskuldige dêr sédykspeallen útwrikt to haw-
wen en oan brânje makke. Hy seit aars neat as allinne mar los-
lizzende stikjes mei nei hûs nommen to hawwen. (111-8-7-1741)
FEITZE ROELS, is 28 jier en in soan fan RoeI Feitses, hospes
yn De RottefalIe oan de ein fan de lange Wyk, ûnder Harkema-
Opein. Op 18-6-1787 op Eastermarder merke hie er de jouns gâns
in stik yn 'e kraech. Oan 't hûs fan Sijbren Miets krige er it oan 'e
stok mei de assistint, dy't er in slach yn 't gesicht joech. Yn de
tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (273-22-6-1787)
FEIJKE ZIJTZES, fan Surhuzum hat roun to biddeljen en moat 8
dagen op wetter en brea. (247-5-6-1782). Op sneon 27-8-1785 hat
er mei Jacob Hendriks ynbrutsen en stellen yn Grinslân. Hy is dan
40 jier en kriget 5 jier tichthús. (265-15-2-1786)
FEIJTSE DIEMERS, 40 jier, is berne to Beetstersweach. Hy hat
op freed 14-11-1806 út it lân fan Gerrit Reitsma "een zwart bont
bles rier" stellen. Op sneon 15-11-1806 op 'e merke to Ljouwert
dat rier forkocht foar f 25. --.Mei 5 roeden strang gisele en 5
jier tichthús. (449-27-12-1806)
FEIJTSMA, JAN JANS to Kollum is 43 jier en berne to Lutjegast.
Hy hat op 4 en 5-2-1797 meidien oan de reboeljes to Kollum. Bop-
pe de kosten 500 goudgoune boete, binnen 14 dagen to biteljen.
(368-23-6-1798)
FELTKAMP, Hendrik, to Kollum is 52 jier. Op 13-11-1799 hat
er foar it Kollumer rjochthús roppen "Oranje boven! oranje boven,
alle patriotten zijn schelmen en ik ben een koningskind". Hy seit
dat er doe dronken wie. Wurdt 7 jier band. (385-14-2-1800)
FEMKE JANS, 17 jier, wenne as faem by Barent Croesen op 't
Hearrenfean. Barent kaem fan Millingen út it lân fan Cleef en wie
al 14 jier troud oan Maria Elisabet Canjeboom. Om’t er great
waerd mei de faem krige dy fan har frou healjoun. Mar doe binne
hja togearre op stap gien en ha libben as man, en frou. Strang gi-
sele en 3 jier band. (107-30-5-1740)
FETTJE HAANTJES, 16 jier, yn De Knipe West. Hja hat fan skuon-
makker Rinke Daniels in koperen goatling stellen. Ek hat se turf
en oare spullen stellen. In healjier tichthús. (488-10-12-1810)
FOEKJE HENDRIKS, 33 jier, berne to Mildam. Hja is al fjouwer-
ris earder foroardiele. Nou hat hja wer oan it stellen west. Mei
4 roeden gisele, 5 jier tichthús en dan noch 4 jier band. (476-14-
7-1809)
FOKJE ALLES, berne to Jistrum hat foar faem tsjinne by Jacob
Theunis, boer to Miedum. Fan har boer hat se f 61.50 oan jild-
stellen en 4 tipmûtsen en "een blauwe zakdoek" en noch mear oare
spullen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (489-8-2-1811)
FOKJEN ELINGS, fan De Knipe West hat op sneon 29-1-1785 fan
in bleek in manlju's- en in jongeshimd en 2 lekkens stellen. Hja seit
dat se dy spullen achter in hage foun hat en min lizze litte koe.
Twa jier tichthús. (261-6-5-1785)
FOKKE GEELIS, yn De Kompenije hat mei Lyckle Heelis op 28-
12-1785 yn de omkriten fan Delfsterhuzen oan it nachtbiddeljen west.
Strang gisele. (265-4-2-1786)
FOKKE (FOOKE) JANS, fan Eastermar wurdt ûntslein. Hy wie der
fan biskuldige fan Oene Dirks dêr in skiep út it lân stellen to hawwen.
Sytse Saapes hie yn dat lân twa fette skiep rinnen dy't er op 50
poun fleis taksearre. Fokke koe se keapje foar f 6. -- it stik, mar
Sytse ornearre dy priis soe Fokke stoefernôch oankomme. Mar
hy hie gjin biswier dat se der noch in wike twa trije rinnen bliuwe
soene. Op dy bitingsten hie Fokke se kocht en letter ien fan dy
skiep op ljochtskyndei út it lan helle, en dat wie alles. (193-3-2-
1767 en 371-15-12-1798), dan is er 56 jier.
FOLKERT ALBERTS, to Aldeboarn is 31 jier en de man fan Sjouwk-
jen Ysbrands, 23 jier. Doe't syn frou in bern forwachte en doe't
dat al op kommen stie, hat er har slim tamtearre. En dat wie net
de earste kear. Ek hat er syn skoanmem, Jeltie Clasen widd.Ys-
brand Tomas to Aldeboarn "zeer mishandelt". Ien jier band. (271-
16-3-1787)
FOLKERT GERBENS, 40 jier, to Eastermar. Foar 't Hof hat er
in falsk tsjûgenis ôflein. Immen to'n ûnrjochte fan stellen bitige.
Wurdt foroardiele "omme by de scherpregter op het Schavot ge-
leidet, aldaar ruggelings aan de paal gebonden en een vierendeel
uurs ten spectacule gesteld te worden". Mei op it boarst: "Valsche
Getuige en Meineedige". En dan yn de tiid fan 3 wike twaris in
wike op wetter en brea. (443-15-5-1806 en 462-12-3-1808)
FOLKERT JANS, fan De Knipe wurdt foar 2 jier band. Op snein
16-9-1720 hat er yn de herberch "alwaar de eenhoorn uijthangt"
op 't Hearrenfean west. En dêr hat er it mes wer ris lutsen. Fan
it Nedergerjocht is er al in pear kear yn in boete slein. Om 't er
dronken wie wit er net rjocht hwat der bard is, seit er. (60-18-9-
1720)
FOLKERT LINSES, fan Drachten krige mei immen út Warten op
5-2-1711 oer it "reedrijden op ‘t ijs" wurden. Dat draeide op
fjochtsjen út. Mei 't mes hat er dy in jaep oer 't wang jown. Op 22
en op 25-2-1711 hat er him by hospes Hans Sickes tige tjirge;
"seggende duyvels eijgen de syn, en nogh Grietman noch duyvel
nogh doot te vreesen". De faem fan Jets Fopkes hat er mei geweld
oantaost. Strang gisele en 5 jier tichthús. (27-23-5-1711) Yn it
tichthús hat er der alles op set út to brekken. Strang gisele. (31-
11-3-1713)
FOLKERT WYBES, fan Kollumersweach hat mei Jan Alles en oaren
sa by nou en dan "Willige Boomen af te kappen". Moat 8 dagen op
wetter en brea. (231-26-2-1777)
FOLLE JANS, is 26 jier, to Kollumersweach, hat oan it sûpen
west, glêzen ynslein en slim tokear gien. Trije wike op wetter en
brea. (312-15-10-1790)
FOOKE ANNIS, 20 jier, to Lippenhuzen, hat mei syn broer Jan 4
skiep stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (99-2-2-1737)
FOPPE EERDES, 57 jier, fan "Roode Schuur" Achtk. hat forskate
minsken oansein dat hja har op 4-2-1797 ré hâlde moasten, en
har oantrúne om mei nei Kollum. Twa jier tichthús. (360-29-9-
1797)
FOPPE HINKES, 29 jier, "by de Drentsche Wyk" ûnder Bakkefean,
is ûntslein. Soe it mei syn broer Hindrik, 20 jier, de cherger
Hendrik Jans op 'e Haule lêstich makke ha, doe’t dy in slûke pak
mei likernôch 10 poun tabak to plak bringe soe. Foppe seit dat er
gjin finger nei de man útstutsen hat. (225-27-4-1775)
FOPPE JANS, syn frou, Hylkjen Wytses, 31 jier, op 't Hearren-
fean. (260-18-1-1785) Foppe Jans 50 jier, It Hearrenfean hat smoar-
ge tael brûkt tsjin Hendrik Christiaens Coenrade, 25 jier. Hat wol
faker smoarge dingen úthelle mei manlju. Kriget 10 jier tichthús.
(371-26-10-1798)
FOX, Sjoerd Durks to Surhústerfean, 55 jier, is berne to Moarm-
wâld. Hy hat syn frou, Grietje Foppes sitte litten en mei Antje
Johannes to Surhusterfean libbe as man en frou. By sentinsje fan
14-5-1785 gisele. Nou hat er ek noch by forskate lju oan it stellen
west. Strang gisele en 5 jier tichthús. (404-1-4-1802)
FRANS JOHANNES, op 't Hearrenfean, 30 jier. Hy hat op freed
16-2 út it Jacht fan Jelle Roels in greate matte stellen, tabak en
oare spullen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (365-10-3-1798)
FRAUWKJEN FOKKES, 30 jier, is de frou fan Teije Sakes, ar-
beider to Aldegea en wurdt ûntslein. Hja soe yn 'e nacht fan 15 op
16 juny stellen ha by Geele Rinderts en doe't hja trappearre
waerd in falske namme opjown ha. Hja seit dat der neat fan oan
is. (468-15-11-1808)
FREERCK ALBARTS, fan Aldetrine hat by nacht en ûntiid roun to
biddeljen. Moat 14 dagen op wetter en brea en wurdt foar ivich
bûten Fryslân band. (39-7-5-1715)
FREERK HENDRIKS, 19 jier, arbeider yn 't spinhus, hat fan spin-
baes Durk Pyters Sm. lân, 3 bûnte doeken fan de bleek stellen en
forkocht. Yn de tiid fan trije wike twaris in wike op wetter en brea.
(378-8-10-1799)
DE FRIES, Jan Sierks is kûper to Rinsumageast. In hwat wylde
bruijer dy't fan it Nedergerjocht al ris foroardiele is op wetter en
brea yn 't hounegat. Sûpe, rûzje meitsje, minsken bidrige, oan
syn eigen frou ta. Moat in healjier yn 't tichthús. (146-18-1-1752)
FROUKJE BOELENS, op It Hearrenfean soe 5 himden fan in bleek
kaept ha. Mar hja seit dat se allinne mar in âld manlju'shimd en
froulju'shimd meinommen hat, dêr't hja har bern mei oplape hat.
Ut greate earmoed wie hja der ta kommen. Hja moat 8 dagen op
wetter en brea. (233-15-9-1778)
FROUWKJEN CLAESES, yn De Kompenije, hat mei Janke Wopkes
ien en oar stellen út ‘e skuorre fan Claas Wytses, boer ûnder Alde-
boarn, en ek fan oaren. Moat 14 dagen op wetter en brea. (242-1-
5-1781) Hja hat trije bern oerwoun en nou wer roun to biddeljen en
to stellen. In jier tichthús. (251-30-4-1783)
FROUKJEN HAIJES, to Earnewâld hat as faem yn 'e nacht fan 15
op 16 maeije 1733 in libben jonkje to wrâld brocht en dat bern for-
dronken. Foar dit skriklik feit wurdt hja foroardiele “oome by den
scherpregter in een sack gestooken, in ‘t diep ontrent de Galge
verdroncken, en versmoord te worden, voorts dat 't lighaem in de
sack op een staack ende rad ten spectacule sal werden gestelt,
houdende met de eene handt een gemaechte pop. (91-28-11-1733)
FROUKJEN HARMENS, to Driesum, 18 jier, is ûntslein. Hja hat
troud west aan Eed Geerts, dy ‘t inkelde wiken nei it trouwen stoarn
is, al wer in pear jier lyn. Foar har boask hie se al omgang mei
in korporael Mulder fan Dokkum. Nou libbet hja mei him as man
en frou. Op 5-3-1750 kocht hja to Dokkum foar 2½ stûr rottekrûd.
Hja troude 8-3-1750 te Driesum oan Lieuwe Hendriks. De oare
deis bakt hja koeken. As Hendrik der fan iten hat wurdt er slim siik
en stjert op 10 maert. (143~22-10-1750)
FROUKJEN JANS, fan Aldehoarne is 17 jier en wurdt ûntslein. Hja
hat mei har suster Johanna op stap west en wurdt der fan fortocht
himden stellen to hawwen. Hja seit, dat se yn it fean arbeide ha.
En dat se nei Snits west hie "om zig in de Hoijinge te besteden".
Der wiene noch 6 jongere broers en susters thús, dat der moast
hwat fortsjinne wurde. (269-14-12-1786)
FROUKJEN OEBLES,fan Burgum, 22 jier, moast op sneontojoun
11-4-1770 foar har boer, Cornelis Sijdses to Burgum, nei bakker
Jan Pytters op 'e Nijstêd dêr. Snider Marten Martens roun mei har
op "en met elkander een soopje gedronken". Alhiel tsjin har sin
naem Marten har doe mei nei kastleinske Lysbert Willemswidd.
Sjoerd Tjerks, ek op 'e Nijstêd. As Marten bitelje sil mist er syn
pong of "buidel" mei likernöch f 9. --.Dy soe Froukjen him ûnt-
fytmanne ha doe't hja efkes op 'e gong west hiene. Mar der hat
kastleinske har dochter Antje ek by west en dy pakte Froukjen
doe by it boarst en sei, dêr sit de pong. Froukjen seit, dat Antje
dy der yn stutsen hat. Hja wurdt daliks út de finzenis ûntslein.
(206-3-7-1770)
FROUCKJEN SIGERS, is de frou fan Jan Sickes to Drachten en 37
jier 1707+
FROUW SIJBRENS, is 14 jier, De Haule. Hja hat op sneon 21-11-
1705 út in winkel op It Hearrenfean 2 himden stellen en dy for-
kocht. Ek hat hja noch mear spullen stellen. Strang gisele en 3
jier tichthús. (14-28-11-1705)
__G__
GAATSE JANS, fan Feanwâlden is 26 jier en is ûntslein. Hy soe
mei Pieter Grot en oaren oan it ierappelstellen west ha. (333-1-
4-1794; 346-6-1796; 347-11-3-1796 dan is er 34 jier en 379-20-
11-1799)
GALE SWEITSES fan Lippenhuzen is 39 jier en foar 1 jier band.
Hy hat Ypkjen Claesen, de frou fan Evert Gerrits, hospes to
Drachten "met een mes onder haar kin langs te snijden, een seer
diepen sneed wel vijftehalf duim lang". (95-30-11-1735)
GAUKE JANS, út de Folgeren is troud oan Jouk Goitses fan Boarn-
burgum. Mar de lêste tiden hat er altyd libbe mei Swaantje Geerts
hwaens man Pytter Simmes foar 8 jier rêst is. Nou hat hja foar
in wikemannich in bern krige. Hja seit dat Douwe Jaspers fan
Burgum de heit is. Strang gisele en 3 jier band. (148-18-11-1752)
GAUKE BIJNS, to Droegeham is 17 jier. Hy hat op 1-12-1800
trije flechtlingen fan it Hattumfolk aan board nommen. Dy wiene
wer ris út it tichthús brutsen. Doe't de tsjinners fan de justysje
him hjitten mei syn skip aan 'e wâl to kommen, liet er der noch
in seil by lûke en kearde har it efterst ta. Twa jier band. (419-28-
9-1803)
GEELE HARMENS, yn De Kompenije ûnder Skuorregea is 58 jier,
Op woansdei 11-10-1786 hat er fan Alle Douwes, boer to Lippen-
huzen, doe't dy mei syn reau op De Gordyk wie, 8 ljippenssekken
stellen. Dy bistoppe hy yn syn hutte, wylst syn frou "in de wende-
ling Griet Ruiter genaamd" fan honk wie. Hja wiene net troud, fan
har 6 bern libben der noch fjouwer. De jongste 8 jier. Doe't hja
kamen om him op to heljen, lei er op bêd "en zyn jongste kind heeft
gezegd, pop geeft heit nog een tuitje". Dat waerd fan it bern dien.
Strang gisele en 2 jier band.. (272-17-3-1787) Hy wie 9-9-1753 to
Driesum troud oan Saakjen Hemkes fan Damwâld. Sels kaem er
fan Westergeast. Doe't er soldaet waerd woe hja net langer mei
him libje. Hja hie twa bern fan him en is nou 65 jier. De âldste
soan fart op sé. Fuort nei de berte fan har jongste is er by har
weiroun en soldaet wurden. Hja neamden him dan ek altyd, Geele
soldaet.
GEELE HARMENS, fan Westergeast is 15 jier. Hy hat op snein 24-
12-1747 wylst Haije Wijgers en syn frou nei de Moarmwâldster
tsjerke wiene, by harren ynbrutsen en stellen. Twa jier tichthús.
(134-8-3-1748)
GEELE MARTENS, to Garyp, berne to Feanwâlden is 40 jier. Hy
hat yn 'e nacht fan 15 op 16-12-1797 by Harmen Martens to Nije-
wier û. m. stellen "ruim tagtig scheerpijpen vol gaarn" en ek noch
hiel hwat mear. Strang gisele en 5 jier tichthús. (365-3-3-1798)
GEERT DIRKS, fan Aldeskoat, hat op namme fan de bysitter spul-
len út in winkel helle en dy wer forkocht. Ek hat er by oaren stel-
len. Fan Hendrick Folkerts to Finkegea "een Swart gekold Meerij-
paerd". Strang gisele en 5 jier tichthús. (35-3-2-1714) Mei oaren
syn bêst dien om út it tichthús to brekken. Strang gisele. (41-30-
11-1715)
GEERT EELKES, fan Drachten is 17 jier. Hy hat as feintsje tsjin-
ne by skipper Hendrik Clasen fan Hynljippen op Ljouwert. Op
moandei 3 juny is er út 'e tsjinst roun. Op freed 14 juny hat er út
dat skip spullen stellen. Strang gisele en 5 jier tichthús. (99-29-
6-1737)
GEERT FREEKS, is 33 jier en farrensman en Grietje Klases
39 jier. Hy is yn 1803 by syn frou weiroun. Sûnt moasten de diakens
har en de bern ûnderhâlde. Ek hat er it noch tsjin eksteur yn 'e
kant set. Wurdt 1 jier band. (471-16-3-1809)
GEERT JACOBS, fan Kollumersweach is 35 jier. Hy is op tongers-
dei 3-12-1798 slim to kear gien. Jenever yn it fjûr smiten, in goat-
ling mei ierappels omtrape, en folIe net genôch. Moat 3 wike op
wetter en brea. (312-15-10-1790)
GEERT JANS, fan Drachten is 24 jier. Hy seit dat er op sneonto-
joun 15-10-1796 út syn hûs helle is "en door dat oproerige can-
naille" twongen wurden is om de klok mei to lieden "ter aankondig-
ing van de Godsdienst op den volgenden dag". Wurdt ûntslein. (353-
17-2-1797)
GEERT SYTSES, skûtskipper to Tietsjerk is 20 jier. Hy wurdt
der fan biskuldige dat er maeije 1757 doe’t er mei syn skûte lei
by "de Tiemster tille" om talhout to laden, fan skûtskipper Pyter
Foockes, spullen út dy syn skûte stellen hat. Mar Geert seit dat
hy fan neat wit en wurdt ûntslein. (162-5-7-1757)
GEERT WILLEMS, berne to Twizel is 20 jier en wennet to Hallum.
Op 13-8-1797 ûnder de preek is er út 'e tsjerke roun en gien nei
't hûs fan syn boer Wytse Reinders en dy hat er doe bistellen. Strang
gisele en 3 jier tichthús. (365-13-8-1797)
GEERTIE ARENTS, to Surhústerfean stiet bikend as in kwaksalf-
ster. Sa kaem hja op 22-2-1767 by Inne Jans op Urterpsterforlaet.
Dy har bern wie hwat út oarder. Doe't hja it wetter fan it bern
sjoen hie, sei se "dat het kint kleine Padden had en betoovert was".
Mei Gods help soe hja it foar twa goune genêze wolle. Der hellet
hja hiel hwat babbelegûchjes by út. Ien jier band. (193-22-5-1767)
GEERTIE CLASES, berne to Bûrum is 16 jier. Yn 'e nacht fan 5 op
6 oktober hat hja mei Focke Dircks ynbrutsen en stellen by Tiepke
Gerbens to Poppenwier. Ek by oaren stellen. Mei de strop om 'e
hals strang gisele en 10 jier tichthús. Yn dit dossier sitte ek in
pear briefkes. (34-2-12-1713)
GEERTIE JANS, hat it lêste healjier al meast mei Piter Sybes
op 'e sweef west. Op 14-5-1805 binne hja nei Achlum roun "tot
by de graauwe kat" en dêr binne hja de nachts yn 't strie krûpt. De
oare nachts by de boer yn it hea sliept, ensfh. Fierders noch hjir
en dêr hwat spullen stellen. Strang gisele en 1 jier tichthús en dan
2 jier band. (434-1-6-1805)
GEERTIE NUTTERS, fan Drachten N. hat yn 'e simmer fan 1750
by Pijttie Jacobs "in de Snackerbuuren" to Drachten N. gâns spul-
len stellen. Een paar blauwe gordijnen met een rabat, omset met
rood, ensfh. Ek by oaren hat se it ien en oar meikape. Strang gi-
gele en 3 jier tichthús. (144-20-2~1751)
GEERTRUYT Roberts, berne to Beetstersweach is 20 jier. Is great-
brocht to Ljouwert. Hja hat foar hoer spile en hat manlju bistellen.
Krijt 5 jier tichthús. (12-25-6-1704) Letter is hja de frou fan in
fioelspiler, Antoni Hanses. Dy spile op 'e merken en op sneon-
en sneintojounen oan syn hûs to Beetstersweach. Binammen snein-
tojouns kaem der hiel hwat folk op tasetten en waerd der op los
dronken en gie it der faeks snijsum troch. Ek hâlden hja der in
dounsskoalle op nei. En dat de jonge .lju "met de kaart en op het
verkeersbord spelen" ensfh. Wurdt 2 jier band. (39-8-4-1715)
GEESJEN ROELOFS, fan Donkerbroek is 53 jier. Hja hat al in kear-
mannich rogge stellen út it roggehok fan de mounder Albert Luitjens.
Yn 'e nacht fan 30 op 31-desimber mei har muoikesizzer Roelof
Rommerts 25 jier. Sa likernôch tsjin midnacht kamen hja by it hok
mar net ien fan har kaeijen paste op 't slot. Doe rôp hja tsjin RoeI
"Roelof scheurt 't slot er af". Dat slagge him. Mar op itseldestuit
kamen de soan en dochter fan Albert har oer it mad. Hja strang
gisele en 3 jier tichthús en Roelof strang gisele en 5 jier tichthús.
(204-24-3-1770)
GEESKE BEERENTS, to Bûtenpost is 31 jier. Hja hat yn de nacht
fan 27 op 28-7-1799 yn de Frjentsjerter kelder to Ljouwert op de
sike Jan Jacobs Steffens past. Dy nachts jild út in bûgeltas stellen.
En skipper Anske Scheltes dy't op ‘e bank foar hûs lei to sliepen
trije goune ûntfytmanne. Kriget 3 jier tichthús. (380-28-11-1799)
GEESKE CHRISTIAENS, is 52 jier en de frou fan skoalmaster Har-
manus Zwaagmans to Rinsumageast. Hja wurdt ûntslein. Wie der
fan biskuldige dat se in stikje spek stellen hie fan Michiel Isaks
van de Mark. Hja hie dy middeis tusken ien en twaen allinne mar
west om "een Bolle Boter" to biteljen. (329-10-7-1793 en 354-18-
3-1797)
GEESKE JILKES, de frou fan Jacob Aukes to Kollumersweach is
49 jier. Mar har man is foar 10 jier al by har weiroun en nou hat
hja it mei in oare man oanlein en wol mei Lammert Annes. Kriget
1 jier tichthús. (268-18-10-1786)
GEESKE (GEERTJE) MEILES, yn De Kompenije ûnder Skuorregea
is yn 1803 âld 30 jier. De jouns fan 2-11-1803 is hja gien nei de
weverij fan Berend Hendriks op it Jonkerslân ûnder Koartsweagen.
Dêr hat hja doe 17 poun linnen, wollen en toppen jern stellen, ensfh.
Strang gisele en 2 jier tichthús. Yn de nacht fan 17 op 18-5-1807
hat hja út it hok fan Alle Sierds in Drintsk skiep stellen en dat
slachte. Strang gisele en 5 jier tichthús. (sj. ek op Gertje) (314-
25-2-1791; 349-1-7-1796; 354-11-3-1797; 421-7-12-1803 en 455-
26-9-1807)
GEESKE WILTS, berne Smelle Ie, wenjend to Terwispel, is 18jier.
Op 7-5-1801 kaem se to Drachten by Grietje Harmens dy't krekt
oan it ierappelforkeapjen wie. Wilens seach Geeske kâns in sekje
mei f 24. -- to stellen. Der op oansprutsen hat hja it jild werom-
jown. Strang gisele en 3 jier band. (396-îO-6-1801)
GERBEN DOUWES, to Twizel, berne to Visvliet, is 40 jier. Op
sneon 20-1-1810 hat er fan dhr. Manga to Feanwâlden in swart
skiep stellen. Strang gisele, 1 jier tichthús en 5 jier band. (480-
23-3-1810)
GERBEN FOEKES, to Bûtenpost, hat op 4-2-1797 meidien oan de
reboeljes. In tsjok dossier mei in greate smite tsjûgen. Boppe de
kosten in boete fan 200 gouden Fryske Ryders. Dy moatte binnen
14 dagen bitelle wurde (363-20-12-1797)
GERBEN JELMERS, to Surhústerfean is 17 jier. Hy hat yn 'e
nacht fan 25 op 26-9-1806 út it lan fan Jan Wybrens to Hurdegaryp
in brúne merje stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (452-29-
4-1807)
GERBEN MEINDERTS, boer to Westergeast is 30 jier, en wurdt
ûntslein. Hy soe op 4-2-1797 wapene mei in foarke meidien ha oan
it oproer. Mar hja hiene him der mei geweld ta twongen doe’t er yn
'e skuorre oan't wurk wie. (356-29-5-1797)
GERBEN OEDSES, fan Lippenhuzen is 15 jier en wurdt ûntslein.
Hy is in broer fan Oeds en in soan fan Oeds Sjoerds. Doe't er op
snein 20 septimber syn bijen ophelle fan it "Weepener velt" soe
er ek twa kuorren mei bijen "staande op de Knolde" meinommen
ha, dy't net fan him wiene. Hy hâldt út dat er oars gjin meinom-
men hat as syn eigen. Yn dit dossier is ek in briefke fan syn heit.
Yn it doopboek stiet mar ien Girbe, mar der hiene twa yn stean
moatten skriuwt de heit, en dat is kommen "door het dronken
Drinken van die mester die het Boek hadde". Mar de jonge is nei
har bêste witten 16 jier. (195-9-12-1767)
GERBEN SYBRENS, to Feanwâlden is 34 jier. Hy hat op 25 sep-
timber mei Eelke Rinses en oaren ûnder Ljouwert oan it appelstel-
len west en de boer bidrige. Kriget 2 jier tichthús. (248-24-10-
1782)
GERKE DIRKS, alias Pupiliant, berne to Aldeboarn. Hy hat op in
oarlochskip fearn, de Prins Willem. Nou rint er mei de bôllekoer.
Op 22-12-1764 kaem er mei de bôllekoer oan it hûs fan Gerbrich
Jans, widd. Thomas Jellis to Aldeboarn. Hja soe him, alteast nei
syn sizzen, útskeld ha foar Canaille. Dat hie him breinroer makke,
sadat er it âld minske fan 84 jier oer de groun smiten hie en smoard.
Hy wurdt foroardiele "op 't schavot geleijdet, aldaar aan een staaf
geworgd en alsoo van 't leeven ter Dood te worden gebracht. 't Lig-
haam aldaar op een Rad ten Spectacule sal worden gesteld". (186-
2-2-1765)
GERKE EEDZES, 27 jier is de man fan Sjoukje Hendriks, 26 jier,
to Surhústerfean. Hja ha fan feanbaes Taeke Sapes "eenige lange
bonte turf" stellen. Hy, 1 jier band. (435-19-9-1805) Mei Durk
Piters Loonstra en oaren wer oan it stellen west. Mei de strop om
'e hals strang gisele, brânmerke mei it teken fan de galge, 7 jier
tichthús en dêrnei foar ivich band. (457-31-10-1807)
GERKE GRIOLTS, to Aldeboarn. Foar in jiermannich is er troud
oan Syds Pijtters by hwa't er 3 bern hat. Mar hy makket it oare
froulju en ek famkes lêstich, bern fan 13 à 14 jier. Kriget 5 jier
tichthús (18-2-12-1707)
GERKE HENDRIKS, to Kollum is 23 jier. Op 27-4-1793 hat er in
pear learzens stellen en dy fol beane. En ek noch mear spullen.
Krijt 3 jier tichthús. (328-30-4-1793) Op 4-9-1800 hat er skipper
Uilke Jans dy't him meinommen hie fan Inkhuzen, bistellen. Strang
gisele en 5 jier band. (392-20-12-1800) Mar hy is earder werom-
kommen, strang gisele. (469-14-12-1808) Mar hy komt wer binnen
de tiid werom: "aan de voeten geboeid ter werken den tiid van 4
maanden" yn it tichthús en dan foar 5 jier band. (470-19-1-1809)
GERLOF WYTSES, fan Twizel is 24 jier. Hy hat op tongersdei
11 july by Gauke Taekes, boer yn De Koaten, in sekje mei liker-
nôch 60 goune stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (225-9-9-
1775) .
GERRIT ALBERTS, fan Feanwâlden is 9 jier en wurdt ûntslein.
Hy waerd der fan biskuldige 6 tipmûtsen fan de bleek fan Rutger
Gaatzes en Ale Popes stellen to hawwen. (333-1-4-1794) Dan bi-
skuldige dat er mei syn heit Albert Hattums en syn broer Klaas
roggestûken stellen hie, mar wer ûntslein. (341-15-9-1795) Der
fan biskuldige yn 'e nacht fan 7 op 8-2-1799 mei syn broer oan it
stellen west to hawwen. Mar hy seit dat er dy nachts rêstich op
bed lein hat, en wurdt wer ûntslein. (382-31-1-1800) Mar by fonnis
fan (390-20-9-1800) wurdt er foar dat gefal dochs noch foroardiele
ta strang giseljen, brânmerken en 10 jier tichthús en dan foar 25
jier band. Is út it tichthús brutsen en strang gisele en 2 jier ticht-
hús der oerhinne. (393-31-1-1801; 420-22-10-1803)
GERRIT BEENS, fan Feanwâldsterwâl is 63 jier en wurdt ûntslein.
Fortocht fan turfstellen út it fean. Hy hâldt fol dat it net wier is.
(264-19-12-1785)
GERRIT OENES, fan Rinsumageast wurdt ûntslein. Hja biskuldigen
him fan it stellen fan 4 skiep. Hy seit dat er dy earlik kocht hat
foar f 28.55 fan Jan Harrijts op Snakkerbuorren. (179-14-12-1762)
GERRIT SIERKS, yn De Falom krijt in deimannich tichthússtraf.
Yn 't lêst fan 1754 wie er troud oan Antie Fockes. Hy hat syn frou
faker as ienkear tamtearre. Ek hat er sein dat er wol woe dat de
grytman mei de bysitter "glandigh by de Lugt langs vlogen" ensfh.
Op 14-11-1758 wurdt it Kollumerlânske rjocht hjitten him út it
tichthús to heljen en der foar to soargjen dat er foar it fierdere
yn 'e stokken bliuwt.(165-25-10-1758) .
GERRIT SIJMENS, is 12 jier en in soan fan Sijmon Gerryts. Hy
hat oan it stellen west. Earst seit er dy spullen foun to hawwen en
dan dat syn "steenmoeder" Hiske Ymes en syn suster Gerrijtje,
13 jier, der him ta oanset ha. Hja wennen oan de "Legeweg" to
Bûrum. Hy moat 8 dagen op wetter en brea. (189-28-1-1766)
GERRIT WIEGERS, fan Sint Jansgea, berne Giethoorn, is 45 jier.
Hy hat yn 'e nacht fan 20 op 21-9-1808 sponturf út it fean fan Lub-
bert Floris stellen. Dy hat er op It Hearrenfean forkocht. Strang
gisele en 3 jier band. (467-1-10-1808)
GERTIE EELKES, is troud aan Tjebbe Tjallings to Burdaerd. Sa
foar en nei hat er al hiel hwat skiep stellen, wol 13 à 14, mei syn
frou. Dy slachten hja dan en forkochten it fleis en de fluezen foar
15 à 16 stûren. Strang gisele, brânmerke en 5 jier tichthús. (84-
9-9-1730 en 94-12-3-1735)
GERTJE GERRYTS, fan Kollum is 27 jier. Hoewol net troud for-
wachtet hja in bern. Der hat gjin minske by de miskream west.
Kriget 3 jier tichthús. (353-9-3-1797)
GERTJE MEIJLES, (sj. ek op Geeske Meiles) is de frou fan Klaas
Spijnmuis yn De Kompenije en is 45 jier. Op moandei 26-7-1790
hat hja mei Lamkjen Meiles en Zijtske Johannes ynbrutsen en stel-
len by Jelle Hendriks, arbeider en Sjouwkjen Hendriks to Mildam.
Wurdt 4 jier band.. (313-21-12-1790) Hja komt binnen de tiid wer-
om. Kriget 1 jier tichthús en dan wer band. (314-25-2-1791)
GIEL MARTENS, houtkeapman op It Hearrenfean is 54 jier. Op
snein 22-2-1795 de moarns tusken 8 en 9 ûre hat er "een dragt
Thienen of banden tot Takkebosschen" ôfsnijd út it tún fan Tobias
Rinderts Huizinga dêr. Ek by oaren hat er itselde úthelle. Moat 8
dagen op wetter en brea. (337-25-2-1795)
VAN GIFFEN, Alexander to Burdaerd en berne to Grins, is 40 jier ,
en wurdt ûntslein. Hy waerd der fan biskuldige oan syn hûs ge-
regeld omgang to hawwen mei minsken dy't tsjin it lânsbistjûr wiene.
(354-24-3-1797)
GRIET NANNES, de frou fan Pier Willems to Aldeboarn is 52 jier.
Hja joech har út foar goedfrou, mar wie nea eksaminearre. (79-
16-10-1726)
GRIETJE ARENTS, fan Noardwâlde is by sentinsje fan 30-4-1728
foroardiele ta 1 jier tichthús. Yn febrewaris 1730 hat se har brea-
hear Jan Harmens "op 't linde Vallât" ûnder Steggerda sa liker-
nôch fan 108 goune bistellen oan jild. Strang gisele en 5 jier ticht-
hús. (84-4-3-1730)
GRIETJE BARTEN, fan Steggerda is likernôch 55 jier. Yn 'e nacht
fan 31 july op 1 augustus hat hja in kou molken yn 't lân fan de widd.
Lubbert Jans dêr. Hja waerd op 'e die bitrape, mar ûntskuldiget
har dat hja der troch greate earmoede ta kommen wie. Kriget in
healjier tichthús. (407-10-9-1802)
GRIETJE BEERNS, widd. Sijne Sijbrens fan De Gordyk is berne op
It Hearrenfean en 51 jier. Hja hat roun to biddeljen en moat 8
dagen op wetter en brea. (118-28-3-1743)
GRIETJE BONNES, de frou fan Johannes Calfsbeek to Lippenhuzen
is 50 jier. Hja is berne to Terwispel en wurdt ûntslein. Hja waerd
der fan biskuldige op woansdeitojoun 28-2-1798 om 7 ûre, út de
winkel fan Sytse Douwes op De Gordyk spullen stellen to hawwen.
Hja seit dat noch hja noch har dochter Tryntje eat spullen stellen
ha. (368-21-6-1798)
GRIETJE BOUWER, berne to Urterp wurdt ûntslein. Hja waerd
der fan bitige in sek mei jild fan har breahear stellen to hawwen.
(185-18-10-1764)
GRIETJE CLAASES, de frou fan Tjeerd Wijtses to Lippenhuzen
is 34 jier. Hja hat mei Wytse Tjeerds op stap west. Op 9 april by
keapman Jilte Rinties op De Jouwer fan de toanbank weikape in Jak
"met paarde hairen knoopen”. It hie in wearde fan 32 stûren. Dêr-
foar kriget hja in jier tichthús. (242-26-4-1781)
GRIETJE COOPS, fan Twizel is ûntslein. Hja wie de frou fan Beernt
Egberts en waerd biskuldige fan stellen. Har man Berent wie in
Soan fan Egbert Roels en 23 jier âld. (145-19-9-1751)
GRIETJE FEITZES, yn De Kompenije ûnder Skuorregea is 28jier.
Hja hat ynbrutsen en stellen by Tjeerd Johannes, arbeider en Janke
Bouwes, dêr. Dy wiene doe yn 'e turf oan it wurk. Mei oare spul-
len hat se oan jild sa likernôch f 300. -- stellen. Strang gisele en
5 jier tichthús. (329-1-9-1793)
GRIETJE HEIMES, de frou fan Evert Tjebbes to Noardwâlde is 65
jier. Hja hat mei har dochter Tryntje har eigen man slim tam-
tearre. Op tiisdei 22 oktober 1782 is hja mei har dochter by him
op 't skip kommen. Hy lei doe noch to koai, en hie in aerdich
sneedtsje yn. Hja bigoun daliks tsjin him út to farren, dat er ien
wie fan “dat Kortryks volk", ensfh. Hja ha him doe mei in tange
ôfturve oan't it bloed der nei roun. Doe ha se him noch mear
dronken boarnd as er al wie yn de hoop dat er yn 't wetter truzel-
je soe en fordrinke. Tsjin oaren, dy't tuskenbeide komme woene
sei hja: "dat als haar man morgen dood was, sy hem met bloemen
naar het kerkhof zouden brengen en bruiloft houden, ensfh". Hja
kriget 1 jier tichthús. (252-3-7-1783)
GRIETJE HENDRIKS, is as dochter fan Hendrik Jans en Japikje
Sygers 4-5-1755 to Augustinsgea doopt. Hja hat kâns sjoen op
tongersdei 21-9-1769 by Symon Arjens "in Ophuis" ûnder Surhuzum,
yn 'e hûs to kommen en hwat flaeks to stellen. Moat 14 dagen op
wetter en brea. (202-25-10-1769)
GRIETJE JANS, to Augustinusgea. Hja hat op tongersdei 16-4-
1767 stellen by Gosse Oedses dy't fan honk wie. Hja stiel jild, sul-
veren skuongaspen en oare spullen. Kriget 4 jier tichthús. (210-
22-10-1771)
GRIETJE JANS, fan Bûrum hat op freed 29-1-1712 in bern oer-
woun. Doetje Reiners woe har net bêdzje en doe is hja nei Reiner
Tjeerds gien. De oare deis gie hja wer nei Doetje, mar nou mei
in bern. Dy woe der har lykwols net yn ha. Doe hat se har bern by
Doetje foar de doar lein. Wurdt 2 jier band. (28-19-2-1712)
GRIETJE JANS, fan DantumawâId hat op 20-5-1749 fan boer Douwe
Doekes to Boarnwerderhuzen sa'n f 100.-- stellen. Strang gisele
en 3 jier tichthús. Mar dat giet net troch om 't hja "aan seer sware
toevallen van de vallende ziekte onderworpen is". Dêrom wurdt hja
nei hûs stjûrd. (142-3-7-1759)
GRIETJE JANS, fan Sint Jansgea is berne yn De Knipe en in doch-
ter fan Willem Beernts en Sibbel Hendriks en 16 jier. Hie hja gjin
wurk yn 't fean en koe hja net wolspinne, dan roun se wolris to
biddeljen. Ek soe se har in kear bijown ha yn 't seIskip fan banditen
en ynbrekkers. It fonnis is "Sig terstond te begeven na de woon-
plaats haarer ouders, en sig op een ordentelijke en eerlijke wijze
te gedragen". (174-20-11-1760)
GRIETJE JARIGS, yn De Skâns is berne op It Hearrenfean en 45
jier. Hja hat roun to biddeljen en hat turf stellen om der brea foar
to keapjen. Yn 12 dagen twaris 4 dagen op wetter en brea. (430-11-
12-1804)
GRIETJE RINZES, fan Kollumersweach is 19 jier. Hja hat har brea-
hear bistellen doe't dy op bigraffenis wie. Hja seit dat de dochter
it har jown hie, ynsté fan lean. Kriget 1 jier tichthús. (250-6-2-
1783)
GRIETJE RUIJRDS, fan Feanwâlden is goed 30 jier. Hja hat mei
Wytske Tjepkes roun to biddeljen en moat 3 dagen op wetter en brea.
(220-20-12-1773) Hja hat ek in soan oerwoun, dy't bikend stiet
ûnder de namme Ruurd Freerks. Hja hat wer roun to biddeljen en
moat yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (314-
6-4-1791) Op tiisdei 9-8-1791 roun hja to biddeljen yn Hurdegaryp.
Hja is dan 52 jier en kriget 1 jier tichthús. (318-6-9-1791)
GOOITSEN MARTENS, fan De Kompenije hat mei Sjouke Johannes
roun to biddeljen en by nacht en ûntiid de minsken út it bêd kloppe.
Hja hiene in houn by harren en dronken gâns jenever. Strang gi-
sele en 2 jier tichthús. (237-13-3-1779)
GOSSE AUKES, skipper to Feanwâlden is 28 jier, Hy hie it mês
altyd moai los yn je skie. Mei Gerben Douwes fan Jouswier hat er
oan it jenever drinken west. Dat is doe op rûzje útroun en daliks
joech er dy in jaep mei 't mês, ensfh. Hy kriget 2 jier tichthús.
(300-14-7-1789)
GOSSE CLASEN, fan Langsweagen hat mei oaren oan it nachtbiddel-
jen west. Hja ha it dûmny Regnerus van der Meulen to Aldehoarne
lêstich makke. Strang gisele en 3 jier tichthús. (43-27-6-1716)
GOSSE JANS, skippersfeint to Burgum is 18 jier. Hy hat in hor-
loazje fan de skipper stellen en dat foar in ryksdaelder forkocht.
De koperen kast en it forgulden ketting hat er foar him sels hâlden.
Hy seit dat er doe dronken wie en net wit hwat er dien hat. Wurdt
2 jier band. (441-20-3-1806)
GOSSE JOCHUMS, boer to Tietsjerk is 52 jier. Yn dit dossier in
plattegroun fan syn hûs dêr't ynbrutsen en stellen is (171-26-4-
1760)
GOSSE OENES, yn De Kompenije is 46 jier en wurdt ûntslein. Hy
is al ris earder foroardiele. Nou soe er in pear hikkepeallen stel-
len ha, mar seit dat it net wier is. (393-24-1-1801)
GOSSE OENES, fan Koartsweagen is 36 jier. Hy hat poaten stellen
út de Leijen en wol fan Saake Hylkes to Langsweagen, ensfh. Twa
dossiers. Krijt 2 jier tichthús. (332-27-3-1794) Yn 'e nacht fan 6
op 7-10-1797 wurdt er der fan biskuldige fan Jan HesseIs it greatste
part fan har "Boekweit dorsch kleed" stellen to hawwen, mar hy
wurdt ûntslein. (363-14-12-1797) Ek wurdt hy biskuldige fan it
stellen fan in pear hikkepeallen, mar wer ûntslein. (393-24-1-
1801)
GOSSE SIERKS, fan Tietsjerk is 23 jier. Hy hat de boere-arbeider
Jochum Pieters to Hurdegaryp en de boer Andries Wytses dêr oan-
sein, as hja de klok fan Tietsjerk lieden hearre soene; hja dy fan
Hurdegaryp liede moasten. De Wâldtsjers soene dan opkomme,
lyk as de Ljouwerters. En, hie er sein, de patriotten binne al
finzen nommen. Foar it rjocht seit er dat it mar bidoeld wie as in
grap. Hy wurdt ûntslein. (354-30-3-1797 en 398-14-12-1801) Op
sneon 24-10-1801 hat er mei syn skipke op 'e Fliet to Ljouwert
oanlein. De jouns tusken seis en sawnen by Camstrabuorren mei
oaren 5 fette skiep út it lân helle en der mei fuortfearn. Yn in stik
lân by de Merrydobbe ûnder Tietsjerk de skiep slachte. Dermei
binne hja nei it hûs fan syn mem, Stijntje Gosses 53 jier fearn,
dy't der sels by west hie. Mei 4 roeden strang gisele en 5 jier
tichthús. Syn mem Stijntje gisele en 2 jier tichthús en Dirk Sonder-
van út Lippe nou wenjend to Tietsjerk, gisele, brânmerke en 5 jier
tichthús. (400-20-1-1802)
GOYKJEN RIENKS, to Surhústerfean is ûntslein. Op freed 19-9-
1766 is Sytse Alderts de jouns by har kommen to jounpizeljen. Hja
ha in slokje jenever dronken en binne linke lytsen oan 't tútsjen
rekke. Wylst hja hwat mei-elkoar oan it oangean wiene, hearden
hja bûten roppen: "Plug, Plug en de hoer leit in huis". Fan dy
roppers binne der yn 'e hûs kommen en ha it ljocht opstutsen en doe
koene hja sjen hwat der geande wie. Oaren ha doe Gooijkjen har
man Aldert Abeles ophelle. Hja en Sytse hâlde beide út dat der neat
mar dan ek neat ûnbihoarliks bard is. Hja wurde beide ûntslein
fan it Hof. (192-20-12-1766)
GOYTSE BONNES, fan Koartsweagen hat mei oaren "fagebonden"
troch de provinsje swalke, nachtbiddele en stellen. Kriget 1 jier
tichthús. (46-14-7-1717)
GOYTSEN ATES, fan Twizel wie yn tsjinst by de Lêste Stûr to
Bûtenpost. Der waerd him trochdien dat de Grinzer "Landsbedien-
den" de linnenwever Jelle Harmens fan Twizel mei de feint Beernts
Schreur to pakken hiene. Hja hiene se foar slûkjen fêstset. Doe
binne hja mei mannemacht nei "Eijbertsbuur" tasetten, biwapene
mei stokken en kneppels om har lânslju to bifrijen, hwat ek slagge.
Ut finzenis ûntslein. (227-9-12-1775)
DE GROEN, Ate Jans yn De Kompenije, be rne Ternaerd is 48 jier.
Hy is 25-10-1800 foar stellen gisele en 5 jier tichthús. Nou hat er
op freed 10-6-1808 to Ie by syn sweager Gerben Jelles en Aukjen
Jans, stellen. Mei 5 roeden strang gisele en 5 jier tichthús. (466-
19-9-1808)
GROT, Pieter fan Feanwâden is 29 jier. Op 2-2-1796 mei Auke
Oepkes en Tjepke Jans, ierappels stellen fan Jan Pytters to Moarm-
wâld, út in ierappelheap. Hy moat 14 dagen op wetter en brea.
(346-19-2-1796)
GURBE DURKS, fan De Knipe West is 16 jier. Hy is timmerfeint
en in soan fan snider Durk Gurbes. Hy is op snein 31-1-1808 de
doar útgien en sei dat er nei de roomske tsjerke soe. Lykwols is
it op stellen útroun. Strang gisele en 8 dagen op wetter en brea.
(460-9-2-1808)
__H__
HAAIJE HAAIJES, to Kollumersweach is 22 jier en in healbroer
fan Johannes Eetses. Hy hat jonge elzen beamkes stellen út it lân
fan Binne Jans. Krijt 1 jier tichthús. (406-14-7-1802)
HAAN JANS, to Bûtenpost hat al forskate kearen ynbrutsen en stel-
len. Yn de nacht fan 5-op 6-2-1784 by Marten Fokkes, boer ûnder
Feankleaster. Der hat er in sek stellen. Strang gisele en 5 jier
Tichthús. (258-16-10-1784)
DE HAAN, Klaas Annes berne De Kompenije is 27 jier. Hy is op
9-10~1802 gisele en 5 jier band. Mar hy komt binnen de tiid wer-
om. Doe't er finzen nommen waerd sei er: "ik weet myn voorland
wel, het is maar om 48 slaggen te doen en daar geef ik niets om,
dat kan ik wel uitstaan en meer kunnen ze my niet leren, maar als
ik weer los kom, dan zal ik dy oude duivel wel oprijden leren,
ensfh. Strang gisele, 14 dagen op wetter en brea en dan wer
band de tiid dy't er noch to goede hat. (462-26-3-1808) Op 25-4-
1808 hat er west by Hendrik Klases, tolman by de Nijebrêge yn De
Kompenije, dêr't doe in frjemde keapman siet. Doe't er syn glês
jenever leechdronken hie, smiet er it lege glês tsjin de groun.
Doe’t de frjemde keapman der hwat fan sei, griep er dy daliks by
't boarst en slingere him tsjin de groun en smiet him dêrnei bûten
doarren, ensfh. Mei 5 roeden strang gisele, 7 jier tichthús en 5
jier band. (465-16-7-1808)
HAAN, WIJBE DIRX to Kollum. Hy hat to Hylpen út in stik lân
stellen "een Swart gekold twee Jaarig meeri Paardt". Dêr is er
24 maeije mei nei Noarger merke gien, mar dêr kaem de moard
út. Strang gisele, brânmerke en 5 jier tichthús. Mar omdat er
"met de vallende siekte besogt is" giet it giseljen en brânmerken
net troch. (112-9-9-1741)
HAANTJE DIRKS, fan Bûrum is ûntslein. Hy waerd biskuldige fan
ynbrekken en stellen by Aaltje Foekes widd. Jan Alberts, dêr. (210-
9-10-1771)
DE HAAS, Hendrik Jans to Drachten is 38 jier. Hy hat treddeljier
as feint tsjinne by smid Jan Hendriks to Wierum. Maeije 1793 is
er nei Drachten gien "alwaar de armvoogden voor hem de huishuur
betaalden". By syn baes hie er by nou en dan hwat â1d izer stellen.
Dat wie út earmoed, seit er. In healjier tichthús. (329-24-9-1793)
HAEBETJE WIGLES, to Hearrenfean.en berne to Blije is 47 jier.
Is al earder foar stellen twaris gisele en ta tichthússtraf foroar-
diele. Nou hat hja yn de nacht fan 28 op 29-6-1803 út de stookhutte
fan Rienk Tijssen ûnder Hallum in sulveren earizer stellen, murken
S.R. ensfh. Strang gisele, brânmerke en 5 jier tichthús. (419-15-
10-1803)
HAMSTRA, Jan Gooitsens fan Gerkeskleaster, nou wenjend yn
Grinslân, is 46 jier. Is to Súdhorn foar stellen gisele en band. Nou
hat er by Evert Thyssen to Peins in skip stellen. Der is er mei op
'e sweef gien en hat skipper Johannes Sjoerds fan Jistrum en oaren
bistellen. Strang gisele, brânmerke, 7 jier tichthús en dan noch
5 jier band. (424-14-4-1804)
HALBE GAUKES, berne 12-3-1769 doopt 24-5-1781 as soan fan
Gauke Doitses yn de Wylgen en Elisabeth Pytters. Hy hat 4 lammen
stellen yn 'e nacht fan 23 op 24-5-1789. Strang gisele en 5 jier ticht-
hús. (298-27-6-1789) Yn de nacht fan 13 op 14-9-1795 hat er út it
lân de Fleerbosk fan Jelmer Willems boer to Boarnburgum 6 wite
lammen stellen. "waaronder een ram met twee hoorntjes". It wiene
lammen fan de arbeider Johannes Jochums toAldeboarn, út in oar
stik lân hat er noch 6 lammen stellen. Dy hat er foar 33 stûren it
stik forkocht. Yn 'e nacht fan 1 op 2-9-1802 hat er ticht by Weidum-
er hout fan Gialt Everts 5 bêste Fryske skiep stellen. St rang gi-
sele, brânmerke, 5 jier tichthús en dan noch 5 jier band. (408-16-
10-1802)
HANNE HENDRIKS, is 22 jier en wurdt ûntslein. Hy soe roppen ha:
"Oranje boppe, de Keesen yn de oun". Hy seit dat it net wier is.
(341-17-9-1795)
HANNE HENDRIKS, yn De Kompenije is 21 jier en wurdt ûntslein.
Hy soe op 18-3-1795 de jouns op De Gordyk roppen ha: "Oranje
boppe, de Keesen yn de oun”. Ek hie er oan Jelte Jelmers frege
hwat of de frijheitsbeam winliken to bitsjutten hie. "Dat die Boom
beteekende Liefde en Broederschap, en dat men goed onder elkaar
moest weezen". Hy sei dat er doe dronken wie.
HANS CLASEN, fan Kollum is ûntslein. As feint hat er by Nelis
Broers wenne, boer to Foudgum. Der soe er mei de faem Trijntje
Sapes omslein ha. Hy soe der har tige op oanstien ha middels to
brûken om de gefolgen wei to meitsjen. Hy seit, dat it perfoarst net
wier is. (165-20-6-1758)
HANS JARIGS, 27 jier moundersfeint en Anke Johannes ek 27 jier
to Hearrenfean. Biskuldige fan roggestellen, mar seIs seit er dy
rogge earlik kocht to hawwen, en wurdt ûntslein. (319-15-11-1791
en 419-11-10-1803) Mar yn novimber 1807 hat er ynbrutsen en stel-
len by notaris Kool en wol yn 'e nacht fan 26 op 27 novimber, doe’t
der by notaris net ien thús wie. Hy is dan 42 jier. Trije jier band.
(459-23-1-1808)
HANS JITSES, fan Eastermar is 19 jier. Yn in bluisterige rite hat
er by Marten Eltes Beijma dêr de glêzen ynslein en net sa'n lyts
bytsje. "9 Ruiten met Roeden en al totaal stukken geslagen". Hy
hâldt út fan neat to witten, mar wurdt dochs 2 jier band. (443-15-
5-1806)
HANS POPKES, fan Drachten is 29 jier. Hy hat oan it hûs fan de
tapper E. Gaijkema to Ljouwert fan Sytse Ubeles in East-Fries
dy't dronken wie, stellen. Hy hie de East-Fries oanbean op syn
jild to passen oan't er wer nofteren wêze soe. Mar doe’t Sytse yn 'e
sliep syld wie hat er him yn 'e kompe mei oaren fan syn jild ôfhol-
pen. Foar 5 jier band. (476-12-7-1809)
HANTJE CORNELIS, de frou fan Hendrik Abels to Donkerbroek
wurdt ûntslein. Hja hiene it slim earmoedich en de lêste tiden wie
hja net rjocht kouster mei de holle. Mei it breamês har jongste,
Cornelisje, de hals útsnijd. (200-28-4-1769)
HANTSMA, WILLEM to Bûtenpost, berne yn Grinslân, is 36jier.
Hy kaem op moandeitojoun 5-3-1804 tusken 10 en 11 ûre by Wybe
Lubbes to Twizel. Der mocht er dy nachts yn 't hea sliepe. Foar
tank hat er him bistellen. Strang gisele en 3 jier band. (426-16-6-
1804)
HARING BANJERS, to Kollum, berne to Lutjegast, is 48 jier en
wurdt ûntslein. Hy waerd der fan biskuldige op 26-7-1797 tsjin
Roelof Dykstra en Sybren Cooq dêr sein to hawwen. "jimme benne
ook al zulke twee, daar wy ons voor wachten moeten, ensfh”.
De Prins hat 300.000 man en in oare "potentaat" noch 400. 000 man
réstean. De Ingelsken ha wol 1000 skippen op sé en alle dagen
komt der noch in skip by, ensfh. Yn dit dossier sitte noch in pear
Ommelander kranten fan 18 en 21 july 1797. (363-15-12-1797)
HARKE MELLES, to Muontjesyl hat smoarge dingen mei in merje)
úthelle en is fan de boer op 'e die bitrape. Strang gisele, brân-
merke, 10 jier tichthús en dan foar ivich band. (167-19-5-1759)
HARMEN BRUGTS, berne to Lippenhuzen en wenjend to Niebert,
Gr. is 25 jier. Hy bat yn 'e nacht fan freed op sneon 23-6-1810 to
Beetstersweach "twe blaauw blesse ruinpaarden" stellen fan Reg-
nerus Livius van Andringa de Kempenaar. Mei 5 roeden strang gi-
gele, 3 jier tichthús en 7 jier band. (485-28-9-1810)
HARMEN DIRKS, in soan fan wolkammer Dirk Wytses is 16 jier.
Hy wennet as feintsje to Kollum. Mei Rudolphus Ritsma hat er op
snein 9-9-1764 it Hesseltsje Jelkes, 21 jier, tige lêstich makke.
Doe't hja dy middeis út tsjerke kaem, hat er har tusken trijen en
fjouweren oantaest en oer de groun smiten. Harmen moat 14dagen
op wetter en brea en Ritsma wurdt 1 jier band. (185-5-12-1764)
HARMEN EGBERTS, alias Bam fan De Gordyk, hat op 6 septimber
de nachts by Anne Fockes dêr, in doar iepenraemd en út in kiste
stellen "een blauw appelbloijsellakense hemdrok voor met galon
behoord met silveren knopen en ekkels daar op", ensfh. Ek hat er
noch by oaren stellen. Fjouwer jier tichthús. (131-16-9-1746)
HARMEN GERRITS, fan It Hearrenfean is 39 jier en berne yn De
Knipe. Hy wurdt ûntslein. Hy waerd der fan fortocht sa nou en
dan sied stellen to hawwen. (374-8-3-1799)
HARMEN JANS, fan Burgumerheide is 35 jier en de man fan Jetske
Pieters. Hy hat ynbrutsen en stellen by Geert Teunis, boer to Kûk-
herne. Hy seit dat er dy spullen foun hie. Twa jier tichthús. (444-
3-7-1806)
HARMEN KLAAZEN, to Noardwâlde en berne to Aldeholtpea is 19
jier. Wie net earlik oan in beurske mei jild kommen op snein 24-
4-1803. Moat yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea.
(417-30-6-1803)
HARMEN PYTERS, is 37 jier, skûteboer to Surhusterfean en wen-
net by syn broer. Mei syn frou wiene hja noch al gauris to Ljou-
wert mei turf. It hiet dat se dy turf der aan de man bringe soene.
Lykwols gie it der harren om, spullen dy't jonges stellen hiene, op
to keapjen. Hja soene dy jonges oantrúne ha om to stellen. Wurdt
1 jier band. (103-20-2-1739)
HARMEN PIETERS, to Surhusterfean is 47 jier. Mei geweld hat er
fan kastleinske Antje Johannes yn Grinzer Opein, jenever, tabak
en kofjebeane easke. Doe't hja dat dy sneins yn augustus wegere,
sei er: "dat hij haer man in vladden soude houwen". Strang gisele
en 3 jier tichthús. (327-10-4-1793) Op moandei 7-5-1792 hat er in
houten molkamer stellen, fan bûten grien en fan binnen wyt, mei
izeren hoepen. Ek hat er roun to biddeljen en stellen. Tsjin Jan
Jans hat er roppen: "kom er uit dou duivel, dou suuiste van myn
handen sterve". Strang gisele en 3 jier band. (328-29-6-1793)
HARMEN REINDERTS, alias Anderhalfman to Sint Jansgea is 66
jier. Hy hat turf stellen út it lân fan Hendrik de Glee ûnder Rottum.
Kriget 3 jier tichthús. (455-22-9-1807)
HARMEN MICHIELS, 't Jonkerslân is 15 jier. Mei syn mem en
oaren hat er roun to biddeljen en to stellen. Strang gisele en 3 jier
tichthús. (92-6-2-1734)
HARMEN REINS, to Lippenhuzen. In tsjok dossier mei in tekening
en plattegroun fan it hûs. Hy hat op snein 1-8-1723 hiel hwat min-
sken oer de flier hawn om hwat to drinken. Casper Arjens dy't
him mei in mes bidrige, hat er delslein en dy is de woansdei's
dêrop stoarn. Hy wurdt ûntslein. (87-24-11-1731) Sjoch Drachtster
Krante 5-6-1953
HARRIT LAMMERTS, to Augustinusgea hat sa foar en nei hiel
hwat by elkaar stellen. Alris in laem, in skiep, ensfh. Yn dit dos-
sier is ek in briefte dat er oan syn frou skreaun hat, dat dy har
spul mar forkeapje moast en dan by him komme to Lutjepost. Twa
jier tichthús. (250-18-2-1783)
HART LAAZES, to Surhuzum is 34 jier. Hy hat roun to nachtbiddel-
jen en minsken bidrige mei moard en deaslach. Mei drigeminten
kloppe er de minsken it bêd út. Mei 4 roeden gisele en 7 jier band.
(306-6-2-1709)
HATTUM ALBERTS, to Feanwâ1den is 15 jier. Hy hat Hendrik
Pyters mei in skeppe tsjin de holle slein dat it bloed der nei roun.
Moat 8 dagen op wetter en brea. (278-10-4-1788) Hy is in soan fan
Albert Hattums. Mei syn broers hat er oan't stellen west en min-
sken tamtearre. Mei de strop
om 'e hals mei 5 roeden strang gi-
sele, 5 jier tichthús en dan foar ivich band. Hy wennet dan to
Rinsumageast en is 28 jier. (384-8-2-1800) Mei syn broers is er
út it tichthús brutsen. Strang gisele en 2 jier tichthús der oerhin-
ne. (393-31-1-1801)
HAVEN, Jan Roelofs to Noardwâ1de is by sentinsje fan 9-9-1772
foroardiele ta 2 jier tichthús. Hat oan it fjochtsjen en sûpen west.
Kriget 3 jier tichthús. (241-15-3-1781 en 254-10-12-1783)
HEBBE HAIJES, yn De Kompenije is 20 jier. Op 10-11-1799 hat
er meidien oan de fjochterij tsjin de wervers oan it hûs fan Anne Jans
Hes. Hy seit dat er doe dronken wie. Wurdt 1 jier band. (387-25-
4-1800)
HEBBELTJE TJIBBES, berne De Gordyk is binei 19 jier. To Ljou-
wert hat er oernachte by Hendrik Pas en Grietje Vegtsnijder op 'e
Iewâl. Hy hie de frou by 't hert grypt en as tank har bistellen. Moat
14 dagen op wetter en brea. (462-28-4-1808)
HEDSEN CLASEN, fan It Hearrenfean is 15 jier. Mei Simon Gerrits
en Aafke Hetsens hat er it syn meiminsken tige lêstich makke. Op
18 jannewaris hat er keapman Johannes Lubbertus Lijcklama ta-
roppen: "wy selle die groote Paap en Paapse duivel de kop inslaan
en vermorselen". Hy seit nou, dat doe’t er dy jouns tsjin healwei
achten fan 't iis kaem en hast oan honk ta wie, dat er doe seach dat
Johannes Lubbertus syn "Steevader onder hadde" en dat syn heal-
broerke op strjitte lei. Dat bern hie er earst opkrige en oan syn
mem jown. Dochs moat er 14 dagen op wetter en brea. (212-30-4-
1772) Mar hy hat wer oan it fjochtsjen west. It wie in bluisterich
man dêr't hast eltsenien bang foar wie. Fjouwer jier tichthús. (239-
21-6-1780) Op snein 12-9-1790 wer fochten. Kriget 4 jier tichthús
en dan 4 jier band. (319-15-11-1791 en 336-1-12-1794) Hy komt
binnen de tiid werom en moat derfoar 14 dagen op wetter en brea.
(336-26-3-1798)
HEDERD FOCKES, op De Gordyk hat in falske oanjefte dien fan
syn hout en turf "der impostie ten collect boek" Dus de belêsting
ûntdûkt. Hy wurdt foar 1 jier band (157-23-1-1756)
HEERE JANS, to Bakkefean is 60 jier. Hy is 7 juny oppakt to Mil-
dam dêr't er roun to biddeljen. Moat 14 dagen op wetter en brea.
(107-25-6-1740)
HEEROMA, Klaas "Lands chercher Noordwolde ter zake het ge-
weldig indringen in het huis van Betie Pijters" en it slaen fan Jo-
hannes Adolphs, 23 jier. Dêrfoar kriget er 3 jier tichthús. (245-
19-9-1781)
HENDRIK ALLES, skippersfeint, De Gordyk is 33 jier. Hy hat roun
mei in great oranjelint om syn hoed. Ek hat er roppen: "Vivat
Oranje! en lang leev het vorstelyk huis van Oranje". Wurdt 2 jier
band. (405-22-6-1802)
HENDRIK ARENTS, to Noardwâlde is 30 jier, en de man fan Aaltje
Egberts. Hy hat sûnder tastimming snijd "een groote quantiteyt
russchen". Dêrfan hat er to Stienwyk 10 bosk forkocht foar 7 duiten
it bosk. Hy moat 14 dagen op wetter en brea. (131-17-9-1746 en
191-2-10-1766)
HENDRIK ATSIS, fan Urterpsterforlaet is 40 jier. Hy hat in falsk
tsjûgenis jown oangeande in obligaesje fan Johannes Jacobs Schuilen-
borg en Folke Ages. Hy kriget 2 jier tichthús. (67-15-7-1722)
HENDRIK BOELENS, to Steggerda is 46 jier. Hy soe in weinfol
Turfbrjitten net by 't Collect oanjown ha en ek de takkebosken net.
Ek soe er "twee blauw bonte Rieren" út it lân fan Koop Harmens
Dedden to Stienwikerwolt stellen ha. Strang gisele, brânmerke en
10 jier tichthús. (341-24-9-1795 en 344-21-10-1795)
HENDRIK CHRISTIAANS, alias Elties to Oldetrine is 47 jier en
berne to Teridzert. Hy hat op snein 11-9-1796 tusken 7 en 8 ûre,
doe't er opbrocht waerd op 'e hichte fan Jirnsum "terwijl hy op de
wagen in boeijens zat" roppen "vivat Oranje". Strang gisele en 5
jier band. (359-15-7-1797)
HENDRIK DIRX, to Surhusterfean "van kintsgebeente aff sijn werk
heeft gemaakt van steelen". Syn mem Sijtske Sijbes soe der him
ta oanset ha. Hy hat ek wol stellen mei syn neef Wobbe Oedses.
Tsjin Jarike Eerde sei er: "du duyvels aas, soostû du niet stilhoud-
ste sal ik dy slaan, dat stû barste. En sis my net oars als wy ver-
sprutsen habbe. En heerste wol soan had dij der dan bij, sa als ik
dy seint habe". Krijt 1 jier tichthús. (176-20-11-1761) Nou hat er
op forskate plakken ynbrutsen en stellen mei Wybe Louws. Kriget
7 jier tichthús. (205-12-5-1770) Hy wie in soan fan Durk Hendriks
sill. Mei syn mem hat er yn 'e nacht fan 27 op 28-2-1758 ynbrutsen
en stellen by Aukjen Rommerts dêr, "neegen rooven linnen Gaarns".
Doe't de houn oansloech en Aukje har bern wekker waerden ha se
gau hakken opnommen. Kriget 1 jier tichthús. (166-18-1-1759)
HENDRIK DIRKS, hat mei syn broer Beernts op 'e sweef west. Op
moandei 16-10-1769 ha hja roun to biddeljen en wol yn Holwert, op
it Bildt en yn Barradiel. Hy moat 14 dagen op wetter en brea. (203-
30-1-1770)
HENDRIK DURKS, to Sonnegea en yn 1809 to Vierhuis ûnder Rohel,
is by sentinsje fan 22-11-1809 foar 5 jier band. Hy komt earder
werom. Kriget 1 moanne tichthús en wer 5 jier band. (485-25-9-
1810)
HENDRIK DURKS, to Augustinusgea is 22 jier. Mei in pear oaren
hat er Martjen Annes 28 jier de jouns fan 22-9-1808 oantaest. Wurdt
2 jier band. (468-22-11-1808)
HENDRIK EELSES, to Driesum is by sentinsje fan 9-5-1769 for-
oardiele ta 1 jier tichthús. Nou hat er wer oan it fjochtsjen west
en snijen. Kriget 4 jier tichthús. (249-17-12-1782)
HENDRIK EGBERTS, boer to Koartehimmen is 37 jier. Mei inglês
jenever yn 'e hân hat er roppen: "dat is Oranje jenever, en oranje
is de Baas, Oranje boven! Oranje boven!" Ut de finzenis ûntslein.
(342-8-10-1795)
HENDRIK FEMMES, yn de Westerein is 24 jier. Hy hat tienen snijd
en stellen fan in oar syn gerjochtichheit. Moat 3 dagen op wetter
en brea. (307-10-3-1790 en 360-4-10-1797) dan Tsiiskeapman en
Beukjen Eelses, 28 jier.
HENDRIK FOOCKES, fan Hoarnstersweach, hat op snein 26-2-1719
Jan Jansen fan De Knipe bistellen. Dy wie dronken en lei to sliepen
"een Tabaks pijps Koker, ensfh". Wurdt 3 jier band. (53-8-3-1719)
HENDRIK GEELES, fan Urterp is 65 jier. Hy hat roun to biddel-
jen en moat 6 dagen op wetter en brea. (244-19-9-1781)
HENDRIK GEERTS, to Kollum is 23 jier. Op jacht mei Anttony
Braal hat er út dy syn "wijtasch een Robbevellen Tabakszak" stel-
len. Yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (388-
26-5-1800)
HENDRIK HANSES, to Droegeham hat yn maert 1787 mei Sierd
Lykeles fan Feanhuzen "de wol gescheurd en alsso geropt van twee
Vriesche Schaapen een wit en een swart". Dy wol hat er to Dok-
kum forkocht. (276-29-1-1788)
HENDRIK HENDRICKS, arbeider to Drachten is 25 jier. Hy hat op
snein 19-2-1775 fan de feanboer Wybe Jacobus in pear sekfollen
turf stellen. Hy waerd op de die bitrape. Kriget 1 jier tichthús.
(224-9-3-1775)
HENDRIK HENDRIKS, to Drachten Z, is 34 jier. Hy wurdt der fan
biskuldige út de bosk fan Riedshear A. v. Boelens to Opein "19
regte, gladde en aller mooijste Eekenpooten ter lengte van onge-
veer 14 à. 15 voet en van een mans arm dikte" stellen to hawwen.
Hy hâldt fol dat der neat fan wier is, en wurdt ûntslein. (231-10-
4-1777)
HENDRIK JACOBS, yn De Knipe hat jierren lang mei syn heit Jacob
Hendriks, "Eijken Pooten" stellen út bosken en wâllen yn it Oranje-
wâld, Brongergea, ensfh. Moat 14 dagen op wetter en brea. (175-
17-2-1761)
HENDRIK JANS, is 55 jier en "Scheede en Koker werker" op 't
Hearrenfean; is ûntslein. Hy hie de minniste learaer Wytse Jeens
opsocht "aldaer sig quam addesseren" en om in ielmis frege. Soe
wol faker biddele ha en wol gauris by dûmny en by de minnist Wybe
Wouters to Snits. (159-23-11-1756)
HENDRIK JANS, fan Koartsweagen wurdt ûntslein. Hy wie der fan
biskuldige dat er op 7-10-1720 op Beetstersweachstermerke stel-
len hie. Mar hy seit dat it net wier is. (64-4-12-1721)
HENDRIK JANS, fan Kollumersweach wurdt ûntslein. Soe mei oaren
oan it stellen west ha. Yn in lange ûntskuldiging hâldt er út dat it
net wier is. (167-16-5-1759) Op snein 28-11-1762 hat er mei Jacob
Tjebbes in pream hierd en is dêrmei nei Hoogkerk fearn. Doe' t hja
bitrape waerden ha se de pream pream litten. Hy waerd "In de
wandeling Hendrik Fortuin" neamd. Strang gisele en 3 jier tichthús.
(182-26-6-1763) en(180-10-5-1763) is er biezemmakker en 64 jier
en syn sydsulver, Tryntje Jans, 60 jier.
HENDRIK JANS, fan Twizel is ûntslein. Hy is 21 jier en wurdt bi-
skuldige fan stellen. Hy seit dat it net wier is. (159-20-11-1756)
HENDRIK JANSEN, to Feanwâlden is 40 jier en wurdt ûntslein.
Mei Geert Gosses to Ljouwert by Aaltje Sipkes op 't Ruterskertier
kofje sette litten. Ek binne hja oan't brandewyn drinken rekke en
doe nochris oan de thé. Doe’t Geert yn'e sliep foel soe Hendrik him
bistellen ha. Hy seit dat der neat fan wier is. (16-10-9-1706)
HENDRIK JELLES, fan Langsweagen hat roun to biddeljen en mei
boekjes sutele. Ek hat er tsjin de minsken sein, dat der mei koar-
ten wol opskuor komme soe "dan zal het op de boeren niet aan-
komen maar op de Grooten, ensfh". Hy moat 14 dagen op wetter
en brea. (137-17-6-1749)
HENDRIK JEREMIAS, to Feanwâlden is ûntslein. Hy waerd der
fan biskuldige dat er turf út it fean stellen hie. (211-11-12-1771)
Wer biskuldige dat er yn 1783 "een zal vol Roomsche boonen" en
woartels stellen ha soe. Untslein. (311-25-9-1790)
HENDRIK JOHANNES, to Surhusterfean is 25 jier en wurdt ûntslein.
Hy waerd der fan biskuldige mei Saake Sjoerds op 3-12-1796 út
Johannes Claases syn skieppehok in skiep stellen to hawwen. Hy
seit dat it net wier is. (354-31-3-1797)
HENDRIK JOOSTEN, to Surhústerfean is op snein 27-1-1765 mei
syn broer Sape en oaren west oan it hûs fan Tjeerd Bonnes op 't
Wytfean. Der ha se har skandalich tjirge en oan it fjochtsjen west.
Kriget 1 jier tichthús. (188-16-10-1765)
HENDRIK JURJENS, fan Drachten in soan fan Baukjen Tjipkes widd.
Jurjen Hendriks is 18 jier. Hy waerd woansdeitomoarns 19-12-
1787 ophelle fan Jan Sanders om mei nei de Rottefalie. Dêr soene
hja foar de spjelde-en nudlekeapman Hendrik Scheffelers in sek
mei spullen hinne bringe. Underweis ha se de sek iepenmakke en
it jild dat der yn siet nadere. Kriget 1 jier tichthús. (276-25-1-
1788)
HENDRIK LAMMERTS, to Kollumersweach hat it oanlein mei
Wytske Jans. Dy stie doe op trouwen mei Fokke Jans. Hy seit dat
syn heit in neef fan har wie en dat hy en Wytske sawol yn Grinslân
as ek yn Fryslân by de boeren arbeiden. Dochs kriget er 2 jier
tichthús. (134-9-2-1748)
HENDRIK MEYNES, fan de Gordyk stie net sa bêst oanskreaun. Ek
soe er roun ha to biddeljen en to stellen. Mar hy seit dat der neat
fan wier is en wurdt ûntslein. (88-23-1-1732)
HENDRIK NUTTES, fan Drachten N. is 22 jier. Hy wie boerefeint
by Pytter Goitses oan de dwersfeart dêr. Op Beetstersweachster-
merke hat er by Henne Gerbens oan it stellen west. Hy moat dêr-
foar yn de tiid fan 5 wike trijeris in wike op wetter en brea, en 1
jier band. (390-14-10-1800)
HENDRIK ROELOFS, alias Kruyse to Augustinusgea hat op 11-3-
1738 by snider Jurjen Jans to Droegeham "vierde halve ellen sprin-
kelt sarijes'" stellen. Dat hong bûtendoar to druijen. Kriget 1 jier
tichthús. (101-24-3-1738)
HENDRIK ROMMERTS, fan Lippenhuzen is 16 jier. Hy hat spul
hawn mei arbeiders oan de sédyk ûnder Warkum. Moat 8 dagen op
wetter en brea. (232-11-9-1777)
HENDRIK RUTGERS, "op de Munnike Zijelen" is ûntslein. Hy hie
in tabakshannel, ensfh. "weegens soodanige waaren van tiid to tijd
de pegelinge onderworpen". Der soe er net altyd gefolch oan jown
ha. (234-18-11-1778)
HENDRIK SIJBES, to Rottum is 35 jier. Hy hat yn 'e nacht fan 13
op 14 april fan boer Johannes Samplonius "tot Schoter-Uitdijken
heeft gestolen twee sijden spalling spek, ensfh". Strang gisele en
3 jier tichthús. (211-30-11-1771)
HENDRIK SIJTZES, fan Jobbegea, berne to Lippenhuzen, is 23
jier. Hy hat mei Berend Roels en Jan Andries oan it sûpen en
fjochtsjen west en wol by Gerkesbrêge ûnder Bûrum. Trije jier
band. (466-9-10-1806)
HENDRIK SJOERDS, fan Koatstertille is 15 jier en wurdt ûntslein.
Mar der wurdt him yndruid foarsichtiger mei syn gewear om to
gean. Op tongersdei 14-11-1805 hat er mei 't gewear op 'e doar
sketten en wist net dat harren feint Andries Jans der efter stie. De
oare moarns tusken alven en tolven is Andries oan de forwouning
stoarn. Der is in rapport by fan trije dokters. Hendrik seit dat er
hielendal net sketten hat. Doe't er de feint syn gewear by de achter-
doar delsette soe it eigener biweging ôfgien wêze. (438-26-11-1805)
HENDRIK WILLEMS, is in soan fan Willem Hendriks to Feanwâlden.
Hja ha togearre ynbrutsen en stellen en it de minsken lêstich mak-
ke. In faem hat er it earizer fan 'e holle skuord, ensfh. Strang gi-
sele, brânmerke en 10 jier tichthús en dan foar ivich band. (314-
26-2-1791)
HENDRIK WYBRENS, fan Droegeham hat yn 'e nacht fan 3 op 4-
10-1793 út it lân fan Boele en Andries Hylkes boeren to Harkema-
Opein stellen "een swart vijf jaarig paard, zijnde een ruin". Yn
Grinslân hat er it tsjin in oar hynder ruile. Strang gisele, Brân-
merke en 5 jier tichthús. (331-21-12-1793)
HENDRIKJE JOOSTEN, op It Hearrenfean is 26 jier en wurdt ûnt-
slein. Hja soe har breahear bistellen ha, Jacob Nauta, havencherger
op 'e Hearrewâl. Mar hja seit, dat hy it har earlik jown hat. Ek
hie er ûnthjitten mei har trouwe to sillen, dêrom libben hja as man
en frou. (375-20-6-1799)
HENDRIKJEN ROELOFS, roomsk doopt 6-1-1769, as oerwoun bern
"wiens vader men zegt geweest te zijn Ide Rûlofs". De mem is
Euphona Willems. Hja is 17 jier en wennet to Teridzert. Hja hat
hiel hwat by elkoar stellen. Kriget 4 jier tichthús. (284-3-12-1788)
Mar der komt noch mear fan har oan it ljocht. Strang gisele en
der 3 jier tichthús der oerhinne. (288-31-1-1789)
HENKE ROELS, fan Drachten S, is de frou fan arbeider Willem
Jochums en 37 jier. Hja hat op sneon 9-1-1808 by Wopke Jentjes
dêr in "Sargies Violetten gesprinkelde vrouwen rok" stellen. Dy
rôk deselde jouns noch forkocht oan Baukjen Petruswidd. Sweitse
Roels, foar 4 goune. Ek soe se deselde jouns noch hoazzen en wan-
ten stellen ha fan Errit Pieters de Jong. Kriget 1 jier tichthús.
(461-23-2-1808)
HESSEL FOKKES, fan De Westerein is 21 jier. Yn de nacht fan 20
op 21-10-1800 hat er út it lân fan Hendrik Sybrens, boer to Alde-
skoat, in brúne merje stellen. Dy hat er forkeapje litten foar f 32.-.
Strang gisele en 5 jier tichthús. (396-13-6-1801) Letter rint er mei
keapmanskip bylâns de boeren. Yn de nacht fan 23 op 24-3-1807
hat er by Ruurd Wierds to Sint Nikelsgea yn it hea sliept en dy doe
bistellen. Moat op 't skafot oan in peal boun in kertier to pronk
stean mei giselroeden boppe de holle en in papier op it boarst mei
dêrop" Dief ". Dan 14 dagen op wetter en brea en 7 jier tichthús.
(453-16-5-1807)
HEYNE TIESKES, to Feanwâlden sa'n 50 jier, wurdt ûntslein. Hy
wenne ûnder Wâ1terswâ1d en hie to Dokkum foar in stûr rottekrûd
kocht. Op woansdei 19-3-1721 soe er hwat rottekrûd yn in koeke
bibakt ha om dat syn frou Sioecke Mames opite to litten. Foar in
fearnsjier wie er oan har troud. Hy seit dat der har fan dat koeke
iten neat oerkommen is. Lykwols is hja de oare deis stoarn. It
rottekrûd hie er yn de groun bidobbe. (62-12-7-1721)
HILTIE JANS, to Surhuzum hat as faem tsjinne by Willem Lammerts
boer dêr. Doe’t hja op sneon 1 april allinne thús wie, hat se it
hûs yn ‘e brân stutsen. Dêrfoar krijt hja 8 jier tichthús. (146-14-
4-1752)
HILTJE LYKLES, is de frou fan Jan Eyses to Koartsweagen en 40
jier. Hja kaem op snein 1-12-1746 de middeis om twa ûre by Adolf
Jan Peters op De Gordyk. Hja woe hwat ierappels keapje. Mar doe't
de feint efkes nei binnen gie om hwat wikseljild, kape hja gau it ien
en oar wei. Kriget 1 jier tichthús. (131-19-12-1746)
HILTJE MARTENS, de frou fan Jan Fransen to Skuorregea is 36
jieren hy 50. Hja hat de flechtsjende joad Hertz, dy't oars toDrach-
ten finzen siet, ûnderdak jown. Moat 1 jier sitte. (305-11-12-1789)
HILTJE TJEERDS, is de frou fan Jeen Annes to Lippenhuzen. Hja
hat har hierpleats to Eastermar, eigner Otto Tholen, froedsman
to Ljouwert, forlitten. Hja wiene 5 jier hier yn ‘t achterop. Hja
ûntskuldiget har dat se troch sykte har bislach fé twaris forlern ha.
Om 't der gjin iten mear wie ha se doe de pleats pleats litten en
binne nei Lippenhuzen gien. Beide krije hja 2 jier tichthús. (142-
30-6.1750)
HINKE DURKS, fan Burgum stiet nou just net sa heech oanskreaun.
Hja hat wer roun to biddeljen, der't hja foar opbrocht is. Hoewol
nea troud, hat hja dochs trije bern. "Dat de Gev. wekelijks 5 stui-
vers onderhoud genoot van Arme voogden van Bergum". Moat 8
dagen op wetter en brea. (316-10-5-1791)
HINKE RUTGERS, fan Langsweagen, berne to Nijehaske, is 36jier.
Hy hat mei Wytse Jeens oan it stellen west. Strang gisele, 3 jier
tichthús en 7 jier band. (483-13-7-1810)
HINKE SIJTSES, berne to RottefalIe is 24 jier. Hja is foar in jier
of 4 troud oan Frans Hendriks Leede, berne to Minden yn Pruisen.
Hja waerd der fan biskuldige op 4-5-1779 gâns spullen stellen to
hawwen út it hûs fan de keapman Jeen Hemkes. Hja wit fan neat en
wurdt ûntslein. (239-13-4-1780)
HOOFMANS, Jacobus Meinardus fan De Gordyk is 28 jier. Hy wen-
ne by syn mem Akke Pieters widd. Meinardus Hoofmans. Hy hat
songen: "Wy singen Wilhelmus van Nassauw, en niet anders als
tot spijt van jou, Wy singen Wilhelmus van Nassauw, verdomde
Keesen wy schyten in jou, al is ons Prinsje noch zoo klein, eeven-
wel zal hy Stadhouder zyn". Hy seit dat er doe dronken wie, mar
likegoed kriget er 2 jier tichthús. (347-10-3-1796)
HOOGEVEEN, Beerntje to Surhústerfean is 24 jier en tige mansiik.
Hja hat foar 5 jier in bern oerwoun, hokker bern fan har heit Hen-
drik Hogeveen ûnderhâlden wurdt. Mei Krystiid 1772 hat hja wer
in bern oerwoun, dat stoarn is. Hja moat 14 dagen op wetter en
brea. (221-13-4-1774)
HUT, JAN HENDRIKS fan Aldeboarn is berne to De Kompenije
en 27 jier. Hy hat op 27-12-1802 mei inkelde oaren nei Nijeber-
keap west en dêr ha se oan it stellen west. Hja kamen "by een huis
op Fronde" ûnder Elslo. Dat hûs waerd biwenne fan Sierd Jans en
dy ha se swier tamtearre en bistellen. Hy wie troud oan Geeske
Meules, 33 jier yn De Kompenije. Foroardiele ta de galge. (412-
5-2-1803)
HYLKE DOEIJES, is berne to Bûtenpost en 25 jier. Mei oaren hat
er timmerman Willem Hartsma slim tamtearre en dy syn frou jild
ôfparse. Ek noch al it ien en oar fornield. (443-26-3-1805)
HYLKE JANS, to Dantumawâld is 11 jier en hat ynbrutsen. Dêr
hat er him earst in stik brea ôfsnijd en der "strooijzuiker" op dien.
Dat foeI der lekker yn. Doe hat er noch in goune of fiif oan jild
stellen. Moat fan syn mem op 'e rjochtkeamer "pueriliter gecas-
tigneerd" wurde. (247-6-9-1782)
HYLTJE (HILTJE) LIJCKLES fan Drachten 42 is forlitten frou fan
Gerryt Jans. Wurdt ûntslein. Hja is oansocht om mei to stellen,
mar dêr hat se har net foar fine litten. Hja hat doe net ienris fan
't hiem west. (471-24-2-1809)
__I__
IDSKE ROMMERTS, fan Koartsweagen is ûntslein. Hy hie gâns
drank yn en soe doe roppen ha fan Oranje Boppe. (362-30-11-1797)
IDSKE SAKES, yn De Kompenije. hat foar slûkjen tichthússtraf
krige. Nou wurdt hy der fan biskuldige yn 't tichthús immen jild
ûntstellen to hawwen. Mar hy seit dat er it earlik mei breidzjen
fortsjinne hat. Mar hy hat wol folle slimmer dingen úthelle. "De
gevangene tot scherper examen gebragt ende met duim ijsers en
scheenschroeven geturtueerd zijnde, ende daar op op de reckbank
gebraght, en eenige malen 't rad omgedraaijd sijnde" doe woe er
pas tajaen. Frij fan bannen en pinen jowt er ta dat hy en Jan Ob-
bes yn 't tichthús mei elkaar omknoeid ha. Strang gisele, brân-
merke, 10 jier tichthús en dan foar ivich band en "alleen en afge-
sondert van alle andere gevangene kome te slapen". 92-10-7 en
20-11-1734)
INNE HENDRIKS, fan Akkrum is 65 jier. Hy hat oan it sûpen en
fjochtsjen west. Freed 2-7-1762 is er de moarns tusken 8 en 9 ûre
kommen op it wurk by de forbouwing fan de minniste "vermaninge".
Hy woe wurk by dy forbouwing ha en doe't hja him dat net jaen woene
of koene, loek er it mês en joech Claas Aukes in feech. Strang gi-
sele en 3 jier tichthús. (178-18-9-1762)
ISAAK JACOBS, 30 jier, en Tryntje Philippus wenje to Bûtenpost.
Jan Theunis wie in soan fan har earste man Theunis Jans. Hja hat
Jelle Juckes doe't dy op 't lân oan it wurk wie foar 400 goune bi-
stellen. Der wurdt by opjown hwat foar soarte jild it wie. Strang
gisele en 3 jier tichthús. (135-30-11-1748)
__J__
JACOB ALBERTS, fan De Gordyk is 18 jier. Hy hat op 26-8-1777
by bijker Jacob Uilkes to Koartsweagen ûnder Skuorregea, ynbrut-
sen en stellen. Wurdt 2 jier band. (232-2-10-1777)
JACOB ALBERTS, fan Mildam is 3-5-1782 foroadiele ta 2 jier
tichthús. En 24-6-1786 ta giseljen en 5 jier tichthús. En 2-3-1793
ta giseljen en 5 jier tichthús en 18-9-1800 is er foar 5 jier band.
Mar is earder weromkommen en hat mei in pear oaren wer oan
it stellen west. Kriget. 3 jier tichthús en dan wer band foar de tiid
dy't er noch to goede hat. Hy is dan 40 jier. (392-12-11-1800)
JACOB ENGBERTS, fan Twizel (faeks wol de greatste dief dy't
Fryslan ea hawn hat, sjoch Burgumer krante fan 1848 yn forskate
nûmers. Foar syn stellerijen krige er 10 jier tichthús, strang gi-
gele en brânmerke (130-12-3-1746)
JACOB FOCKIS, op It Hearrenfean is 18 jier. Wennet by syn mem
Hendrikjen Jans. Hy hat spullem út syn memme kiste stellen.
Strang gisele en 3 jier tichthús. (92-10-4-1734)
JACOB FOPPES, to Kollumersweach is 30 jier. Hy hat jonge
bjirken stellen en wylgetienen, ensfh. Kriget 1 jier tichthús. (328-
24-4-1793)
JACOB HANSES, fan Drachten N. is op sneintonacht fan 5 op 6-2
mei noch in pear oaren by Dirk Heinses yn Drachtster Kompenije
kommen. Hja seine dat Durk daliks mei moast. Mar doe’t de
frou sei dat Durk net thús wie, woene se yn elts gefal syn gewear
mei ha. Hja jowt it mei. Mar Jacob seit fan neat to witten en wurdt
ûntslein. (357-15-6-1797)
JACOB HARMENS, fan de Rottefalle hat mei Hendrik Plaetman
de stedsgrêft to Snits mei slatten. Nei dat krewei binne hja nei
Hollân setten om oanslach to krijen. Op 21-10-1752 de moarns
tusken 2 en 3 ûre kamen hja mei it skip to Warkum, "op het
einde van de zool". Dêr waerden hja it togearre iens om harren
maet Rindert. Sipkes to formoardzjen en to bistellen. Mei tersk-
kneppels ha se him deaslein en syn lyk yn' e sleat smiten. For-
oardiele om "aan een staak geworgt, 't lighaem met een vlegel-
stok in de regterhand, op een radt ten Spectacule". (149-17-3-
1753)
JACOB HARMENS, Kollumersweach is 25 jier en wurdt ûntslein.
Hy wie biskuldige fan ynbraek en stellen. (403-30-3-1802)
JACOB HENDRIKS, fan Surhuzum is 21 jier. Hy hat mei Feijkje
Sijtses roun to biddeljen. Ek hat er in pear sulveren skuongaspen
stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús.1 (247-13-7-1782)
JACOB HENDRIKS, 24 jier "in de Boven Rotte Valle" waerd der
fan biskuldige dat er de luije kant neist wie en roun to biddeljen.
Hy soe ek ynbrutsen en stellen ha. Hy seit dat it net wier is en
wurdt ûntslein. (246-22-1-1782) In healjier letter wennet er toSur-
huzum en hat in pear skuon stellen fan Jetske Hotzes to Aldeboarn.
De sulveren gaspen dêr ôfsnijd. Doe’t hja him efternei setten hat
er dy gaspen "in de onderwal van de Leppedyk geworpen". Strang
gisele en 3 jier tichthús. (247-5-6 en 13-7-1782)
JACOB HENDRIKS, fan Urterpforlaet is 11 jier. Hy hat roun to
biddeljen en wurdt fortocht fan stellen. Moat 8 dagen op wetter en
brea. (209-19-4-1771)
JACOB HARMANUS (HARMENS), fan De Gordyk hat op sneon 28-
12-1782 yn de herberch "de Ojeveer" to Harns in pear gouden kno-
pen stellen fan in dronken Grinzer skipper. Kriget 3 jier tichthús.
(251-2-4-1783)
JACOB JACOBS, fan De Rottefalle moat 14 dagen op wetter en brea
omdat er roun hat to biddeljen. (74-30-1-1725)
JACOB JURJENS, doarpsrjochter yn de Westerein is 38 jier. (246-
7-3-1782)
JACOB HENDRIKS, yn de Knipe, meast al Hoeder neamd, is goed
44 jier. Hy hat syn frou en bern mei in mês bidrige en ta de doar-
ren útjage. It mês sit noch yn dit dossier. Ek oaren hat er mei
dit mês bidrige. Kriget 2 jier tichthús. (170-18-1-1760)
JACOB MERKS, is 20 jier (319-15-11-1791) Hy hat op 17-2-1798
mei Frans Johannes spullen stellen út it jacht fan Jelle Roels. Dan
is er 25 jier en kriget 2 jier tichthús. (367-11-5-1798)
JACOB SYBRENS, fan Langsweagen hat 17-3-1711 foar slûkjen
tichthússtraf krige. Nou hat er de bilêsting ûntdûkt en in falske
hantekening set. Strang gisele, brânmerke en 7 jier tichthús. (37-
22-12-1714)
JACOB TJEBBES, biezemmakker to Kollumersweach is 25 jier.
Hy hat mei Hendrik Jans op snein 28-11-1762 in pream hierd fan
Marten Sierks to Feanwâ1den. Der binne hja mei nei Hoogkerk gien
om to stellen. Mar hja kamen har oer 't mad en doe ha se de pream
pream litten en hakken op nommen. Strang gisele en 3 jier ticht-
hús. Syn frou Antje Alberts is yn 1766 âld 46 jier. Strang gisele
en 3 jier tichthús. (182-25-6-1763)
JACOB WILLEMS, to Bûrum is 49 jier en wurdt ûntslein. Hy waerd
der fan biskuldige op tiisdei 8-12-1739 stellen to hawwen. (106-
19-5-1740)
JACOB YPES, to Bûtenpost tsjin de 70 jier. Hy wie dwaende yn de
nacht fan 11 op 12-10-1750 út de skuorre fan Oene Gerryts in sek
boekwyt to stellen, doe’t er op 'e die bitrape waerd. Kriget 1 jier
tichthús. (144-22-1-1751)
JACOBJE (JAPIKJE) ALBERTS, widd. Hendrik Douwes op It Hear-
renfean is 45 jier. Hja is 3-5-1782 foar stellen foroardiele ta 2
jier tichthús. Hja hat wer stellen, strang gisele en 5 jier tichthús.
(267-24-6-1786) Op moandei 8-10-1792 fan winkelman Lieuwe
Riemersma yn de Sakramintstrjitte to Ljouwert spullen stellen.
Strang gisele en 5 jier tichthús. (326-2-3-1793) Mar it stellen sit
har yn ’t bloed, wer gisele en 5 jier band. (390-18-9-1800 en 392-
12-11-1800) Dan wennet hja to Mildam. Hja hat op 20-2-1804 fan
Wobbe Molles op It Hearrenfean út it kammenet kleanspul stellen.
Strang gisele, 5 jier tichthús en dan band. (423-25-2-1804)
JAN ALBERTS, fan Hoarnstersweach hat mei oaren op snein 4-7-
1728 oan it slûkjen west en wurdt 3 jier band. (83-7-12-1729) De
jouns fan 26-7-1733 op snein. is er kommen by Cornelis Christof-
fels. hospes "tot Houtwoude". Der hat er earst in kopke kofje dronken
en doe in slokje. Dan rekket er yn tsjok waer mei keapman Euwe
Berents fan Aldeskoat, dy't er mei 't mês to liif giet. Derfoar wurdt
Jan Alberts Reisiger strang gisele en kriget 3 jier tichthús. (91-
28-11-1733)
JAN ALLES, fan Kollumersweach is 25 jier. Hy hat mei Tjepke
en Willem Jans "Willege Boomen" kappe en stellen. En nochris op
11-2-1777 fan de wâllen fan de saneamde "Halbe Kooij" ûnder
Ryptsjerk. Moat 8 dagen op wetter en brea. (231-21-2-1777)
JAN ANDRIES, yn De Wyngaerden ûnder Langsweagen is 26 jier.
Hy hat mei Berend Roels en Hendrik Sijtses oan it sûpen en fjoch-
tsjen west by Gerkesbrêge ûnder Bûrum. Hy seit dat er dronken
yn't strie op 'e souder lein hie. Der hiene se him weijage en doe
wie er yn 'e sleat rekke. Hja hiene der him oan't hier útlutsen.
Ek hiene hja him slein. Hy wie yn 'e Knipe berne, sei er. Strang
gisele en 3 jier tichthús. (447-30-10-1806)
JAN ANDRIES, fan Surhústerfean is 50 jier en wurdt ûntslein. Hy
waerd der fan biskuldige wol gauris gers fan Gerben Pama syn
hiem stellen to hawwen. Ek alris in planke fan de rûchskerne, ensfh.
Mar hy seit fan neat to witten. (413-11-3-1803)
JAN ANNES, is boerefeint by Durk Wybes to Koartsweagen. Hy hat
it mei Beerent en Ruurd Meeles tige yn 'e kant set tsjin de Skoatter-
lânske gerjochtstsjinners. Yn 15 dagen twaris in wike op wetter en
brea. (364-2-2-1798)
JAN BERENTS, wever to Aldeskoat, hat op 18-1-1772 mei Ype
Gerryts alias Livorno en mei Geert Lammerts west oan it hûs fan
Simon Gerrijts op It Hearrenfean. Dêr ha hja in mannich slokjes
oer de tonge wipt en binne doe fuortgien, ha in stik izer stellen en
binne oan it fjochtsjen rekke. Kriget 1 jier tichthús. (212-2-4-
1772)
JAN BERENTS, fan Gerkeskleaster is 27 jier. Hy stiet bikend as
in greate sûper, en flokker. Syn eigen heit útflokke, slaen en bi-
driigje en sein dat er it hûs yn ‘e brân stekke sil. Kriget 1 jier
tichthús. (261-9-6-1785)
JAN BINNES, arbeider to Aldwâld, 35 jier (234-18-11-1778; 235-
17-12-1778; 305-15-12-1789)en syn frou Sytske Gabes, dan 49 jier.
Op 2-2-1797 hat er him oan it haed fan in espel folk biwapene mei
gewear, foarken, seinen snoeimessen, stokken en allerhande sijt-
ark nei Kollum bijown. Dêr de presidint fan it gerjocht, Jacob El-
lens, mei de dea bidrige. Op Koll. Forlaet it Abel Keuning tige bi-
naud makke en roppen: "duivels beest, wat beweegt, mij, dat ik dij
de harssens niet in slaan". Foroardiele "omme by den scherp-
rechter op het schavot geleijdet, aldaar met den zwaarde geexe-
cuteert en alzoo van het leeven ter dood gebragt te worden" 18-2-
1797)
JAN BOOTES, fan Twizel is 32 jier en wurdt ûntslein. Op 4-2-
1797 soe er meidien ha oan de reboeljes, wapene mei in sabel en
"snap haan" en mei roppen en raest ha. Hy seit dat er allinne mar
út taktyske oerwegingen meidien hat. (363-20-12-1797)
JAN CLASEN, fan Kollum hat roun to biddeljen en minsken by
nacht en ûntiid út it bêd kloppe. Kriget 1 jier tichthús. (209-14-3-
1771)
JAN CLASEN (PIEST), to Wolvegea hat in skoffel stellen en moat dêrfoar 2 jier yn 't tichthús. (99-1-2-1737)
JAN COERTS, "honnebaes" yn De Kompenije is 54 jier. Mei syn soan Jan Jansen, hat er Anne Jans Blauw omreitsen ôfseame, Kriget 3 jier tichthús. (352-30.11. 1796)
JAN CORNELIS, is de soan fan Cornelis Wijgers op 'e Nijstêd to Burgum en 18 jier. Hy hat harren buorfrou Antie Jans de frou fan Peebe Jans foar alles en noch hwat útmakke en is driigjend by har yn 'e hûs opflein. Hy woe tabak fan har ha en makke har út foar hoer en dief. Ek hat er Sibbel Reiners, widd. Willem Jacobs, raer bijegene. Kriget 2 jier tichthús. (44-2-10-1716)
JAN CORNE LIS , to Aldegea is berne to "Maarum". Hy hat by Fol-kert Rienks in planke troch de glêzen raemd en Folkert bidrige. Moat in boete fan 50 goudgounen binnen de 8 dagen bitelje en oars in healjier tichthús. (366-27-4-1798)
JAN DIRKS, yn De Falom hat mei Jan Gerrijtsen de Leeuw, "in de wandeling genaamd Jan Popelman" en oaren al in jiermannich roun to biddeljen en to stellen, Strang gisele, brânmerke en 5 jier tichthús. (53-11-2-1719) Syn bêst dien om út it tichthús to brekken, Strang gisele. (55-24-6-1719) Hy hat wer roun to biddeljen en hâldde him as soe er mar ien hân ha. Hat ek wer stellen en libbe mei Martina Wouters as man en frou. Strang gisele en 5 jier tichthús. (75-15-9-1725)
JAN DIRKS, alias éénoogh, yn De Falom, is by sentinsje fan 15-11-1742 foar 2 jier band. Op sneon 9-2-1743 fan út Grinslän hjir werom kommen. Strang gisele en noch 3 jier band dêr oerhinne. (118-9-3-1743)
JAN DIRKS, to Kollum is 28 jier en wurdt ûntslein. Hy soe in skiep stellen ha. Hy seit dat er it skieppeflues kocht hie fan in man dy't er net koe. (490-18-2-1811)
JAN EDSES, fan Droegeham is 46 jier. Op 1-12-1800 de moarns tusken 9 en 10 ûre fear er fan Ljouwert de Potmarge del. De beide tsjinners fan de justysje hjitten him de seilen to striken en oan wâl to kommen "vermits er vlugtelingen of skelmen waren". It wie it Hattumfolk dat út it tichthús brutsen wie. Mar hja fearen troch. Wurdt 1 jier band, (392-18-12-1800)
JAN EELSES, op 't tolhus oan de Grinzertrekwei ûnder Wâlters- Wâld. Hy hat Meijnert Jans fan Driesum mei 't mês in feech oer 't antlit joun. Ek oaren mei 't mês bidrige. De frou fan hospes Binnert Jans bûten de Wâldpoarte to Dokkum twongen him de neilen to biknippen en har letter in sneed oer it antlit joun. Strang gisele en 3 jier tichthús. (7-9-7-1701)
JAN EGBERTS PIJST, fan Noardwâlde stiet net heech oanskreaun, flokke, skelle en de meiminske bidriigje. De joad Levi Levi hat er ek mei 't mês bidrige ûnder it útroppen fan " ik sal dy de hals breken". Hy hat ek stellen. Kriget 1 jier tichthús. (161-18-5-1757) Op 3-3-1761 kaem er oan't hûs fan Hendrikjen Tjebbes. Hja wie fan honk en wol by Hendrik Jans Roroe to Noardwâlde. Jan Egberts syn suster wie troud oan Hendrik Jans. Hy hat dêr doe ynbrutsen en gâns spullen stellen. Dat bistoppe er yn 'e bijestâl. Doe is er nei Antje Jacobs de frou fan Lammert Beerents gien, om in sûpke. Dêr liet er by forsin in pear gouden knopen falIe en sa kaem de stellerij oan’t ljocht. Strang gisele, brânmerke en 7 jier tichthús. (176-26-9-1761)
JAN EGBERTS, fan Aldelamer is 60 jier. By sentinsje fan 25-6-1740 is er foar biddeljen foroardiele ta 14 dagen op wetter en brea. Nou hat er wer roun to biddeljen en moat 3 dagen op wetter en brea. Hy wie to Skerpenseel berne. (126-26-1-1745) Wer roun to biddel-jen en moat 8 dagen op wetter en brea. (126-16-3-1745)
JAN EGBERTS, boer to Wynjeterp is 48 jier. Hy hat mei Luitjen Sijtses de minsken warskôge en sein dat de Ljouwerters kommen-dewei wiene om de finzenen op to heljen. Dat moasten se mei-el-koar bihinderje. Kriget 1 jier tichthús. (134-17-2-1748; 140-28-1-1750 en 140-29-1-1750)
JAN EMKES, is in soan fan Emke Jans en 16 jier. Hy tsjinne as feintsje by Gerrit Engberts, boer to Moarmwâld. Der arbeide hy mei noch 6 oare jonges. Doe't der in famke lâns kaem hat er it har tige lêstich makke. Moat 8 dagen op wetter en brea. (88-27-9-1732)
JAN EIJNTJES, yn De Falom lei net op in bêste namme. "In ge-selschap van verscheijddene huijsbreeckers en vagebonden", op sjou west. To Koatstertille sitten to sûpen en doe nei Droegeham stutsen en oan it stellen gien. Hy hat op de útkyk stien "in de stoep" fan Oeds Jans, ensfh. "Aan de galge gehangen, geworght, en alsoo van 't leven ter doot gebraght te worden". (46-10-7-1717)
JAN EVERTS, ûnder Bûrum is 28 jier. Hy sûpte en hat syn frou útskeld en slein. Moat 8 dagen op wetter en brea. (271-15-3-1787 en 364-16-1-1798)
JAN FRANSEN, fan Jobbegea is 28 jier. By sentinsje fan 5-3-1768 gisele en 3 jier tichthús, foar it stellen fan sulveren skuongaspen. Hat nou wer roun to biddeljen en wurdt biskuldige fan stellen. Moat 14 dagen op wetter en brea. (216-3-3-1773)
JAN FRANSEN, fan Kollumersweach is op woansdei 16-11-1767 de jouns mei hânskrobbers kommen by Hedzer Douma op Gaestmabuorren ûnder Hurdegaryp. Hja mocht der de nachts bliuwe en hat doe fan de feint in pear sulveren skuongaspen stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (196-5-3-1768)
JAN GEERTS, to Sumar is yn syn 60e jier. Foar trije-fjouwer jier waerd er trappearre yn 'e skuorre fan Rinse Bonnes to Sumar. Hy wie dwaende mei rogge stellen. Op 12 febrewaris kaem er mei 2 sekken oan it hûs fan de doarpsrjochter Jan Gabes dêr, en dêr kaem boekweit yn. Mar dy nachts kaem Jan Gabes syn soan him tusken ien-en-twaën oer it mad. Strang gisele en 3 jier tichthús. (152-27-4-1754)
JAN GEERTS, fan Drachten is 24 jier. Hy hat nei Rommert Har-manus dêr to kof je drinken west. Doe't Rommert de keamer efkes útgong om kof je to setten, hat Geerts kâns sjoen in sulveren hor-loazje mei in sulveren kast, út it tafelslaed to stellen. Foar 5 jier band. (476-4-10-1809)
JAN GEERTS, (in de wandeling Oostvries genaemd) is arbeider to Aldtsjerk. Mei in keppel oaren mei tromslach nei 't hûs fan Wijger Beerns, 65 jier en Saakje Lubbes , 68 jier, gien. Hja woene ha dat Wijger de klok liede soe, mar dy hie der gjin smucht op. Doe ha se troch in stikken finster "aangestoken zwermers gestoken, dat zyn huis met een yslijken damp vervuld wierd, zelfs zo dat hy en zijne vrou elkaar niet konden beschouwen". Jan seit foar 't Hof, dat it nou ienris wenst wie "op Princes verjaardag de klok te luiden". Dat wie bard op 8-3-1794. Hwa't net meidwaen woe krige in tou om'e mul en waerd sa nei de toer lutsen. Hy moat 8 dagen op wetter en brea. (337-5-3-1795)
JAN GERRITS, to Beetsersweach hat mei Tiamme Lucas, 50 jier, op stap west. Op 17-7-1747 binne hja nei Aldehoarne gien en dêr ''by het dack des huisinge van eenen Esge Jans des nagts opgeklommen, de huiskiste opengemaakt, en door dezelve zig in de schuur begeeven heeft". Doe hat er Tjamme der ynlitten en is it op in stellen gien fan tsiis, pikelfleis, ensfh. Strang gisele en 5 jier tichthûs. (133-23-11-1747)
JAN GERRYTS, fan Koatstertille is 15 jier. Hy hat mei Klaas Harrits fan Ezumasyl in wyt skiep stellen út it lân fan Hedde Aebes Broersma to Kollum. Yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (393-3-2-1801)
JAN GERRYTS, is in soan fan Gerryt Jansen to Sumar en 24 jier. Hy hat by Romk Rienks en Yttje Johannes dêr in pear learzens stellen. Ek noch in pear swartbûnte moffen, 3 redens, ensfh. Moat 14 dagen op wetter en brea. (199-21-2-1769) Op snein 8-12-1771ûnder tsjerktiid ynbrutsen by Oeds Jans dêr. Mar dêr kaem buorman Gerk Jans him oer ’t mad. Twa jier tichthús. (212-21-2-1772) Op (2349-12-1778) wurdt er foroardield ta 4 jier tichthús foar it stellen fan in preamskipke fan Lijckele Jelles dêr. Dat lei dy nachts by "de Eekmolen" by Burgumerdaem. Der is er doe mei oer Ljouwert nei Ritsumasyl fearn en hat it dêr forkocht.
JAN GIOLTS, fan Langsweagen hat ynbrutsen en stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (134-17-2-1748) Wer biskuldige fan stellen, mar hy seit dat it net wier is en wurdt ûntslein. (146-25-2-1752 en 170-18-1-1760) Hy is dan arbeider en 38 jier.
JAN HARMENS, fan Drachten is berne to Duerswald en 23 jier. Oan't tiisdei 23-9-1800 hat er wenne by Sjouwkjen Binnes, boerinne to Drachten S. Op 2-10-1800 hat er út har lân twa swartbûnte rierren stellen. Dy hat er op Beetstersweachstermerke forkocht foar 60 goune en ôflevere oan de herberch "de Klok", hospes Henne Gerbens. De oare deis doe’t er by syn mem Jacobjen Jans toDuerswâld wie, waerd er ophelle. Strang gisele en 3 jier tichthús. (39118-10-1800
JAN HARMENS, yn De Rottefalie is 40 jier. Mei Thijs Pytters en dy syn frou yn de nacht fan 25 op 26-11-1771 in fette spalling fan sa likernoch 300 poun, út it bargehok stellen, De yn stikken snijde spalling yn sekken dien en doe dêrmei nei Thijs syn skoanheit gien, en him dêr "hebben geheemelt". It skjinmakke fleis ûnder-inoar fordield. Ien jier tichthús.(214-14-7-1772)
JAN HENDRIKS, timmerfeint wennet by syn mem yn It Mear en is 27½ jier. Hat yn jannewaris mei Sybe Folkerts nei it simmerhûs fan Wybe Martens west. Der op freed 9-1-1789 ynbrutsen en stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (288-31-1-1789)
JAN HENDRIKS, to Nijelamer is ûntslein. Hy wie koartlyn troud oan Geertien Jacobs. Hja wurde der fan biskuldige har al den dei skuldich to meitsjen oan "gnobdiewerij". Hy seit dat it net wier is. (62-5-7-1721)
JAN HENDRIKS, to Aldetrine hat op snein 29-6-1766 yn 't bosk fan Douwe Jochums to Sonnegea hiel hwat hout kappe foar "boonestocken" . Hy waerd snapt fan Alt Roelofs "huisman en stelling of dorp Regter" to Sonnegea, 56 jier. Moat 1 jier yn 't tichthús. (19130-9-1766)
JAN HENDRIKS, yn De Westerein is 16 jier. Hy hat mei Andries Hendriks in soad bjirken stellen út it bosk fan Wilhelmus Bergsma to Kollumersweach. Op 'e die bitrape. Kriget 1 jier tichthús. (2147-10-1772)
JAN HINNES, op 'e Hearrewâl moat foar 8 dagen op wetter en brea. Hy hat op moandei 5-12-1735 syn frou slein sadat hja it hûs útflechte nei buorman Jan Rienx. Doe is Jan Hinnes der kommen mei it iepen mês yn 'e hân en rôp "waer is myn wijijf ick wille hier uyt hebbe ick sal haer de kop klove, en sal haer om hals brenge". Syn frou Jits Eebes is 50 jier. Ek hat er de glêzen wolris ynslein. Hy seit dat er dronken wie en dan wit in minske net altyd hwat er docht. (96-19-12-1735)
JAN HOIJTES, timmerfeint to Burgum is 28 jier. "Dat de gev. sig onlangs voor matroos heeft verhuyrd op Lands oorlogschip tot Harlingen, maar niet in dienst is gekomen". Ek soe er spullen foar in oar toplak bringe, mar dy hat er forkocht. Kriget 1 jier tichthús. (Syn frou Aafke Ebes is 28 jier. (210-5-9-1771 en 2103-10-1771)
JAN JACOBS, yn De Falom is 21 jier. Hy ried op moandei 17-6-1743 op 't hynder fan Eastermar nei Dokkum. Gijse Baukes fan Dokkum kaem him mei de seas efterop riden en woe him foarby. Mar dêr wie Jan op tsjin en sloech Gijse syn hynder in kearmannich foar de kop. Gijse sels joech er in feech mei 't mês. Hy moat 14 dagen op wetter en brea. (120-25-10-1743; 128-25-11-1745 en 14419-3-1751)
JAN JANS, snider to Kollum is 31 jier. Hy hat op 4-2-1797 mei-dien
oan it Kollumer oproer. Wurdt 3 jier band. (359-8-9-1797)
JAN JANS, soldaet to Kollum is 24 jier. Mei de sabel hat er minsken bidrige, flokt en maltjirge, ensfh. Wurdt 2 jier band. (4821-5-1810) Komt earder werom en kriget in fearnsjier tichthús en 2 jier band. (487-15-11-1810)
JAN JANS EN JACOB JANS fan Noardwâldede wurde foroardiele ta in boete fan elk 50 goudgoune boppe de kosten en sa lang finzen bliuwe as der noch net bitelle is. Hja ha op freed 21-10-1707 elk mei in roer "neffens de Dijck van Aaltien Lamberts in Nijetrijne, ongeveer een smeet weegs voorbij 't Vonder van haar Land om op einen in de Lende" to sjitten. Dy einen wiene fan Cleijs Jans. Doe't Cleijs op har takaem ha se dy tamtearre. (19-1-2-1708)
JAN JANSEN, yn De Kompenije is 18 jier. Hy hat op sneon 12-111796, sa tsjin skimerdonker , mei syn heit Jan Coerts, 53 jier, by Geerts Lammerts dêr west. Der wie ek in Anna Jans Blaauw, mei hwa 't syn heit wurden krige oer de turfpriis. Dat roun sa heech, dat hja togearre Anne fiks ôfseame ha. Kriget 3 jier tichthûs. (352-30-11-1796) Mei syn broer Marten en mei Bauke Geeles op 6-7-1800 op De Jouwer kommen, de jouns tsjin healwei tsienen en wol by kastlein Jan Sytses. Oan it sûpen gien en rûzje krige. Glêzen ynslein en messen lutsen. Kriget 1 jier tichthús. (389-15-7 -1800)
JAN JARIGS, fan Droegeham is ûntslein. Hy soe as troud man Antie Uylkes, in dochter fan Gertie Clases fan Boarnburgum to nei west ha. Hy seit dat der neat fan wier is. (151-12-12-173) Yn de nacht fan 11 op 12-6-1757 fan Frans Thomas to Wânswert twa swurden en blokken dy't der by hearden mei oare spullen stellen. Twa jier tichthús. (163-13-12-1757) Omstrings alderheljen 1762 is er de nachts omstrings ien ûre kommen oan it hûs fan keapman Jurjen Egberts to Surhústerfean. Hy woe in pream hiere foar turf farren. Mei dy pream is er nei 't fean gien fan Jurjen Egberts en hat fan dy syn turf stellen. Doe't Jurjen him trappearre bigoun er to gûlen en sei de turf bitelje to sillen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (184-7-4-1764)
JAN JOCHUMS, fan Aldehoarne is 48 jier. Hy wie 1764/65 skoal-master to Feanwâlden. Der stiel er sneins út de earmekollekten. Nou hat er roun to biddeljen en to stellen. Wurdt 4 jier band. (243-23-5-1781)
JAN JOCHUMS, fan Noardwâlde is 33 jier. Foar it stellen fan in baeitsje op 21-9-1807, moat er 8 dagen op wetter en brea. (457-22-10-1807) 5-1758 by Pieter Rijcldes, boer ûnder Aldeskoat, in earnen amer stellen en dy foar 11 stûren it poun forkocht oan de útdraechster, Trijntie Anthonij op It Hearrenfean. Op 5-6-1758 fan Gabe Sjerps, boer by de tsjerke fan Nijeskoat, ek in koperen amer stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (164-10-6-1758)
JAN PYTERS, yn De Rottefalle is foar 14 a 15 jier troud oan Siouckjen Tierks. Hy hat 4 bern by har. Yn 1715 is hja rêst en doe is Bontie Martens húshâldster by him wurden, wylst hja mei in soldaet Doede op trouwen stie. Nei in fearnsjier forlove Jan him mei Auckjen Bruyns, mei hwa't er libbe as man en frou. Doe hat er har yn 'e steek litten en is der mei Bontje Martens fan troch gien. Strang gisele en 3 jier tichthús. (43-2-5-1716)
JAN ROELOFS (HAVEN), doopt 24-2-1754 is in soan fan Roelof Beerents to Finkegea. Syn broer Beerent is 21-3-1757 doopt. Jan alias Jan Robbegies to Noardwtâlde lei op 14-12-1769 mei in pream mei dong yn de Linde en wol foar it hûs fan Tryntje Heinen widd. Andries Coenders to Nijetrine. Hja wie dy moarns mei har soan Gerrit op bigraffenis fan har dochter. Doe hat Jan by har ynbrutsen en stellen. Strang gisele, brânmerke en 5 jier tichthús. (208-9-31771) Hat wer oan it stellen west en nou mei syn broer Beernt. Twa jier tichthús. (214-9-9-1772) Dan wer oan it sûpen en fochtsjen west. Trije jier tichthús. (241-15-3-1781) Op freed 7-11-1783 is er slim to kear gien yn it tichthús mei Johannes Meiles en oaren. Dat wie om't Petrus Amelander straft wie. Kriget 1 jier tichthús. (254-16-12-1783) Sjoch ek 224-18-3-1775 en 254-12-121784)
JAN ROELOFS, to Wolvegea is 13 jier. Hoewol de diakens him utbistege hiene by in boer, roun er sûnder mear út de tsjinst wei. Der wie gjin hûs mei him to hâlden. Ien jier tichthús. (45-12-3-1717)
JAN SANDERS, to Drachten S. is 26 jier. Hy brocht mei Hendrik Jurriens in sek mei spullen foar Hendrik Scheffelers nei De Rotte-falle. Underweis de sek iepen makke en it jild der út stellen. Hy hie der mar f 3.20 fan krige en dat hat er ek noch werom jown. Kriget 3 jier tichthús. (276-25-1-1788) Hat roun to biddeljen, mar omdat er net by syn folIe forstân is wurdt er ûntslein. (429-23-101804)
JAN SIERKS DE FRIES, fan Rinsumageast is nou just net sa'n bêsten ien. Hy leit op in kwea namme. Giet him faek to bûten oan drank. Stiet daliks klear mei 't mês sawol tsjin syn frou as oaren. Kriget 6 moanne tichthús. (146-18-1-1752) By sentinsje fan 22-12-1764 foar stellen gisele en 3 jier tichthús. Wurdt biskuldige dat er elzebeammen stellen hat. Hy seit dy earlik kocht to hawwen en wurdt ûntslein. (225-10-5-1775)
JAN SIJMENS, (BLOM) is berne yn Skoatterlân, Twa dossiers mei inkelde briefkes. Wennet al in jiermannich "op Oldetrijnster Dijck". Hy bidrige elkenien, sels bern, mei 't mês. Kriget 1 jier tichthús. (62-9-9-1721)
JAN SIKKES, to Tietsjerk is 44 jier. Hy hat in fok stellen fan Tomas Jans dêr. Foar himsels hat er der in seiltsje fan makke. Hy seit dat er dy fok op de Greate Wielen foun hie. Moat yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (400-10-1-1802)
JAN SJOERDS, to Surhústerfean is 17 jier. Hy is binnen syn straftiid weromkommen en tige to kear gien. Syn omke Hendrik Johannes, dy't him hwat delbêdzje woe, hat er mei in lodde sa goed op 'e earm slein, dat dy foar altyd wol stiif bliuwe sil. Trije jier tichthús en dan 5 jier band. (490-9-2-1811 en 485-28-9-1810)
JAN STIJNTIES, fan Kollumersweach is 40 jier" en wurdt ûntslein. Hy wurdt der fan biskuldige al jierren omslein to hawwen mei in troude frou, Catharina Jans. Hy ûntstriidt alles, ek dat er in bern by har hie. (144-19-3-1751 en 152-6-4-1754) Hja neame him ek wol Jan Wytses en hy seit berne to wêzen to Aldwâld. Foar nachtbiddeljen foroardiele ta gisseljen en 3 jierband. Op snein 16-11-1755 hat er ynbrutsen en stellen by feanbaes Bauke Boeles to Bakkefean. Strang gisele en boppe hwat er noch togoede hat, 3 jier band. (156-6-12-1755)
JAN SYBES, to Urterp is 40 jier. Hy tsjinne as feint by de turfskipper Jeijp Rijkles. Doe't hja in kear mei 't skip op 'e Alde Leije leine, hat er yn 'e nacht fan 31-10 op 1-11-1800 Sybe Sipkes bistellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (392-17-12-1800 en 4251-5-1804)
JAN TIJSSEN , is in soan fan Tijs Johannes to Drachten en 12 jier. Hy hat mei Watse Hylkes de earmebus op it Noardertsjerkhôf leech-plondere. Fan de 14 stûren dy't der ynsieten hat hy 5 krige. Pueriliter gecastigeerd. (400-20-1-1802)
JAN TJALLINGS, fan Aldegea is 36 jier. Op 16-3-1799 kaem er mei 't Aldegeaster skip fan Ljouwert. To Aldegea oankommen kaem syn keapmanskip op in wein. By dat opladen soe der ek in
sek mei spullen fan keapman Jan Jelles, murken J J op de wein rekke wêze. Der fan biskuldige dat it mei opset sin bard wêze soe. Mar hy wurdt ûntslein. (378-9-10-1799)
JAN TJEPKES, is 20 jier. (150-13-7-1753) By sentinsje fan (18228-6-1763) wurdt er ûntslein. Der sitte in mannich briefkes yn dit dossier. Hy waerd der fan biskuldige syn kompagnon Johannes Jans en Baukjen Meinderts bistellen to hawwen. Mar dy steane nou just net bikend as bitrouber. It soe har doel west ha him op dizze manear as kompagnon kwyt to reitsjen.
JAN TJERKS, fan Ikkerwâ1d is ûntslein. Hy wie 17-9-1745 opRin-sumageaster jiermerk. "Daar is komen aenlopen een swart bonte waterhond dat een teef was". Dy houn hat er mei nei hûs nommen, mar om't syn heit dy houn net hâlde woe, krige buorman him. Lyk-wols wie Jan der faek mei de houn op út. In kear waerd er fan syn broer trappearre dat er mei de houn omknoeide. (129-9-2-1746)
JAN WILLEMS, assistint to Burgum moast op de finzene Ate Cloosterman passe. Hy is yn 'e sliep fallen en doe hat Ate hakken opnommen. Moat 8 dagen op wetter en brea. (140-12.3-1750)
JANKE ALBERTS, is in dochter fan Albert Hattums to Feanwâl- den en wurdt ûntslein. Biskuldige fan it stellen fan in "stuike en een gedeelte van een stuk Baggelaar". (272-4-5-1787) Op snein 23-3-1794 soe hja tsjin Trijntje Folkerts, 7 jier, sein ha dat se by it boartsjen har skuon útdwaen moast. Doe soe hja dy skuontsjes mei sulveren gaspen stellen ha. Hja is dan 28 jier en seit dat it net wier is. Hja wurdt ûntslein. (336-26-11-1794) Yn 1804 wennet hja to Greategast en hat mei har suster Sybrigje in bêste winterbaerch stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (423-25-2-1804)
JANKE HENDRIKS, widd. Foppe Fokes yn de Westerein is 68 jier en wurdt ûntslein. Hja biskuldigen har fan it stellen fan in pear "manshoeden". Hja seit dat har soan Foke har dy yn biwar jown hie foar Tietse Jans Lap. (353-19-1-1797)
JANKE JANS, fan Kollum hie foar 1749 al 3 bern oerwoun. Ek noch slacht hja altyd mei oare manlju om en rint to biddeljen. Twa jier tichthús. (152-1-2-1754)
JANKE JILLINGS, fan Westergeast is 14 jier en in dochter fan Jilling Harmens. Yn augustus 1781 wist hja tige handich koeken to Bûtenpost út de kreammen to stellen en dy dan oan har heit to jaen, dy't op in distânsje stie. Op freed 28-6-1783 fan 't skip der't hja mei fan Feanwâlden nei Ljouwert fear, de nachts spullen stellen. Yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea, (254-18-12-1783)
JANKE JOHANNES, fan Driesum is 28 jier en wurdt ûntslein. De heit fan har bern hat west in Hendrik Cornelis to Feanwâlden, Op 9-9-1753 is hja troud oan Thomas Jans. Dy bihannelet har net sa bêst "en als sij hem wilde kussen met affkeerigheit weggestoten". Op snein 30-12 ha hja op redens nei Dokkum west. Der hat hja hwat rottekrûd kocht. Thúskommen woe se noch mei har man reedride, mar dy woe net. Hja hat him doe earst in boltsje jown, foar't hja wer op 'e redens gie. Doe't er der in hap fan op hie smakke it him net en dêrom stiek er it mar by de himdrok yn. By syn boer kommen gie er daliks op de bûthúsbank lizzen. De boerinne joech him fiks hwat raende bûter to drinken "waerop hy geweldig heeft gebraakt". Hwat der noch fan it boltsje oer wie "met schier wit goed" dêrtusken, hat er yn ‘t fjûr smiten, der’t de lôge daliks út sloech. (157-17-3-1756)
JANKE RINSES, is in dochter fan Rinse Jans to Wolvegea en 22 jier. Mei Tjeerd Pottinga hat hja op Pinkstermoandei songen: "Oranje boven dat is best, verdomde Keesen gaat na je nest". Twa dossiers. Hja moat 8 dagen op wetter en brea. (346-29-6-1796)
JANKE SIJTSES, widd. Eelke Wopkes to Surhústerfean is 72 jier en wurdt ûntslein. Yn 'e nacht fan 20 op 21-8-1805 soe se mei har soan Wopke Eelkes ynbrutsen en stellen ha. Mar hja wit fan neat. (435-18-9-1805)
JANKE TJERKS, to Hoarnstersweach is in dochter fan Tjerk Bonnes en 70 jier en fan Liefke Harstes 80 jier. Janke har suster Leent je is 34 jier. Al in jier as acht hat se har âlden slim pleage en har âlde heit faker as ien kear slein. Strang gisele en 5 jier tichthús. (160-5-2-1757)
JANKE WOPKES, is 19 jier en berne to Hurdegaryp. Mei oare froulju ynbrutsen en stellen. Yn dit dossier een tekening fan 't hûs fan de greatskipper Sies Jacobs en Tjamke Sjoerds to Terherne, der't ynbrutsen en stellen is. Strang gisele en 7 jier tichthús. (239-10-6-1780) Nei dy 7 jier rekket hja it goede paed al ridlik gau wer bjuster, Hja hat ek in bern oerwoun en "met het kind op de rug, sonder consent by de huysen omgelopen met liedjes, almenacken, boekjes en andere kleyne negotie". Yn ‘e nacht yn 'e winkel fan Jan Auts en Hinke Jacobs to Ingwierrum ynbrutsen en gâns spul stellen. It brekizer sit noch yn ‘e portefeuille. Strang gisele, brânmerke en 5 jier tichthús. (317-9-7-1791)
JANNETJE ALBERTS, alias Jenne, is 28 jier. Yn 't seIskip fan Pijter Een oogh, Pijter Bij de Banck, Speck Egberts en mear oaren roun to biddeljen en to stellen. Yn ‘e hjerst fan 1714 hat se west oan it hûs fan Foockel Willems "woonaghtigh in een huysje staende op de heijde aghter Surhuysterveen, ensfh". Oeral oan it stellen west. "Aen de galge gehangen, geworght en alsso van ‘t leven ter dood gebracht te worden". (52-15-10-1718)
JANTJE JANS, to Bûtenpost, is woansdei 11-12-1743, to Ljouwert kommen by Geertruy Zwiers. Oft se der foar in stûr thé drinke mocht? Nou dat mocht. Doe’t Geertruy efkes om in boadskip moast, stiel hja gau in koperen thétsjettel. Mar hja hat mear spullen stellen en kriget 2 jier tichthús. (121-19-12-1743)
JANTJE JANS, de frou fan Marten Beernts to Feanwâlden is 38 jier. (170-19-1-1760) By sentinsje fan 19-12-1743 wie hja foar stellen foroardiele ta 2 jier tichthús. Har man hat har foar in jiermannich sitte litten. De earmfâden woene har net helpe. Sneon 5-1-1760 is hja kommen oan it hûs fan Gerk Hendriks to Garyp. Hja frege oft se har hwat opwaermje mocht. Doe’t Gerk syn frou der efkes út moast, stiel hja mei gauwens in Nij Testamint mei in Franske bân en twa sulveren hakken. Dy forkocht hja foar twa skelling oan timmerman Haeije Folkerts to Burgum. Strang gisele en 3 jier tichthús. (170-19-1-1760) Yn de nacht fan 24 op 25 11-1763 to spinnen west by Eabele Wijbes en Gertje Lautenbach ûnder Feanwâlden, en der 3 string reade kralen mei in gouden kroantsje stellen. Dat spul to Ljouwert yn 'e Bank fan liening bringe litten. (183-25-2-1764)
JANTJEN ALBERTS, to Haulerwyk is de frou fan Albert Aukes. Doe’t Poppe Gialts Landmeeter fan Urterp mei oaren der by wiene doe't har man ophelle wurde soe, hie hja mei oare froulju de draeijen ôfdraeid. Dat wie op freed 10-4-1795 en doe soe hja ek noch sein ha "in veel driftnis is het niet beeter of het Gemeen moet op de baan". Moat 14 dagen op wetter en brea. (339-5-5-1795)
JANTIEN DIRX fan Appelskea hat der gjin weet fan yn hokker doarp hja berne is. Hja seit dat hja de frou is fan Hendrik Jans, berne to Burgum, dy’t nou soldaet is. Hja hat roun to biddeljen. “dat sy op de Boere Brinck off Hiem, is blijven leggen, , niet tegen-staende eerst de Roroe dier dorpe" mei de doarpsrjochter har oan-sein hie dat se fuortgean "dat sy op de Boere Brinck off Hiem, is blijven leggen moast. Hja wurdt nei hûs stjûrd mei op-dracht net wer to biddeljen. (24-1-5-1710)
JANTIEN KLAESSEN, is de frou fan Gabe Sjerps to Donkerbroek. Hja hat har buorfrou Martjen Pietjes widd. Geert Gabes de moarns fan 11-11-1743 mei in hammer in mannich slaggen op 'e holle jown. As it minske der hinne sicht, har in strop om 'e hals dien om har sa to smoaren. Doe't hja miende dat it minske dea wie is hja fuortgien. In skoftsje letter hearde hja dat Jantsje dochs noch lûd joech. Daliks der wer op los en de strop wer ticht lutsen. Mar Jantsje seach kâns har hâan der tusken to stekken. Strang gisele, brânmerke en 7 jier tichthûs. (56-21-10-1719)
JANTIEN WYBES, is in dochter fan Wybe Jelles to Sonnegea en 20 jier. Hja hat spullen fan buorman Johannes Sijtses syn bleek meinommen. Hja seit dat it bidoeld wie as in grapke. Moat 8 dagen op wetter en brea. (485-12-9-1810)
JANTJE WYTSES, yn De Knipe West is 18 jier. Hja hat 17-11-1803 op 'e útkyk stien doe't har suster Aaltje to Oranjewâld ynbriek en stiel. Hja wurdt foroardiele om to sjen hoe't har suster gisele wurdt. Kriget 1 jier tichthús. (421-17-12-1803)
JANTJEN KARELS, is berne to Lippenhuzen en 26 jier. Op 28-10-1808 kaem hja by de skoalmaster Wijtse Idzinga to Langsweagen. Dêr fortelde hja dat se erfgenamt wurden wie fan sill. Hiltje Jans dy't troud wie oan Doeije Gerrits to Noardwâlde. Nou woe se fan master f 500. -- liene. Hja liet master in ôfskrift fan it saneamde testamint sjen. Mar dy hie har daliks troch. Hja moat op it skafot in kertier to pronk stean mei in papier op ’t boarst: "schuldig aan falsiteit en dieverij" en dan 5 jier band. (469-3-12-1808) Twa sul-veren earizers stellen by Steffen Hendriks, arbeider to Oldeholtwolde, dy't har ûnderdak jown hie. Mei 4 roeden strang gisele, 5 jier tichthús en dan 5 jier band. (475-7-7-1809)
JAPIKJE ALBERTS, op It Hearrenfean is 40 jier. Hja is 3-5-1782 foar stellen foroardiele ta 2 jier tichthús. Hat wer oan it stellen west. Strang gisele en 5 jier tichthús. (267-24-6-1786) En wer oan't stellen rekke. Strang gisele en 5 jier tichthús. (326-2-31793) Mar it jowt allegear neat, it stellen sit har yn 't bloed. Wer gisele en 5 jier band. (390-18-9-1800 en 392-12-11-1800) Dan wennet hja to Mildam. Hja hat op 20-2-1804 fan Wobbe Molles op It Hearrenfean út it kammenet kleanspul stellen. Strang gisele, 5 jier tichthús en dan band de tiid dy't hja noch togoede hat. (423-25-2-1804)
JAPIKJE ROELS, is 25 jier en berne op 'e Hearrewâl, nou wenjend to Jidskenhuzen. Hja is de frou fan Jan Siemons. Mei oaren út in skip oan it stellen west. Strang gisle en 5 jier tichthús. (43119-1-1805)
JEEN ANNES, fan Lippenhuzen is 57 jier. Hja binne fan har hierde pleats ôfroun mei in gat fol skuld. De pleats wie fan Otte Nicolas Tholen, froedsman to Ljouwert. Kriget 2 jier tichthús. (140-30-11750)
JEIP ANDRIES, fan Beetstersweach wurdt ûntslein. Hy soe in skiep stellen ha, mar seit dat it net wier is, it wie syn eigen. (277-12-10-1809) Jeip is berne to Langsweagen en 34 jier. Ek soe er yn 1807 in pear hynstebarten stellen ha út it lân fan Ate Jans. Op 7-9-1809 út it lân fan Jan Johannes, boer to Koartsweagen stellen út "de pliusen fenne" 9 skiep. Strang gisele en 10 jier band. (478-15-12-1809)
JELKE JANS, skippersfeint to Drachten is 41 jier en foar 3 jier al ris gisele foar it sjongen fan oranjelietsjes. Op 21-8-1802 hat er by de Wurdumerpoarte to Ljouwert in kearmannich roppen: Oranje boppe! Hy ûntskuldiget him dat er doe dronken wie. Yn de tiid fan 3 wike 8 dagen op wetter en brea. (407-28-9-1802)
JELK(JEN) JANS, to Eastermar is 21 jier. Hja hat by skuonmakker RoeI Folkerts, dêr't hja de húshâlding wol gauris waernaem, in himdrok mei sulveren knopen stellen. Strang gisele en 3 jier ticht-hús. (174-29-11-1760)
JELLE BOOTES, to Drachten N. is 26 jier en wurdt ûntslein. Bi-skuldige fan it stellen fan in leppe, in gripe, ensfh., dy't de eigner ûnder hwat plaggen bistoppe hie. Hy hie in leppe oan skoalmaster Fokke Gerbens, foar 12 stûren forkocht. Master seit dat er dy kocht hie om't er fan bitinken wie, dat it de stellen leppe fan Diemer Pieters wol ris wêze koe. Jelle seit, dat er dy leppe kocht hie yn 1790 fan de nou forstoarne Luitjen Riemers en wol foar 18 stûren. (315-7-4-1791)
JELLE CLAESEN, to Kûkherne is yn 1720 by keapman Jacob Claesen kommen en woe drank ha. Mar Jacob syn frou woe him neat op' e pof jaen. Doe hat er it mês út 'e skie lutsen en har troch de mûtse hinne in feech oer de holle jown. Yn 1721 hat er noch in skiepstellen en wurdt foroardiele ta strang giseljen en 3 jier tichthús. (65-14-2-1722)
JELLE FREEKS, fan Drachten is 41 jier. Hy hat roun to biddeljen. Hy seit dat it út earmoed wie en to Wergea "wel in de huizne ingezien te hebben om waer mogelijk een kopje koffij te erlangen". Wurdt 1 jier band. (373-21-2-1799)
JELLE HARMENS, to Surhústerfean wie op 18-2-1708 yn selskip fan sa'n 70 a 80 man "omtrent driemunts gaende de wegh na de RottefalIe" . Hja ha it de chergers tige lêstich makke yn it neikommen fan har taek. Hy seIs smokkele brandewyn en tabak. Strang gisele, brânmerke en 5 jier tichthús. (19-30-5-1708)
JELLE HARMENS, linnenwever to Twizel en syn feint Beerent Schreur binne "door de Landsbedienden" fan Grins opppakt foar slûkjen" omtrent Eybertsbuiren". Hessel Reiners mei in keppel oaren ha har doe yn 'e nacht fan 5 op 6-3-1775 bifrijd. Strang gisele en 4 jier tichthús. (229-27-4-1776)
JELLE JANS, to Aldtsjerk hat by Frans Oenes to Aldtsjerk in kiste iepenbrutsen en in sek mei likernôch 100 daelders stellen. De jonge syn âlden Jan Jelles en Grietje Jeppes litte in akte opmeitsje, dat hja dat bidrach skuldich binne oan Kinske Gabes "wegens geld dat onze soon daar gestolen heeft". Har ienichste kou en "onze nieuwe gekogte schip" stelle hja as ûnderpân. Jelle wurdt strang gisele en kriget 5 jier tichthús. (38-26-1-1715)
JELLE WATSES, fan Drachten is 27 jier. De jouns fan 14-10-1782 hat er nei de Folgeren west en is der de nachts oerbleaun. De oare moarns wie er wer nei syn baes tasetten, Jan Bakker, "om in 't bakhuis brood te bakken". Mar nou wol it gefal dat Jan Bakker krekt dy nachts syn himdrok kwyt rekke is en dêr, tocht him, soe Jelle wol mear fan witte. Mar dy wurdt ûntslein. (251-21-2-1783)
JELLE JOHANNES, fan Moarmwâld hat tsjin mear as ien sein: "dat hij dagelijks bad om oproer, dan zou de ontvanger Raap er eerst aan, die plaagde hem meer, dan de duivel, ensfh. Gâns in smite tsjûgen. Moat 8 dagen op wetter en brea. (304-26-111789)
JELLE YNSES, fan Rinsumageast is 25 jier en wurdt ûntslein. Hy soe spullen út in skip stellen ha. (253-8-7-1783)
JELLING HARMENS, is in broer fan Geele. en togearre ha se ynbrutsen en stellen. Hja wennen to Westergeast. "Over de bare op de Zale van 't Landschaps gevangenisse puereliter gisele". (1348-3-1748)
JELTIE JANS, widd. Johannes Gosses yn De Rottefalie is 57 jier. "Ter zake het afsnijden van het boveneind van een Corf met Bijen" fan Piet Ages, boer dêr en wol op freed 3-10-1783. Mei har dochter bitrape doe't hja togearre dwaende wiene de hunich út toparsjen. Kriget 4 jier tichthús. (254-26-11-1783)
JELTIE JENTJES, fan Lippenhuzen is 18 jier. Hja hat op sneon 5 jannewaris fan it skip fan Ljouwert nei Snits spullen stellen. Har heit hat mem mei 7 bern foar 5 jier sitte litten en is nei de East gien. Mem krige fan de earmfâden mar 4 sekstehealen ûnderhâld. Nou hie hja hwat helpe wollen.,mar kriget 1 jier tichthús. (208-221-1771)
JELTIE JOHANNES, berne yn De Knipe is 33 jier. Hja wenne as faem by Hinke Phillippus widd. Hylke Johannes Hanekuik to Harns. Op tongersdei 13-10-1740 krige hja in miskreaum. Kriget 2 jier tichthús. (110-27-4-1741)
JELTJE MERKS op It Hearrenfean is 17 jier en "vlasheckertser". Fierders arbeide hja al oardeljier sneons by Jacob Postumus. En dy hat se nou fan f 200. -- bistellen. Kriget 4 jier tichthús. (33524-9-1794)
JELTJE OTTES, is 42 jier. Hja fear op freed 7-9-1804 mei in preamke lâns de "Heeresloot" nei de turfskuorre fan Jacob Sloff en hat dêr turf stellen. Hja wenne yn 'e Skâns en kriget ½ jiertichthús. (428-10-10-1804)
JEPPE DOEDES, fan Aldwâlde wurdt ûntslein. Biskuldige dat er mei syn broer Gabe twa skiep stellen hie. Hy seit net to witten hoe't dy skiep tusken harres kommen binne. (9810 en 20-7-1736)
JEPPE HANSES. op 'e Trimen ûnder Westergeast is 31 jier. Op 30-3-1782 hat er in himdrok mei sulveren knopen stellen. ''Wat doestou daer Jippe? Ik sil sliepe". Op 30-11-1783 fan Pieter Gerrits Buwalda, mr brouwer to Dokkum "een tinnen biermengel" stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (255-6-3-1784)
JEREMIAS Lieuwes. is berne to Gerkeskleaster. Hy koe mar min fan oare froulju ôfbliuwe en makke it troude froulju lêstich. Twa jier tichthús. (94-23-4-1735)
JETSKE BAUKES, fan Kollum hat in froulju's himd mei noch oare spullen stellen en forkocht. Kriget 2 jier tichthús. (164-25-1-1758) Op 'e joun fan 26 maeije 1783 kaem hja by har suster Ytske to Rin-sumageast. Hja wie doe 71 jier. Hja woe it earizer fan har suster ha foar skuld dy't der noch altyd stie. Dy woe der neat fan witte. Doe't har suster op bêd lei soe hja it har stikum taeigene ha. Mar hja wurdt ûntslein. (253-8-7-1783)
JETSKE GEERTS, is berne to Kollum en 18 jier. Hja hat oernachte by Reinu Castelein, widd. Gerloff Obdam oan de dûbelde piip to Ljouwert. Der hat hja stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (105-10-10-1739)
JILDERT ENNES, is berne to Aldwâld en 28 jier. Yn de nacht fan 21 op 22 maert hat hy ynbrutsen en stellen út de pakhuzen fan bakker Piter Westra en Sjoerd Aukes de Boer to Dokkum. Strang gisele, brânmerke en 5 jier tichthús en dan foar ivich band. (48225-5-1810)
JILDERT WILLEMS, smidsfeint to Kollum en berne to Bûrum is 21 jier. Mei oaren hat er op de 2e Krystdei 1805 op de fiskôfslach to Kollum west. In oanplakt plakkaet der ôfskuord en yn de feart smiten. Wurdt 1 jier band. (482-21-5-1810)
JILKE YDES, yn De Falom is 13 jier. Twa dossiers. Hy hat hunich stellen. Syn heit moat him "op de zale van ‘s Lands gevangenisse pueriliter zal worden gecastigeerd". (239-14-3-1780) Dat hat noch net ôfdwaende west hwant mei Hendrik Keuts âld 16 jier, hat er ynbrutsen en stellen by Jan Harmens "wonende in de patpoel onder Durkwert Gr. ". Strang gisele. brânmerke en 7 jier tichthús. (257-15-5-1784)
JILLING HARMENS, to Driesum is 24 jier. By sentinsje fan 8-3-1748 foar stellen foroardiele en "over de bare pueriliter" gisele. Nou hat er wer roun to biddeljen en to stellen. Sneon foar Krysttiid hat er by syn mem to Aldtsjerk west, nou de frou fan skuonmakker Binnert Lap. Syn broer Gene hie ek thús west. Strang gisele en 3 jier band. (168-6-10-1759) Ek foar stellen nochris wer foroardiele ta 3 jier tichthús. (180-1-2-1763)
JILLING HARMENS, to Westergeast is 47 jier. Twa dossiers. By sentinsje fan 6-10-1759 foroardiele ta giseljen en 3 jier band. Is earder weromkommen en by sentinsje fan 1-2-1763, 3 jier ticht- hús. Letter wer hiel hwat by elkoar stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (247-29-6-1782)
JITSE JILDERTS, fan Burdaerd, nou wenjend to Ljouwert is feint by slachter Pieter Reitsma. Op sneontojoun 1-12-1792 hat er der spullen stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (327-9-3-1793)
JOCHUM CLAESES, to Wolvegea "in de wandeling genaemd Jochum sluiker", wurdt ûntslein. Hy waerd biskuldige fan tabakslûkjen, mar seit dat it net wier is. (5-22-4-1701)
JOGCHUM AUKES, yn De Kompenije hat mei Klaaske Hendriks, Lieuwe Jans en Ymkie Gales oan it stellen west en wol yn 'e nacht fan 27 op 28-6-1796. Twa dossiers. Ek wurdt er der fan biskuldige yn de nacht fan 3 op 4-2-1796 ynbrutsen en stellen to hawwen by dûmny Tjepko Fennema to Haskerhoarne. Hy seit fan neat to witten, mar wurdt foroardiele ta 1 jier tichthús. (348-8-6-1796)
JOGUM (JOCHUM) JEENS, op De Gordyk en berne to Snits is 35 jier. Op 7-11-1798 hat er roppen "Oranje boven lang leeve de Prins Wilhelmus van Nassauw, Patriotten wy lachen om Jouw". Kriget 1 jier tichthús. (372-26-1-1799)
JOHANNA JOSEPHS, to Skuorregea is 50 jier. Is mei in mannich oaren op sneon 19-12-1761 nei it hûs fan skipper Matthijs Freerks gien ynDe Kompenije.Dêr hat hja de frou Wijpk Tjalkes mei in stôk op 'e holle slein. Moat 14 dagen op wetter en brea. (177-29-3-1762)
JOHANNES AETSES fan Kollumersweach is 36 jier. Hy hat in mannich jonge elzen stellen út it lân fan Jan Binnes syn widd. ûnder Aldwâld. Fierders hat er doe Binne Jans en Hendrik Harmens mei it mês bidrige, dy't him de stellen spullen ôfnamen. Kriget 2 jier tichthús. (406-14-7-1802)
JOHANNES ATEN, to Noardwâlde hat yn 't lân fan Jan Harmens in stellen skiep slachte. Doe't er dat de oare deis ophelje soe kamen Jan en dy syn buorlju him oer it mad. Hy hie it fanwege greate earmoed dien, ek al om't de earmfâden him net helpe woene. Strang gisele en 3 jier tichthús. (109-28-1-1741)
JOHANNES ATES, to Augustinusgea is op 23-1-1730 foroardiele ta 2 jier tichthús. Is der 5-11-1730 útbrutsen en kriget der 2 jier tichthús oerhinne. (103-2-2-1739)
JOHANNES FERDINANTS, fan Drachten N. is 18 jier. Hy hat op 'e lette joun fan 4-10-1798 mei oaren hwat ryklik wyld dien oan it hûs fan Hinke Harmens de frou fan Wybren Arjens. Ek koene hja de hannen net fan Fokje Jans, dy't der oan hûs wie, ôfhâlde. Yn 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (371-13-12-1798)
JOHANNES FOEKES, yn De Westerein is 33 jier. Op freed 7-3-1806 hat er west by kastlein Keimpe Heinses dêr. It mês lutsen en ien in feech oer de hân jown. Dat wie Jelle Harmens, boer en 48 jier. Hy seit gjin mês hawn to hawwen noch dat immen him in mês jown hat. Wurdt 2 jier band. (444-12-6-1806)
JOHANNES FOLKERTS, to Feanwâlden is 34 jier en berne to Bur-gum. Hy is skuonmakker en hat op sneon 1-6-1765 hiel hwat spullen út it Hallumer skip stellen. Hy stie oars net sa min bikend, sa’t forskate minsken skriftlik fan him tsjûgje. Strang gisele en3 jier tichthús. (187-13-7-1765)
JOHANNES GERBENS, to Bakkefean is 16 jier. Op moandei 27-8-1810 to Urterp by Hendrikjen Gjalts widd. Eelze Sijbrens ynbrutsen en stellen. Kriget 2 jier tichthús. (484-11-9-1810)
JOHANNES HEERES, fan Koatstertille is 23 jier en wurdt ûntslein. Biskuldige fan oranjeroppen.Hy seit dat er allinne mar praet hat oer oranjeboeren. Hy wie skippersfeint. (348-6-5-1796)
JOHANNES HENDRIK:S, fan Surhústerfean is 30 jier en wurdt ûnt-slein. Hy soe mei oaren dei en nacht op 'e strún west ha. Op 28-12-1767 op redens de kant út nei Snits. Underweis ynbrutsen en stellen. Hy seit fan neat to witten. (200-12-4.1769) Letter nochris biskuldige dat er mei Wybe Louws en konsorten op sjou west hie. Mar hy seit dat er net mei oan't stellen west hat en wurdt wer ûntslein. (206-28-5-1770)
JOHANNES JACOBS, (Schulenburg) to Eastermar is ûntslein. Fol-ke Edsgers, ek fan Eastermar"is him f 260. -- skuldich en der is 21-5-1714 in stik fan opmakke. Folkert seit dat de ôfspraek wie dat it stik yn Drachten opmakke wurde soe, mar dat Johannes dy obligaesje to Beetstersweach fan Sierck Laurentius opmeitsje litten hie. Johannes dy't seIs lêze noch skriuwe koe, hjit dat leugen en seit dat Folkert falsk op him wie, om't dy der sels net by west hie, ensfh. (54-18-5-1719)
JOHANNES JANS, fan Aldehoarne is 20 jier. Hy is 30-4-1783 foroardiele ta 14 dagen op wetter en brea. Hat wer oan it biddeljen en stellen west. Kriget 1 jier tichthús. (270-6-1-1787 en 283-1-10-1788)
JOHANNES JANS, fan Reade Skuorre ûnder Augustinusgea. Hy hat yn 'e nacht fan 1 op 2-10-1753 út it simmerhús fan dûmny Cuperus "eenige griekse en latijnsche boeken", ensfh. stellen. Dyselde nachts út it simmerhús fan Commys Luinstra stellen "een soo genaemdt tijpelspel in een houten doosje" ensfh. Strang gisele en 3 jier tichthús. (151-13-10-1753)
JOHANNES JEENS, boer to Eastermar hat op 30-8-1795 tsjin Jan Sijtses, arbeider dêr sein "Jimme meij jimme patroontasschen sille ney Nimwegen, der is Willem, en Jimme en de Repreassentanten sille na den duivel". Moat 8 dagen op wetter en brea. (3527-12-1796)
JOHANNES JELLES, to Oentsjerk berne, en wenjend to Aldtsjerk is 37 jier. Hy hat wol tursken by dûmny Reddings to Oentsjerk. As tank hat er foar in jier of fjouwer in mannich planken fan dûmny stellen. Op 16-9-1700 hat er him stikem yn dûmny syn skuorre op-slúte litten. Under de sneintomoarnspreek is er mei de healeppe yn 'e keamers gien en hat dermei de kasten iepenbrutsen. Mei it stellen goud en sulver is er nei Amsterdam gien en hat it der oan 'e man brocht. Ek op mear plakken stellen. St rang gisele en 5 jier tichthús. (7-29-10-1701) (Sjoch ek Burgumer Krante 5-2-1754)
JOHANNES LUCAS, fan It Hearrenfean is 24 jier. Hy hat op snein 8 april in koperen tsjettel stellen "staande onder een goote" achter it hûs fan Janke Bogerts dêr. Kriget 4 jier tichthús. (205-1-5-1770)
JOHANNES MEILES, fan De Kompenije hat it mei Jan Roelofs raer yn 'e kant set. Kriget 2 jier tichthús. (254-17-12-1783) Op 23-7-1781 troch de Kriichsrie to Ljouwert foar stellen gisele en 5 jier tichthús en dan foar ivich bûten Fryslân band. Nou biskuldige fan it stellen fan lammen dy't er slachte hat. Hy seit, dat er net yn 't Jonkerslân west hat ûnder Koartsweagen. Wol hat er by syn omkesizzers Sjeuwkje Hayes, de frou fan Wieger Roelofs Modder, west. Hy wurdt ûntslein (445-12-9-1806) By in húsvisitaesje op 28-3-1809 is er de doarpsrjochter op 'e lea sprongen en hat er dy oer de groun smiten. Ek hat er him mei 't mês bidrige en doe hakken opnommen. Kriget 3 jier tichthús. (474-14-6--1809 en 270-26-1-1787) en syn frou Froukjen Jans, 37 jier. (415-26-3-1803 en 417~9=71803)
JOHANNES OLINGIUS, op It Hearrenfean is 34 jier. Op sneonto-joun 23-11-1754 hat er by hospeske Beertje van der Sloot dêr west. Doe’t der mear folk kaem hat er kâns sjoen ûngemurken in skieppe-bout stellen. Hy seit dat er doe dronken wie en dy bout letter earlik bitelle hat. Moat 14 dagen op wetter en brea. (154-18-12-1754)
JOHANNES OTTES, smid is de man fan Tietske Oenes, 43 jier to Augustinusgea. Yn 1728 hat er syn frou mei 't mês yn 'e hals snijd. Sûpe, flokke en maltjirgje. Hy leaude oan God noch duvel. Koe troude froulju net fan de lea bliuwe, en dan har mar mei 't mês bidrige. Kriget 2 jier tichthús. (84-3-1-1730)
JOHANNES TJEBBES, yn 'e Skâls is 23 jier en wurdt ûntslein. Soe op snein 14-9-1783 dwaende west ha mei ynbraek, mar bitrape, (253-17-11-1783)
JOHANNES WIEMERS, yn De Rottefalle is 58 jier. Hy hat seadden stellen fan Liebbe Tjeerds, boer dêr, op 12 augustus. Hy seit dat er seadden helje moast foar Sierk Gooitses "bygenaemd Advocaet". By forsin soe er doe forkearde opladen ha. Mar foar dat forsin wurdt er 1 jier band. (449-18-12-1806) Hy komt binnen de tiid werom en kriget ½ jier tichthús. (455-4-9-1807)
JOHANNESKE GEERTS, fan Boarnburgum hat in bern oerwoun. Dat wie fan har buorman Gauke Dooytses. Hja seit dat it bern dea to wrâld kommen is. Dy jouns wie der net ien thús. Dat deade famke hie se yn 'e widze op 'e kouwestal. lein. Kriget 2 jier ticht-hús. (185-5-10-1764)
JOHANNESKE JANS, yn De Kompenije is 19 jier. Hja hat mei har suster Corneliske en mei Froukje Clases roun to biddeljen. Moat 14 dagen op wetter en brea. (251-30-4-1783)
DE JONG, GERRIT KLAZES fan Drachten is 20 jier en wurdt ûntslein. Hy soe tsjin skuonmakker Pyter Broers sein ha, dat Pyter Teekes ûnskuldich siet, omdat hy de skuldige wie. Mar dejinge dy't him oanbringe doarst soe de dea stjerre. Mar hy seit foar it Hof, dat it allegear praetsjes binne. (370-28-9-1798)
DE JONG, JACOB KLASES potskipper to Drachten is 24 jier. Hy hat op 13 en op 17-10-1797 yn selskip fan Lovis Renses Kijlstra by oaren de glêzen ynslein, ensfh. Moat binnen 8 dagen 50 goud-goune boete bitelje en oars 14 dagen op wetter en brea. (369-28-6-1798) Yn 'e nacht fan 4 op 5-10-1799 mei oaren gâns drokte ut-helle oan it hûs, biwenne fan Hinke Harmens , de frou fan Wybren Arjens "op de zogenaamde Baggelpolle" to Drachten N. Yn de tiid fan 27 dagen trije kear in wike op wetter en brea. (377-20-9-1799)
DE JONG, WESSEL HENDRIKS to Burgum is 38 jier. Hy hat as skippersfeint syn baes Schefer in goed 50 goune lichter makke. Syn suster Antje widd. Pieter de Pes wenne to Ljouwert. (487-2710-1810)
JOUKE BAUKES, fan Burgum,is 24 jier. Hy hat him mei syn broer Cornelis op sneintojoun 26-1-1806 slim tjirge yn 't hûs fan Aaltje Uilkes, widd. Jan Jacobs Smidtje. Fochten en folIe net genôch. Moat earst 12 dagen op wetter en brea en dan 2 jier band. (440-13-31806)
JOUKE HELMIGS. op It Hearrenfean is 25 jier. Hy hat by kastlein Thomas Luitjens yn De Kompenije it mar raer opsein. Ek hat er it tsjin de mannen fan it rjocht yn 'e kant set. Yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (384-5-2-1800)
JOUKE JANS, to FeanwaIden is ûntslein. Hja biskuldigen him dat er planken út in pream stellen hie. (318-26-10-1791) Op 336-26-11-1794 is er arbeider en 24 jier. Yn 'e nacht fan 25 op 26-8-1796 hat er út it lân fan Ype Cats to Ljouwert 2 lammen en 4 Drintske skiep stellen. Strang gisele mei 4 roeden en 5 jier tichthús. (351-19-11-1796) Dan mei oaren 3 Fryske skiep stellen en wol út it lan fan Atse Roels to Bûtenpost. Ek fan oaren skiep stellen. Strang gisele, brânmerkt, 5 jier tichthús en dan noch 5 jier tichthús en dan noch 5 jier band. (411-22-1-1803)
JOUKE JANS, fan Kollumersweach hat mei syn broer Manus op mear as ien plak oan it stellen west. Twa jier tichthús. (235-1612-1778)
JOUKE TIEMENS, fan Wolvegea is berne to "Holtwolde" en 26jier, en is de man fan Farduw Alberts, wurdt ûntslein. Soe in izeren pôt stellen ha. Hy seit dat er dy op in boelguod kocht hat en letter forkocht foar 18 stûren. (401-9-2-1802)
JOUKIEN JANS, to Burgum hat yn 1713 as faem wenne to Dantumawâld. Der hat hja mei Suffridus Fenema libbe as man en frou. Hy soe har skriftlike troubiloften jown ha. Mar de jongfeint syn heit hat har de hân stoppe mei 20 ducatons. Yn in oare tsjinst hat hja de meifaem bistellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (38-26-1-1715)
JURRIEN FOOCKES, to Drachten wurdt ûntslein. Hy wurdt der fan biskuldige dat er Aukje Alberts har boike Alof Alofs, doopt 10-6-1692 oantrúne hat om út mem har winkel him stikem spullen to bringen. Hy seit dat it greate leugens binne. (17-15-2-1707)
_K en C_
CAALSBEEK, WYTSE JOHANNES fan Lippenhuzen hat op 3-7-1806 to Elslo, linnen fan in bleek stellen. Hy hat fierders mear spullen stellen. Twa dossiers. Strang gisele en 4 jier tichthûs. (450-7-2-1807)
CARPER, JOHANNES SCHELTES fan Bûtenpost is 19 jier. Hat in himd fan in bleek stellen. Hy seit dat er it fan in joad kocht hie. Yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (269-15-11-1786)
KARST SAECKES, yn De Knipe is 20 jier. By sentinsje fan 4-5-1695 "op een kindersche wijse is gegeselt" en 5 jier tichthûs. Op sneon 14-12-1700, mei oaren, boer Broer Tiebbes to Langsweagen frege oft dy har in nacht bêdzje woe. Hy joech har iten en hja moch-ten yn 't strie sliepe. Dyselde nacht binne hja der mei Broer syn ''bislagen schip" en oare spullen fan troch gien. ByAkke Koppens, keapfrou to Nij Brongergea ynbrutsen en gâns spullen stellen. Oan 'e galge. (5-23-4-1701)
CARSTE KAMMERTS, to Noardwâlde hat yn 'e nacht fan 2 op 3 july ynbrutsen yn 'e skuorre fan de doarpsrjochter Jacobus Postumus dêr. De sneontojouns foar Pinkster in frommiske oantaest en mei 't mês bidrige. Wurdt 2 jier band. (156-24-9-1755) Komt binnen de tiid werom. Strang gisele. (13-12-1755) Drige mei brânstiftsjen. Kriget der noch 3 jier bannen oerhinne.
KEIJSER, HENDRICK JANS to Steggerda hat Froukjen Jelles to Noardwâlde in pear "armhandschoenen" elk mei in sulveren knoop-ke der op, ûntstellen. En dy hat er doe oan it dochterke fan skoal-master-doarpsrjochter Christoffel Kuiken to Steggerda jown. Hy wie der doe as snider oan 't wurk. St rang gisele en 3 jier tichthûs. (184-7-4-1764)
KEUNING, HILTIE PIETERS fan Drachten, de frou fan Ulbe Baukes Oosthout, is 31 jier. Hja forslampampe de húshalding. Yn de neisimmer fan 1802 is hja der stikem 10 dagen tuskenút gien en hat har man en trije bern oan har lot oerlitten. Yn de nacht fan 25 op 26-3-1803 binne hja der togearre fan troch gien en ha de bern oan har lot oerlitten. Op 8 juny kaem se neaken en bleat werom. Hja koe oars net folIe as sûpe en har spullen forkwânselje. Kriget 1 jier tichthús. (417-24-6-1803)
KIESTRA, JAN ELZES to Nij Krúslân hat op 4-2-1797 meidien oan de reboeljes. Boppe de kosten yn in boete slein fan 200 gouden Fryske Riders en moat binnen 14 dagen bitelje. (363-20-1797) Yn 1801 is er boer to Kollum en 39 jier.
CLAAS ALBERTS, op ‘e Ymerwyk to Drachten is 37 jier. Hy hat turf stellen en moat 14 dagen op wetter en brea. (200-8-3-1769) Mei oaren stellen by Jan Hedzers ynDe Folgeren. Strang gisele en brânmerke en 7 jier tichthús. (240-24-6-1780)
KLAAS ALBERTS, in soan fan Albert Hattums to Feanwalden is 18 jier. Hy soe stûken rogge stellen ha. (341-15-9-1795) Soe mei ynbrutsen ha, mar wurdt ûntslein. (383-31-1-1800) Mar as de saek wer foarkomt docht it bliken dat er wol mei syn broers Gerrit en Pieter meidien hat. Hja hiene to Readtsjerk ynbrutsen en stellen by Trijntje Willemswidd. Willem Oenes. Har en har soan swier tamtearre. Strang gisele, brânmerke, 10 jier tichthús en dan foar 25 jier band, alles boppe de kosten. (390-20-9-1800) Mei synbroers út it tichthús brutsen. Strang gisele en 2 jier tichthús der oerhinne. (393-31-1-1801)
CLAAS AUKES, fan Aldegea is berne to Skerpenseel en 25 jier. Yn ‘e nacht fan 13 op 14 septimber har er in boat stellen fan Jaike Hessels, wid. Klaas Fockes. Letter dat boat forkocht foar f 11.50. Strang gisele en 3 jier band. (410-11-12-1802)
CLAAS BERENTS, alias spinmuis to Jobbegea is 25 jier. Yn 1772 yn de roggerispinge mei Hendrikje Meiles oan ‘t roggestellen west en dat forkocht. En dat fan mear as ien persoan. Kriget 1 jier tichthús. (217-22-4-1773) Yn de nacht fan 18 op 19-10-1780 fan dûmny Rombertus Edema to Terkaple in lytse skeakel stellen, dy ‘t yn syn tún to droegjen hong. Hy hat hiel hwat by elkoar stellen en mear as ien mei mês en pistoal bidrige. Gisele, brânmerkt en 10 jier tichthús. (244-15-9-1781)
CLAES CLAESES, to Surhústerfean is as boere-arbeider op 11-11-1752 út syn tsjinst roun en hat syn boers Bibel mei sulveren heak-ken meikape. Strang gisele en 3 jier tichthús. (148-25-11-1752)
CLAES DIRKS, fan Feanwâlden wurdt foar 1 jier band. Hy hie by keapman Sybe Jans to Bûtenpost "een vierendeels pond cruid en een pond hagel" kocht. Hy seit dat er op wacht moast fanwege de stimmerij. "Dat op het Stembier van de Heer Grietman een seer groote menigte van mensen door twee Bierdragers zijn genodigt, selfs mannen en vrouwen en van zeer gemeen volk. Dat egter zulks nooijt voor deesen gebruickelijk is geweest". Doe is Claes oan it fjochtsjen rekke om in faem. (110-27-6-1741)
CLAAS DIRKS, is arbeider to Feanwâlden en 25 jier, wurdt ûnt-slein. Soe mei syn broer Douwe reid fan in oar syn gerjochtichheit snijd en stellen ha. Hy seit dat it net wier is. (276-21-2-1788)
KLAAS DOOITZENS, is berne to Drachten en 28 jier. Hy roun to biddeljen en hat twa swiere eidekeatlingen stellen. Wurdt 5 jier band. (486-3-10-1810)
CLAAS HEMMES, fan Bûtenpost is 43 jier. Hy hat op snein 14 july fan timmerman Ysbrand Willems to Augustinusgea fan de bleek 8 jelne seil stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (247-7-9-1782)
KLAAS HENDRIKS, fan Gerkeskleaster is 40 jier. By sentinsje fan 21-6-1760 gisele en 3 jier tichthús. Mei help fan syn frou hie er 4 skiep fan in oar skeard. Yn 'e nacht fan 15 op 16-2-1764 in wyt skiep stellen út it lân fan Wybe Minnes to Gerkeskleaster. Dat skiep slachte en it flues foar 37 stûren forkocht. Strang gisele en 5 jier tichthús. (183-17-3-1764)
KLAAS HENDRIK8, yn De Kompenije is 45 jier. Hy hat op wacht stien op 5-11-1801 doe’t syn maten oan it stellen wiene by Jelte Eijses to Eastersé. Hja stielen der spek, rikke fleis, ensfh .. Strang gisele en 5 jier tichthús. (400-23-1-1801)
KLAAS JANS, to Rinsumageast is berne to Sint Anne en 32 jier. Hy is mei in stellen laem thúskommen. Hy seit dat er it fan in man oernommen hat dy't er net koe. Wurdt 3 jier band. (375-24-4-1799)
KLAAS JANS, syn frou, Jantien Geerts, is 28 jier, hja wenje to Wolvegea. Hy seIs is 57 jier en to Steggerda berne. Hat syn frou faker as ienkear to nei west, har slein en de doar útjage. "Gedreigt te vermoorden en met de vork op de misthoop te smijten". Kriget 1 jier tichthús. (370-25-10-1798)
KLAAS JOHANNES, to Drachten is berne to Bakkefean en 22 jier. Op 22 juny hat er mei syn broer Meine, to Frjentsjer oan Ytty Salverda har sulveren gaspen ûntfytmanne. Strang gisele en yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (397-8-7-1801)
CLAAS JILLINGS, to Westergeast is 27 jier. Hy hat yn 'e nacht fan 7 op 8 augustus 2 skiep stellen en dy forkocht oan de sulversmid Gerben van Maanen to Drachten, foar f 8.50. Strang gisele en 5 jier tichthús. (253-18-10-1783; 417-9-7-1803; 430-24-11-1804 en 435-7-9-1805)
KLAAS JILLINGS, to Tsjalbert is 40 jier. Op sneintojoun 2 oktober hat er mei Anne Piers Merry út it Mear, in skiep stellen en de hals útsnijd. Hy seit dat er net meidien hat. Mar hy is foar 13 jier ek alris foroardiele foar it stellen fan in skiep. Nou wurdt er ûntslein. (351-20-10-1796) Yn de nacht fan snein 30 op moandei 31-1-1803 is er mei oaren nei Tryntje Geerts to Easterwalde gien en de· "banderdeuren" iepenbrutsen en hiel hwat spullen stellen. Wurdt 5 jier band. (416-18-5-1803) Komt al mei gauwens werom. Strang gisele en wer band foar de tiid dy't er noch togoede hat. (417-9-7-1803)
KLAAS JOUKES, to Drachten N. is 32 jier. Op 15-7-1799 biboete mei 20 goudgoune boppe de kosten. Hat op 12-5-1802 by kastlein RoeI DouwesWadman to Drachten mei syn dronken gat roppen: ''heeden eens de boel te sullen weren en oranje boven te zullen roepen". Boppe de kosten 1 jier tichthús. In tsjok dossier mei spesifisearre kostesteaten.(397-8~7-1801)
KLAAS KLAZEN, boere-arbeider berne to Burgum is 30 jier. By fonnis fan 31-10-1801 foar stellen foroardiele ta giseljen en 5 jier band. Yn't foarjier fan 1802 weroan it stellen west. By fonnis fan 30-1-1802 gisele en 3 jier tichthús en 4 jier band. Op 2-1-1806 kaem er by keapman Le Maire to Ljouwert en keapet dêr foar rekken fan har"slijter", Jan Jans, op Burgumer Nijstêd 10 poun kofjebeane. Hy bitellet 6 jannewaris en keapet dan daliks op Jan syn namme wer 10 poun en ek noch 2 poun "sniuf". Itselde hellet er ek by oaren út, mar rint tsjin de lampe. Strang gisele en 3 jier tichthús. (398-31-10-1801; 400-30-1-1802 en 440-25-1-1806)
KLAAS LIEPPES, to Drachten S. is 24 jier.Hat him mei oaren yn 'e nacht fan 15 op 16 april op strjitte tige tjirge. By minsken op 'e rúten slein en doarren iepenraemd, ensfh. Boppe de kosten 25 goudgoune boete en net op tiid bitelje, 8 dagen op wetter en brea. Yn de nacht fan 4 op 5-10-1798 hat er mei oaren oan it hûs fan Hinke Harmens, de frou fan Wybren Arjens op de Bargepôlle it de froulju lêstich makke. Foroardiele yn 'e kosten. (372-29-1-1799)
CLAAS LUBBERTS, is boer to Wolvegea en 48 jier. (109-21-1-1741) Der fan biskuldige en sneontojoun 3-2-1742 by keapfrou Jan-tien Jans "twebakken" easke to hawwen. Doe't hja har omdraeide om se to helpen soe er "twee stokken die op ‘ eene einde te saemen gebonden waren, Jantjen om de hals heeft gedaan, deselve saemen geknepen en haer getragt te smoren". Hy seit, oars neat as praetsjes en wurdt ûntslein. (114-5-4-1742) Op 30-9-1748 kaem er oan it hûs fan Corneliske Everts to Steggerda. Doe't it minske by de doar kaem, hat er har daliks mei in hammer op 'e holle slein, ensfh. Strang gisele en 10 jier tichthús. (136-8-2-1749)
CLAES OEBLES, fan Drachten hat by nacht en ûntiid roun to bid-deljen. Ek hat er in koperen tsjettel stellen. Strang gisele en 3 jier band. (154-23-11-1754)
CLAAS PIJTERS, berne to Noardwâ1de. Hat foar in jier fjouwer-fiif in pear skiep stellen. Ut it stik greide fan syn nicht yn 1698 in hynder. Hy wie in soan fan Pieter Elten. Nou hat er wer in kou stellen. Strang gisele, brânmerke en 7 jier tichthús. (2-9-3-1700)
KLAAS RUURDS, is slachter to Lippenhuzen en 27 jier. Hy hat mei Ate Anskes in rier stellen. Strang gisele en 5 jier tichthús. (325-1-12-1792 en 346-20-1-1796)
CLAAS WIERDS, to Burgum soe yn 'e nacht fan 26 op 27-8-1765 mei syn reau nei 't lân fan Hedzer Cloosterman riden wêze en dy syn hjouwer op syn wein loege ha en der mei nei hûs riden. Hy seit dat it oars net wie as syn eigen en wurdt fan it Hof ûntslein. (189-18-3-1766)
KLAAS WIERDS, is preamskouwer to Burgum en 23 jier. Mei in mannich oaren op woansdei 25-9-1782 yn 't hôf fan Herre Thaekes, boer by Skilkampen ûnder Ljouwert, oant appelstellen west. De middeis fan dyselde dei binne hja der nochris hinne gien en ha de boer mei syn feint twongen appels foar har to skodzjen. Klaas seit dat er net meidien hat. Kriget 1 jier tichthús. (248-24-10-1782)
KLAAS WYBES, yn 't Mear by It Hearrenfean is 13 jier. Op snein 8-12-1805 is er de jouns tsjin 5 ûre kommen by Wybren Cornelis to Haskerdiken. Dêr mocht er de nachts yn 't hea sliepe. Dêr de nachts in pear skuon mei sulveren gaspen stellen. Moat yn 12 dagen twaris 5 dagen op wetter en brea. (439-20-12-1805)
CLAESKE DIRKS, fan It Hearrenfean wurdt ûntslein. Nei de dea . fan har mem, hie hja "een soorte van aconomie winkel en voor soldaten en gemeen volk jenever heeft getapt". Hja soe ek oanset ha om lead fan huzen to stellen. Hja seit dat der neat fan wier is. Hja hat wol lead opkocht, har man sill. wie leadjitter, mar immen oansette ta stellen, né hear! (81-4-7-1727)
KLAASKE HENDRIKS, is de frou fan Jochum Aukes yn De Kompenije en is 26 jier. Hja wurdt ûntslein. Hja waerd biskuldige fan stellen. (347-29-4-1796)
CLAESKE KLASEN, yn De Kompenije en berne to Mildam is 33 jier, en wurdt ûntslein. Har man Jacob Oenes sit foar slûkjen 7 jier yn 't tichthús. Nou hat hja 31-12-1795 in bern to wrâld brocht en dat soe fan har kostgonger Albert Arends Crom wêze. Hja hâldt út dat it fan har man is, by hwa't se geregeld yn 't tichthús kaem. (368-31-5-1798)
KOBUS JURJENS to Westergeast is berne to Kollum en 23 jier. Op 4-2-1797 hat er meidien oan de reboeljes. Ek mei west nei 't hûs fan Abele Keuning. Dy hat er ûtflokt en in dúst yn 't boarst jown, ensfh. Strang gisele en 3 jier tichthús. (362-25-11-1797)
COENE ARENDS, fan Kollum, berne to Steggerda, is 30 jier. Hy hat mei Wyt Tymens 4 skiep stellen. Twa dossiers. Wurdt 5 jier band. (474-16-6-1809 en 457-22-10-1807, dan 29 jier)
COENRADI, NICOLAAS JACOBS to Urterp is berne to Wâldsein en 22 jier, wurdt ûntslein. Hy soe roppen ha fan oranje boppe en briefkes rounjown om ris by elkoar to kommen. Hy wie in soan fan Jacob Nicolaas Coenradi. (356-1-6-1797)
COERTS, MARTEN JANS yn De Kompenije ûnder Jobbegea is 21 jier en 2 jier band. (31-3-1800) Komt earder werom en kriget 2 jier tichthús. Nei syn ûntslach wer earder werom kommen fan hwat er noch togoede hie. Kriget 1 jier tichthús. (408-9-11-1802)
KOK, Klaas Jacobs op It Hearrenfean is berne yn De Kúnder en 30 jier. Hy hat mei ArendtjePhilippus libbe as man en frou. Yn de nacht fan 18 op 19-12-1810 hat hja in bern oerwoun. Der hat oars net ien by west as hja togearre en it soe dea berne wêze. Strang gisele, 7 jier tichthús en 10 jier band. (490-22-2-1811)
KORNELIS BAUKES, to Burgum is him mei syn broer Jouke to bûten gien. Op sneintojoun 26-1-1806 binne hja tokear gien by Aaltje Uilkeswidd. Jan Jacobs Smidtje. Hja woe har der net yn ha, en doe ha se de doar yntrape, en is it daliks op in fjochtsjen gien. Hy sei dat er dyselde dei duvel wurden wie "en dat hy zoo veel lust tot kloppen hat, dat hem de bonken rattelden". Hy moat earst 8 dagen op wetter en brea en dan 3 jier band. (441-13-3-1806)
CORNELIS CLAESSEN, skuonmakkersfeint to Driesum is 26 jier. Yn 'e nacht fan 16 op 17 july in koer mei bijen stellen. Kriget 2 jier tichthús. (222-20-10-1774)
CORNELIS JANS, fan Feanwâlden hat mei Sjuik Harkes in mannich "dorre elsen boommen" stellen. Moat 8 dagen op wetter en brea. (276-21-2-1788)
CORNELIS KEIJMPES, fan It Hearrenfean wurdt ûntslein. Hja bi-skuldigen him fan ynbraek en stellen op 9-12-1710 by snider Jan Arents, doe’t dy de middeis nei tsjerke wie. Hy ûntstriidt it fûl. (26-16-12-1710)
CORNELIS SJOERDS, arbeider to Drachten is 46 jier en berne to Surhuzum. Hy is de man fan Antje Melles, 48 jier. Yn 'e nacht fan 15 op 16-5-1801 hat er mei Simme Sjoerds oan it stellen west. Ut de skuorre fan Minte Pieters to Drachten N. 2 ljippen hjouwer stellen en to Grins pelle litten ta groat. Fan 30 op 31 maeije út Jan Sakes Veenstra, minnist, syn fearhús hiel hwat spullen stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (396-20-6-1801)
CORNELIS SJOERDS, to Garyp is 22 jier. Hy hat Peaske 17621 út de bijestâl fan Sipke Hendriks dêr, in koer mei bijen stellen. By Antje Feijteswidd. Romke Bruins, dy't yn in diel fan in hûs wenne, der’t ek Sjoerd Sjoerds en har, de âlden fan Cornelis, wennen, noch al it ien en oar stellen. Strang gisele en 5 jier tichthús. (180-22-1-1763)
CORNELIS TIJSSEN, berne to Aldeboarn is 42 jier.Op freed 17-1-1806 kaem er by Hessel Geerts to Ikkerwâld. Der mocht er de nachts yn 't bûthús yn 't strie sliepe. Hat dêr dy nachts stellen. Op 20-1-1806 kaem er tsjin skimerjoun byLuitjen Ypes to Driesum. Der mocht er yn 't heafek sliepe en hat foar tank de lju bistellen. Mei 4 roeden strang gisele, 1 jier tichthús en 5 jier band. (440-1-2-1806) Komt binnen de tiid werom en moat yn 3 wike twaris in wike op wetter en brea en dan wer band. (450-18-2-1807)
CORNELIS TJEPKES, to Surhústerfean is 51 jier. Hat to Herbaijum en Hitsum hiel hwat by elkoar stellen. Strang gisele en 7 jier tichthús. (346-30-1-1796)
CORNELIS WYTSES, fan Finkegea is op freed 7-7-1719 dêr de jouns gien nei it hûs fan de stelling Geert Jans. Is der ûngemurken yn 'e hûs slagge. De kast iepenbrutsen en "elf beerdmanties schellingen, 2 gouden knopen" ensfh stellen. Hy seit dat er troch de iepensteande "Banserdeur" der ynkommen is. Hy soe komme to kealbisjen. Yn de keamer hie er hielendal net west. Hy wurdt dan ek ûntslein. (56-21-10-1719)
CORNELISKE JACOBS, wid. Heere Gerrits Boon te Drachten N. is 47 jier en hat roun to biddeljen. Moat yn 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (284-7-10-1788) Yn 1791 hat hja stellen by de doarpsrjochter Jan Roels Nicolaij to Droegeham. Strang gisele en 3 jier tichthús. (319-29-11-1791) Tongersdei 13-2-1794 wer roun to biddeljen en stellen. Strang gisele en 3 jier tichthús. (332-22-2-1794)
CORNELISKE JANS, yn de Kompenije is 17 jier. Hat hiel hwat spullen stellen fan in widdou dy't har út meilijen ûnderdak jown hie. Twa jier tichthús. (241-6-2-1781) Mei har suster Johanneske, 19 jier, roun to biddeljen. Moat 14 dagen op wetter en brea. (251-30-4-1783). Ek hat hja in bern oerwoun, dat nou 6 jier is en in famke dat nou in goed jier is. Hat wer roun to biddeljen en hat sutele mei lietsjes en almanakken,. ensfh. Mei oaren hat hja oan it stellen west. Strang gisele en 7 jier tichthús. (317-9-7-1791) Hat wer roun to biddeljen en stellen, as widd. fan Luitjen Klases. Hja wie in dochter fan Jan Paulus. Strang gisele en 3 jier tichthús. Hja soe nou 47 jier wêze. (441-8-3-1806)
CORNELISKE JOHANNES, is berne to Wolvegea. Hat as faem wenne by dûmny Johannes Drage to Pietersbierrum en der likernôch 50 goune stellen. Fan dat jild hat hja Lutske Wierds de frou fan skipper Arjens, 10 goune meijown, om foar har yn Frjentsjer in "silveren beugel en tas" to keapjen. Hja wie in dochter fan Jannes Jans en Lammechie Jans, dy't har 30-4-1747 to Sonnegea dope lieten. Strang gisele en 6 jier tichthús. (191-18-10-1766)
KORT, Jacob Oenes yn De Knipe is 40 jier. Hy hat mei P. P. Kuiper en oaren oan it slûkjen west en de chergers bidrige. Kriget 7 jier tichthús. (333-5-4-1794)
KRAAIJER, SJOUKJE JOHANNES yn De Kompenije hat mei Gooitsen Martens oan it nachtbiddeljen en sûpen west. Hja hiene elk in houn by har. Hy wie 35 jier en op 5-1-1779 wiene hja op stap gien. Hy hie it út earmoede foar frou en bern dien. Mar hwat hja oprounen waerd daliks yn drank omset. Strang gisele. (236-6-1-1779)
CHRISTINA PIJTERS, to Skuorregea, hat mei Anthony Paulus, Johannes Josephs en Hillebrand Oedes op sneon 19-12-1761, elk wapene mei in kneppel der op út west. Hja giene nei 't hûs fan skipper Matthijs Freerks, âld 50 jier. Doe't dy syn frou, Wypk Tjalkes, âld 48 jier, by de doar kaem wie it daliks dek op, sadat hja foar dea lizzen bleauw. Doe't Matthijs en syn soan Freerk har gûlen heard hiene, spatten dy der op ta en ha har ta de doarren útslein. Moat 14 dagen op wetter en brea. (177-29-3-1762)
KROM, Jippe Jacobs, is 50 jier en syn frou Antje Wybes 45 jier. Hy is berne to Nijehoarne en wennet yn De Kompenije. Yn de nacht fan 13 op 14 april hat er hiel hwat by elkoar stellen fan Jantje Jochums to Aldeberkeap. Yn de nacht fan 21 op 22 april fan Klaas Lippes to DuerswaId, idem. En fan 6 op 7 maeije, doe snapten hja him. Wurdt 5 jier band. (465-8-7-1808)
KUIJPER, JAN JANSEN to Nijeholtpea wurdt ûntslein. Hy soe in koer mei bijen stellen ha. Hy wit fan neat, doetiids is er nea yn dy omkriten west. (226-18-10-1775)
KUIPER, Pieter Pieters yn De Knipe is goed 20 jier. Hat op 10-12-1793 mei oaren oan it slûkjen west en it mei de chergers oan ‘e stôk krige. Strang gisele en 5 jier tichthús. (333-5-4-1794)
KWAST,HENDRIK fan Sint Jansgea is 46 jier. Hy hat út it bosk ûnder Haskerhoarne fan Vegelin van Claerbergen "gesneeden eenige voek, boegels". Hy is op ‘e die bitrape en kriget 1 jier tichthús. (332-24-2-1794)
_L_
LAMMERT ABELS, to Blesdike moat 2 jier sitte. Yn dit dossier sit in printe stik mei 4 ûnderskate listen. It iene giet oer in gefal dat in faem to Blesse in bern forwachte en de skuonmakker Pieter Cuiper har doe trouwe moast. Mar letter kaem út, dat it bern fan Ysbrand Jochums wie. Hy hie it stilswijen fan de skuonmakker kocht foar f 162. -- Dêr hie Harke Sjoerds in stik fan opmakke, ensfh. Lammert hie mei Claes Berents Bongel oan it slûkjen west. (99-29-5-1737)
LAMMERT ANNES, is 54 jier en de man fan Antie Harmens to Kollumersweach, by hwa in soan, Anne. Nou hat er it oanlein mei Geeske Jilkes, de frou fan Jacob Aukes. Ek soe er tienen wylgen stellen ha. Omdat syn frou by him weiroun wie, seit er, hie er Geeske yn 'e hûs nommen om foar him to lapjen en to naeijen, mar stellen hie er net, sa seit er. Kriget 11 jier tichthús. (269-11-1786)
LAMMERT FEIJES, to Urterp en berne to Wynjeterp is 14 jier. Hy hat "een Testament of Psalmboek uijt de Wijnieterper schole" stellen. Dat wie it eigendom fan master Wijtse Tjeerds. Hy hat it brocht oan 't hûs fan syn broer Jan. Kriget 5 jier tichthús. (46-21-10-1717)
LAMMERT GEERTS, to Kollum hat by Eelse Meints , boer op Follingahûs ûnder Kollum wenne. Doe't er in kear hielendal allinne thús wie, hat er it kammenet iepenbrutsen en der jild út stellen. Kriget 2 jier tichthús. (209-13-3-1771)
LAMMERT GEERTS, yn De Kompenije is 25 jier. Op 1-9-1796 is er gien nei it hûs fan Janke Beernts de frou fan Jan Coenes dêr. Ynbrutsen en 3 sulveren gaspen, in swietemolketsiis, en oare spullen stellen. Strang gisele, brânmerke en 5 jier tichthús. (354-11-3-1797)
LAMMERT HENDRIKS, fan Drachten hat "een meenigte birken pooten" út it stik heidefjild fan Hendrik en Wybe Jans Mekkes stellen. Kriget 1 jier tichthús. (310-23-6-1790)
LAMMERT HENDRIKS, to Tsjalbert is 16 jier. Hy hat in fûke stel-len en dy foar 15 stûren forkocht. Yn de tiid fan 3 wike twaris in wike op wetter en brea. (275-15-11-1787)
LAMMERT HENDRIKS, alias Lammert soldaet fan De Kompenije ûnder Skuorregea. Yn de nacht fan 1-5-1792 fan Sijtse Hendriks, mr. brouwer to Burgum, in hoanne en 4 hinnen stellen "alle goudlakens van veer en met swarte toppen op de kop". Ek hat er op in oar syn gerjochtichheit oan "het pooten plukken" west. Kriget 3 jier tichthús. (328-23-4-1793)
LAMMERT RUTGERS, is berne to Teridzert en wennet to Alde-haske, is 38 jier. Op tiisdei 3-12-1805, biselskippe fan syn broer, mei syn kofskipke nei Minnertsgea fearn en dêr syn turf forkocht. Dêrmei klear hat er likernôch 100 kuorfol "gele winter aardappelen" in greate soarte, stellen en dy foar it greatste part yn De Haske forkocht. Mei 4 roeden strang gisele en 3 jier band. (439-21-12-1805)
LAMMERT TIEBBES, to Eastermar "dat de gev. in geselschap van 70 a 80 pers. op 18-2-1708 is geweest omtrent Driemunt gaende de weg na RottefalIe" . Hja ha de chergers drige mei moard en deaslach. Dy moasten foar de greate oermacht bilies jaen. Fan gefolgen kamen de slûke spullen sûnder oanjaen oer de grins. Gisele, brânmerke en 5 jier tichthús. (20-30-6-1708)
LAMMERT WIJBES, fan Rotsterhaule waerd 6-2-1697 foar slûk-jen foroardiele ta giseljen en 3 jier band. Op 11-12-1703 "is ge-comen van Nijenslijck tot Finkega". Hja wiene mei har njoggenen en it doel wie om spullen oer de grins to slûkjen. Doe't de chergers har oer it mad kamen, koene de oaren hakken opnimme. Hy en noch in man op jierren waerden snapt mei in fearnsanker brandewyn en 10 poun tabak. Strang gisele en 5 jier tichthús. (12-19-1-1704)
LAMKJEN MEILES, yn De Kompenije is 21 jier. (177-29-3-1762) Hja hat yn 1790 mei Gertje Meiles en Zijtske Johannes roun to biddeljen en to stellen. Moat 8 dagen op wetter en brea. (313-26-11-1790)
LEMKE MATHYSSEN, to Wolvegea en berne to Langwar is 32jier. Hja hat needhelp west by dûmny Rombartus Edema en is 13-11-1806 fuortgien. Beide âlde minsken wiene tsjin de njoggentich. Hja hat harren fan alles bistellen "een gouden beugel van draadwerk en van binnen besneden met lofwe